Bad Salzig is in lytse stêd oan de lofter kant fan de Ryn yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts en is sûnt 1975 part fan de gemeente Boppard.

Bad Salzig
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis
Stedsyndieling Boppard
Sifers
Ynwennertal 2.475 (2020)
Oerflak 4,2 km²
Befolkingsticht. 589 ynwenners/km²
Hichte 95 meter boppe seenivo
Oar
Postkoade 56154
Koördinaten 50° 12'N 7° 37' E
Kaart
Bad Salzig (Rynlân-Palts)
Bad Salzig

Bad Salzig leit oan de âlde romeinske wei fan Mainz nei Keulen. Op in Romeinske list út it jier 215 komt de namme Salissone foar, mar it net wis oft dêrmei Bad Salzig bedoeold waard. Yn it algemien wurdt de namme Salzachu yn in skinkingsdokumint út 922 fan kening Konrad I oan it sticht Sint-Ursula as de earste dokumintêre fernijing erkend. Yn it Rheinischen Landesmuseum yn Bonn binne twa âlde mylstiennen út de 3e iuw te sjen, dy't yn 1859 by Bad Salzig út de Ryn fiske binne.

Yn de folgjende iuwen bleaune de plakken om Boppard hinne frij, oant kening Hindrik VII it gebiet krige en it yn 1327 oan syn broer, aartsbiskop Boudewyn fan Trier, oerdroech. Oan de ein fan de 15e iuw ûntstie der yn Salzig reboelje tsjin it karfoarstendom Trier, mar de opstân mislearre.

Salzig die skea op ûnder frjemde hearskers yn de Tritichjierrige Kriich (1618–1648), tidens ynfallen fan de troepen fan Loadewyk XIV fan Frankryk yn it Rynlân (1688-1689) en de Frânske besetting yn de jierren 1794-1814.

Nei it Kongres fan Wenen yn 1815 falt de skiednis fan Salzig oer it generaal mei dy fan Prusyske Rynprovinsje (1822) gear.

 
Mittelrhein-Klinik

Foar de ekonomy fan it plak wie benammen it iepenjen fan in kuerbedriuw tige wichtich. De sâlte swefelhâldende boarnen wiene al langer bekend, mar yn 1899 slagge it de boarnen te eksploitearjen. Nei ferskate kearen besykjen koe der op in djipte fan 449 meter waarm termaalwetter fan 28° C. oppompt wurde. De tafoeging "Bad" krige Salzig net earder dan yn 1925. Foarhinne wie der in soad wynbou om Salzig hinne. Hjoeddedei hawwe fruchtbeammen en benammen kersebeammen de wynstokken ferfongen. Wichtich foar de ekonomy fan Bad Salzig is ek it bedriuw Sebapharma, dat ûnder de namme Sebamed medisinale produkten foar de hûd- en lichemsfersoarging produsearret.

Op 31 desimber 1975 ferlear Bad Salzig syn selsstannigens en waard it by de nije gemeente Boppard foege.

Krekt as in protte oare plakken in de Midden-Ryndelte hat Bad Salzig mei in sterke efterútgong fan it bewennertal te meitsjen. Yn 1973 hie it plak noch 3.434 ynwenners, mar dat is tsjintwurdich al ûnder 2.500 sakke (2020).

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
De Egidiustsjerke
  • De gruttendiels neogotyske katolike Egidiustsjerke (Dútsk: St. Ägidiuskirche) hie foargongers, wêrfan't de earste op de 10e iuw werom gyng. Fan de patroanhillige fan de tsjerke is yn it heechalter in houten byld út de 14e iuw ferarbeide. Yn it koar binnen trije letgoatyske ramen te sjen. It rjochter finster byldet de needhelper Egidius út; de twa oare finsters út deselde tiid litte de doop fan Kristus en Kristus tusken twa ingels sjen. It fesperbyld yn it lofter sideskip datearret út de 15e iuw.
  • Oan de Bopparder Straße stiet in krusigingsgroep út de 19e iuw.
  • Yn 2008 waard yn it kultuer- en ferieningssintrum "Alter Bahnhof" in streekmuseum iepene.

De Rheinburgenweg rint troch it kuerpark fan Bad Salzig, in kuierrûte (Traumschleife) dy't yn noardlike rjochting Boppard en yn súdlike rjochting Hirzenach troch hôven mei fruchtbeammen rint en moaie útsichten biedt oer de Ryn en de twa kastelen "Die feindliche Brüder" (oers.: de fijannige bruorren). Sûnt de simmer fan 2012 is der ek in 10,5 km. lang kuierpaad oer de rotseftige Hochlay nei de yn 2014 ree kommen 27,4 meter hege útsichttoer "Fünfseenblick" en dan fierder de berch op oer de Fleckertshöhe. Dêrnei giet it paad wer nei ûnderen ta troch de hôven fan it Weilerbachtal, lâns it útsichtspunt "Betende Nonne"" en troch Weiler om úteinlik te einigjen yn it kuerpark fan Bad Salzig.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Bad_Salzig