Barbarijsk grûniikhoarntsje

It Barbarijske grûniikhoarntsje (Latynske namme: Atlantoxerus getulus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae), de tûke fan 'e stikeliikhoarntsjes (Xerini) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e Barbarijske grûniikhoarntsjes (Atlantoxerus). Dizze soarte komt foar yn noardwestlik Afrika en waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1758, troch Linnaeus.

Barbarijsk grûniikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai Barbarijske grûniikhoarntsjes (Atlantoxerus)
soarte
Atlantoxerus getulus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     lânseigen ferspriedingsgebiet
     yntrodusearre troch de minske as eksoat

Fersprieding

bewurkje seksje

It Barbarijske grûniikhoarntsje libbet oan 'e westkust fan Marokko en yn it uterste noardwesten fan 'e Westlike Sahara, en fierders yn it Atlasberchtme fan súdlik, sintraal en noardlik Marokko en fierder it binnenlân yn oant yn Algerije. Dit bist is wat misneamd, mei't Barbarije eins ferwiist nei de Middellânske-Seekust fan 'e Magreb (noardwestlik Afrika), dêr't er no krekt net foarkomt. It is de iennichste iikhoarntsjesoarte dy't yn Afrika boppe de Sahara libbet.Yn 1965 waard it Barbarijske grûniikhoarntsje yntrodusearre op it Kanaryske eilân Fuerteventura, dêr't er sûnt florearret as eksoat.

 
It Barbarijske grûniikhoarntsje yn in yllústraasje by in Ingelsktalige beskriuwing út 1820.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

It Barbarijske grûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 16-22 sm, mei in sturt fan gelikense lingte en in gewicht fan oant 350 g. De pels is koart en rûchhierrich, mei in griisbrunige oant readbrunige rêch en in grizige bealch. De rêchkleur wurdt ûnderbrutsen troch twa wite streken dy't yn 'e lingterjochting oer de fangen rinne mei soms noch ien dy't oer de wringe rint. De lange plomsturt is yn 'e lingterjochting swart en grizich streke.

Barbarijske grûniikhoarntsjes jouwe de foarkar oan keale rotsgrûn yn bercheftige kriten, mar komme ek foar yn biotopen fan drûch subtropysk en tropysk lân mei strewelleguod en tuskenbeiden greidlân. Soms libje se ek yn lânbougebieten. Yn 'e bergen binne se oantroffen oant op 4.000 m hichte.

 
De fruchten en sieden fan 'e arganbeam (Argania spinosa) foarmje in grut diel fan it menu fan it Barbarijske grûniikhoarntsje.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

It Barbarijske grûniikhoarntsje libbet yn koloanjes fan famyljegroepen, dy't ûndergrûnske hoalen of rotsspjalten bewenje. Hoewol't de oanwêzichheid fan in wetterboarne ien fan 'e basisbehoeften fan dit bistke is, mijt er yrrigearre ikkers. Moarns ier en jûns komt er foar 't ljocht om nei fretten te sykjen, mar it hjitste part fan 'e dei bringt er yn syn hoale troch. Hy fret benammen plantaardich guod, en fral de fruchten en sieden fan 'e arganbeam (Argania spinosa) foarmje in wichtich diel fan syn menu. De wyfkes smite twaris jiers in nêst fan 1-4 jongen. As der troch tanommen populaasjedruk itenskrapte ûntstiet, dan ferfarre Barbarijske grûniikhoarntsjes soms nei oare kontreien, mar fierders is har aksjeradius frij beheind.

It Barbarijske grûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't syn populaasje stabyl liket te wêzen en om't er yn syn natuerlike ferspriedingsgebiet oant op hichten fan 2.000 m noch rûnom foarkomt, al is er talriker boppe de 2000 m. Wat fierder oft eastlik oft men yn syn ferspriedingsgebiet komt, wat seldsumer oft er wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.