Berthold Entens

(Trochferwiisd fan Bartold Entens)

Barthold Entens fan Mentheda, ek wol Berthold Entens, (1539 - 27 maaie 1580), wie in Grinslanner wettergeus en jonker út de omkriten fan Grins, dy't it besit hie oer Middelstum en Dorwert. Wie in fjochtersbaas en bestried as luitenant-kapitein de Spanjerts dêr't er koe. Weage as wettergeus in soad lângongen yn Fryslân. (Noardeasthoeke, It Amelân en Warkum).

Barthold Entens van Mentheda yn 1572

Barthout, of Bartholt Entens wie in grut tsjinstanner fan it roomsk-katolisisme en de prekers dêrfan. Nei de Slach by Heiligerlee yn 1568 bruts by Entens hielendal de bân en terrorisearre hy ferskate roomske kleasters, lykas op Rottum. Hy ferlei syn oandacht nei it Waad, hâlde hûs op Flylân en Skylge en ferovere ferskate keapfardijskippen yn de perioade 1569-1570.

Hy foege him om 1571 by de wettergeuzen en wie by de Ynname fan Den Briel en Flissingen. Yn juny 1571 krige hy it kommando oer in float fan 30 skippen om Dordrecht yn te nimmen. Entens die dêrnei mei oan it Belis fan Goes (1572), wat op neat útrûn en bleau dêrnei op Walcheren, dat plondere waard.

Yn 1577 waard Entens troch Willem fan Oranje weromstjoerd nei syn bertestreek Grinslân. Dêr krige hy it befel oer in garnizoen yn de stêd. Op in jûn dat Entens dronken hie, stuts hy syn holle út in sjitgat doe't der krekt in kanonskûgel yn syn rjochting ôfsketten waard. Sa rekke er dea.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A.Kluit - Historie der Hollandsche staatsregering tot aan het jaar 1795 I (Amsterdam, 1802), pp. 518-519
  • A.P. Bijl - Een prince van Oraengien
  • Ronald de Graaf - Oorlog mijn armen schapen
  • Marcel Tettero: Entens
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Entens, Barthold.