Basilyk fan Us Leaffrou fan Scherpenheuvel
De Basilyk fan Us Leaffrou fan Scherpenheuvel is in beafeartsplak yn it Belgyske plak Scherpenheuvel. It is it meast wichtige beafeartsplak fan it lân.
Us-Leaffrouwebasilyk | ||
Lokaasje | ||
lân | Belgje | |
provinsje | Flaamsk-Brabân | |
plak | Scherpenheuvel | |
koördinaten | 50° 58' N 4° 58' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Mechelen-Brussel | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1607-1627 | |
boustyl | renêssânse barok | |
Webside | ||
Side Scherpenheuvel | ||
Kaart | ||
Scherpenheuvel wie eartiids in útbuorren fan it oanbuorjende Zichem, mar troch de oanrin fan pylgers waard it plak yn e rin fan 'e tiid wichtiger as Zichem. Yn 1605 krige Scherpenheuvel stedsrjochten. Tagelyk waard Scherpenheuvel oanlein mei grêften en in grûnplan fan in sânpuntige stjer, mei yn it sintrum de basilyk.
Skiednis
bewurkje seksjeOant de 17e iuw bliuwt de skiednis fan Scherpenheuvel dizich. Yn 'e 14e iuw soe der in krúsfoarmige iik stien ha, dêr't yn de 16e iuw in mirakuleus Marijebyldsje yn set waard. It Marijebyldsje ferdwûn en waard tsjin 'e ein fan 'e 16e iuw ferfongen troch it hjoeddeiske byld. De beafeart nei Scherpenheuvel sette fral sûnt it begjin fan 'e 17e iuw útein.
Ek de aartshertoch Albrecht fan Eastenryk en syn frou Isabella hiene grutte ynteresse yn Scherpenheuvel. Hja makken de bou fan in stiennen kapel yn 1603 mooglik en joegen út tankberens dat Scherpenheuvel yn katolike hannen bleau yn 1607 de opdracht ta bou fan in tsjerke, dy't yn 1627 troch de aartsbiskop fan Mechelen ynwijd waard. Scherpenheuvel waard in selsstannige parochy en de earste pastoar stifte foar it behear fan it beafeartsplak in kleaster. It kleaster krige yn 1630 fan Isabella it tafersjoch op de oanlis fan 'e stêd. De Marijeferearing brocht de stêd grutte wolfeart, mar yn de Frânske tiid folge it kleaster it lot fan oare kleasters mei in twongen sluting. It kleaster waard foar it measte ôfbrutsen en in lyts diel bleau stean om ferpacht te wurden as buorkerij.
Paus Pius IX karde yn 1872 de kanonike kroaning fan it genedebyld fan Scherpenheuvel goed. De tsjerke waard troch paus Pius XI de status fan basilica minor ferliend. Sûnt 1952 stiet de tsjerke op de monumintelist. Op 15 maaie 2011 waard yn in hillige misse in troch paus Benediktus XVI skonken Gouden Roas oan de basilyk oerlange.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe basilyk leit yn in stjerfoarmich park en is de âldste koepeltsjerke fan 'e Lege Lannen. It sânhoekige grûnplan fan de tsjerke ferwiist nei it hillige getal sân. It is yn 'e tsjerke foar in barok gebou nochal tsjuster, dat hat komt om't de heldere 17e-iuwske ramen yn 'e 19e iuw ferfongen binne troch brânskildere neogoatyske.
It goed 40 sintimeter hege genedebyld stiet sûnt 1850 yn in sulveren nis boppe it tabernakel, op it plak dêr eartiids de iik stie dêr't it byld fereare waard. Ta oantinken fan 'e iik krige it haadalter in bekroaning fan in iik fan hout en izer. De tsjerke jout ûnderdak oan ferskate keunstwurken, lykas de barokke alterskilderijen fan Theodoor van Loon (1581-1649) en bylden fan de bruorren De Nole. It doopfont datearret fan 1610.
It trijemanualige oargel waard yn 1775 troch Egidius-Franciscus Van Peteghem boud. Ferbouwings fûnen plak yn 1858 en 1959.[1]
De toer stiet op in wat nuver plak oan 'e eastlike kant fan 'e tsjerke. It oarspronklike plan wie om de likernôch 50 meter hege toer ôf te sluten mei in koepel, mar dat plân waard nea foltôge. Yn 'e toer hinget in kariljon fan 49 klokken. De oarspronklike klokken waarden troch Frânske revolúsjonêren fernield troch se fan 'e toer te smiten.
Yn it park om 'e tsjerke hinne is in krúswei, dy't healwei de 19e iuw oanlein waard. It 17e-iuwske arkadegebou oan it ein fan 'e krúswei foarme de eardere tagong nei it kleaster. Boppe de arkaden leit in gong, dy't 80 meter lang en foar in part ûnderierdsk is. Fan it oarspronklike kleaster is net in soad oerbleaun.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|