Bear Island (Temagami-mar)
Bear Island is in eilân yn 'e Temagami-mar yn it sintrale part fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario. It leit yn it distrikt Timiskaming op 46°98′06″ noarderbreedte by 80°06′89″ westerlingte. Bear Island hat in oerflak fan 4,7 km² en is dêrmei it op ien nei grutste eilân yn 'e Temagami-mar, nei it eilân Temagami. It grutste part fan Bear Island leit binnen de grinzen fan it plattelânsdistrikt Joan Township, dêr't ek it Joan-skiereilân ta heart, dat mear nei it noardwesten ta leit.
Bestjoerlik foarmet Bear Island sûnt 1971 it Bear Island Reservaat 1, it Yndianereservaat fan 'e Temagami Earste Naasje (Temagami First Nation). Dat is in pleatslike Odjibwe-stamme, wêrfan't de leden fuortkomme út 'e Teme-augama Anishnabai-troep (de namme betsjut "Folk fan it Djippe Wetter"), dy't al sûnt minskewitten yn 'e krite fan 'e Temagami-mar tahâldt. It eilân foarmet mar in lyts part fan it tradisjonele wen- en jachtgebiet fan 'e Teme-augama Anishnabai, dat yn totaal sa'n 10.000 km² beslacht. Ut argeologyske fynsten hat bliken dien dat Bear Island al om 1000 f.Kr. hinne minsklike bewenning hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |