Berjocht:Side fan de wike 2019/wike 14
Barradiel (Nederlânsk en offisjeel: Barradeel) is in eardere gemeente yn it noardwesten fan Fryslân, oan 'e kust fan 'e Waadsee. Dizze gemeente hie yn 1980 in befolking fan 6.657 minsken, en besloech in oerflak fan 61,1 km². Barradiel bestie as bestjoerlike ienheid al fan 'e fjirtjinde iuw ôf en omfieme ûnder mear de krite fan De Bjirmen. De gemeente hie in dúdlik eigen identiteit ûntwikkele, mei in eigen, justjes ôfwikende foarm fan it Klaaifrysk: it Bjirmsk. Der bestie dan ek fûleindich ferset tsjin 'e plannen om 'e gemeente op te heffen, mar ta einbeslút mocht dat net bate en gie Barradiel yn 1984 fierhinne op yn it nije Frjentsjerteradiel, wylst lytsere dielen taheakke waarden oan It Bilt en Harns.