Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 47
Robert De Niro (Ingelske útspr.: [də 'nɪəɹoʊ], likernôch: "duh nea-roo"; Italjaanske útspr.: [de 'ni:ro], likernôch: "dee nii-roo"; folút: Robert Anthony De Niro jr.; New York, 17 augustus 1943) is in Amerikaansk akteur, regisseur en filmprodusint fan mingd, mar foar it meastepart Italjaansk etnysk komôf. Hy spilet gauris yn misdiefilms, en wurket datoangeande faak gear mei regisseur Martin Scorsese. De Niro begûn syn karriêre as akteur yn 1963 en briek yn 1974 troch mei syn rol as de jonge Vito Corleone yn The Godfather Part II, fan regisseur Francis Ford Coppola. Foar dy rol wûn er in Oscar foar bêste byrol fan in akteur. Yn 1980 wûn er boppedat in Oscar foar bêste akteur mei syn rol as bokser Jake LaMotta yn Raging Bull, in film fan Scorsese.
Oare bekende dramafilms dêr't De Niro yn spile, wiene Taxi Driver, Once Upon a Time in America, The Deer Hunter, Cape Fear, The Mission, Goodfellas en The Untouchables. Ek wied er te sjen yn komeedzjes as Analyze This, Meet the Parents, Meet the Fockers, The Intern en Dirty Grandpa. Njonken twa Oscars hat De Niro foar yndividuele films ek in Golden Globe, in Sulveren Bear en in Satellite Award wûn, en foar syn hiele oeuvre de Cecil B. DeMille Award en de Gouden Liuw foar it Oeuvre fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. Fierders waard De Niro yn 2016 de Presidinsjele Frijheidsmedalje takend. Hy wurdt beskôge as ien fan de bêste akteurs fan syn generaasje.