The Untouchables (film)

The Untouchables is in Amerikaanske histoaryske plysje- en misdiefilm út 1987 ûnder rezjy fan Brian De Palma. De haadrollen waarden fertolke troch Kevin Costner en Sean Connery, ûnderstipe troch Robert De Niro, Andy García en Charles Martin Smith yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "De Unoanrekberen", en ferwiist nei de bynamme fan in Amerikaanske plysje-ienheid, dy't yn 'e iere 1930-er jierren yn Chicago aktyf wie om neilibbing fan 'e Drûchlizzing ôf te twingen. De leden dêrfan wiene 'ûnoanrekber' yn 'e sin dat it de maffia net slagge harren om te keapjen om't se net korrupt wiene. It ferhaal folget Eliot Ness, in spesjaal agint fan it Amerikaansk Ministearje fan Finânsjes, en syn mannen yn syn striid tsjin 'e suver almachtige gangster Al Capone. The Untouchables krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Connery wûn mei syn rol yn 'e film sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur. De filmmuzyk fan Ennio Morricone waard bekroane mei in BAFTA en in Grammy Award.

The Untouchables
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Brian De Palma
produsint Art Linson
senario David Mamet
basearre op The Untouchables fan
   Eliot Ness en Oscar Fraley
kamerarezjy Stephen H. Burum
muzyk Ennio Morricone
filmstudio Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Kevin Costner
Sean Connery
byrollen Robert De Niro
Andy García
Charles Martin Smith
Billy Drago
Patricia Clarkson
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 2 juny 1987
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske plysjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 119 minuten
budget en resultaten
budget $25 miljoen
opbringst $106,2 miljoen
prizen 1 × Oscar
1 × Golden Globe
1 × Grammy Award
1 × BAFTA

Yn 1930, ûnder de Drûchlizzing yn 'e Feriene Steaten, behearsket maffiabaas Al Capone yn Chicago it smokkeljen en de ferkeap fan yllegale alkohol. Dêrmei wurdt er sa ryk en kriget er safolle ynfloed, dat er de hiele stêd hast nei syn pipen dûnsje litte kin. Eliot Ness, in spesjaal agint fan it Bureau of Prohibition (in foarrinder fan 'e hjoeddeistige ATF), dat ressortearret ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Finânsjes, wurdt nei Chicago ta stjoerd mei de opdracht om Capone ûnder fuotten te heljen en yn it tichthûs te stopjen. Syn earste besykjen om in grutte lading yllegale alkohol yn beslach te nimmen mislearret lykwols op spektakulêre wize as de maffiabaas yn 't foar warskôge wurdt troch korrupte leden fan it Chicago Police Department. Om't er sa wis fan syn saak wie dat er de media útnûge hie om tsjûge fan 'e ynfal te wêzen, einiget it barren mei in ôfgong foar Ness. Fan gefolgen hat eltsenien neitiid de gek mei him.

Nei in tafallige moeting mei de Amerikaan fan Iersk komôf Jimmy Malone, dy't op âldere leeftyd noch altyd mar sljochtwei plysjeman is om't er in hekel oan korrupsje hat en dêrom troch syn korrupte superieuren net befoardere wurdt, beslút Ness in spesjale ienheid gear te stallen fan lju dy't net omkocht wurde kinne. Dêr freget er Malone foar, mar dy is yn 't earstoan ôfhâldich, om't de leden fan sa'n ienhied sûnder mis it doelwyt fan moardoanslaggen fan Capone syn ûnderhearrigen wurde sille. Uteinlik stimt er lykwols dochs ta. Om foar te kommen dat se korrupte plysjeminsken binnenhelje, stelt Malone foar om streekrjocht nei de plysjeskoalle te gean. Dêr rekrutearje se de jonge skerpskutter en Amerikaan fan Italjaansk komôf Giuseppe Petri, dy't syn namme feroare hat yn George Stone om net assosjearre te wurden mei de maffia. As fjirde lid jout Oscar Wallace him by de ienheid, in boekhâlder dy't troch syn superieuren yn Washington, D.C. oan Ness tawiisd is.

Op basis fan ynformaasje dy't Malone wit te besetten, dogge de fjouwer mannen in ynfal yn in postkantoar, dat in fasade blykt te wêzen foar ien fan Capone syn opslachplakken fan sterke drank. Dêr konfiskearje se de hiele foarrie en arrestearje se alle oanwêzigen. Neitiid krije Ness-en-dy foar it earst positive publisiteit yn 'e media, dy't harren 'De Unoanrekberen' begjinne te neamen, om't se ûnomkeapber binne. By in gearkomste fan 'e lieding fan syn organisaasje slacht de opljeppende Capone letter de baas fan 'e yn beslach nommen drankopslach dea mei in honkbalkneppel by wize fan warskôging oan syn oare setbazen om net te falen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wallace, dy't yn 'e boekhâlding fan Capone dûkt, ynsafier't dy bekend is, ûntdekt dat Capone al yn gjin jierren ynkomstebelesting betelle hat. Om't de maffiabaas nea streekrjocht yn ferbân brocht wurde kin mei de moarden en oare misdriuwen dy't yn syn namme begien wurde, oppenearret Wallace it idee om him oan te kleien foar belestingûntdûking. Ness wurdt opsocht troch in lid fan 'e gemeenteried fan Chicago, dy't him besiket om te keapjen, wêrby't op subtile manear ek in warskôging fan Capone oerbrocht wurdt dat dyselde der net foar tebekskrilje sil om plysjeminsken út 'e wei te romjen. Mar Ness makket de man yn net mis te fersteane bewurdings dúdlik dat er gjin jild fan 'e maffia oannimme sil. Letter wurdt Ness foar syn hûs opwachte troch Frank Nitti, in hiermoardner fan Capone, dy't Ness syn frou en bern bedriget. Dêrop lit Ness syn gesin ûnderdûke.

Ness-en-dy reizgje yn it fleantúch nei de grins fan 'e Feriene Steaten mei Kanada, dêr't de measte yllegale alkohol wei komt. By in mienskiplike aksje mei de Keninklike Kanadeeske Beriden Plysje (RCMP) oerfalle se dêre in dranktransport dat de grins oer komt. Dêrby wurde tsientallen gangsters deasketten en wurdt in George, ien fan Capone syn boekhâlders, oppakt. George hat ferskate grutte kasboeken by him, mar wegeret te fertellen wêr't de ôfkoartings foar steane dy't dêryn brûkt wurde. Dêrop sjit Malone in gangster (dy al dea is) troch de holle om George (dy't mient dat er noch libbe) bang te meitsjen. Neitiid stimt George deryn ta om mei te wurkjen en tsjûge te wurden yn in proses tsjin Capone.

Nei harren triomfantlike weromkear yn Chicago sil Wallace George eskortearje nei in ûnderdûkadres, mar noch ear't se it plysjeburo ferlitte kinne, wurde se allebeide yn 'e lift deasketten troch Nitti. Ness is alhiel breinroer oer de dea fan syn maat en set nei Capone ta om dyselde mei de moarden te konfrontearjen, mar Malone skuort him mei dêrwei foar't Capone syn mannen Ness deasjitte kinne. Neitiid fiteret er Ness oan om foar te kommen dat de ofsier fan justysje de oanklachten tsjin Capone ynlûke sil no't der gjin tsjûgen mear binne, mei't er sels noch in izer yn it fjoer hat. It docht bliken dat Malone syn eardere ynformaasje oer de drankopslach yn it postkantoar krigen hie fan plysjekommissaris Mike Dorsett, dy't himsels troch Capone omkeapje litten hat. De man besiket lykwols beide kanten te bespyljen, en hat Wallace en George ferret oan Nitti. Troch him yninoar te slaan twingt Malone Dorsett om te fertellen wêr't Walter Payne is, de haadboekhâlder fan Capone.

Neitiid praat Malone mei Ness en Stone ôf yn syn appartemint, mar ear't dy beiden dêr arrivearje kinne, wurdt Malone troch Nitti mei in Tommygun delmeand. Ness en Stone treffe him stjerrend oan, mar foar't er oan syn ferwûnings beswykt, kin er harren noch fertelle hokker trein Payne nimme sil om Chicago te ferlitten, sadat er oan 'e deifurding fan 'e ofsier fan justysje ûntkomme kin. Ness en Stone bejouwe har nei Union Station, it sintraal stasjon fan Chicago, dêr't yn 'e lobby op 'e monumintale treppens in sjitpartij útbrekt tusken harren en de gangsters dy't Payne bewekje. Ness en Stone sjitte alle gangsters dea en nimme Payne finzen, wylst se tuskentroch noch it libben fan in pjut rêde dy't mei bernewein en al by de treppens del rôlet. Payne stimt ta om tsjin Capone te tsjûgjen om't by it fjoergefjocht yn it treinstasjon bliken dien hat dat syn 'liifwachten' eins opdracht hiene om him te deadzjen as it derop liek dat er arrestearre wurde soe.

By it proses tsjin Capone merkt Ness op dat Nitti, dy't yn it publyk sit, in pistoal by him hat. Hy en in parketwacht eskortearje Nitti út 'e rjochtseal en besykje it fjoerwapen te konfiskearjen, mar Nitti blykt in bryfke by him te hawwen dêr't op stiet dat er de persoanlike tastimming fan 'e boargemaster fan Chicago hat om te allen tide in pistoal by him te dragen. Se moatte dêrom it wapen weromjaan, mar mank Nitti syn oare besittings ûntdekt Ness in kartonnen lusifershâlder mei dêrop it wenadres fan Malone. Hy beseft dat Nitti dejinge is dy't syn freon fermoarde hat. As Nitti foar it ferstân kriget wat Ness ûntdutsen hat, lûkt er syn pistoal, sjit de parketwacht del en naait út. Ness set mei de revolver fan 'e parketwacht de efterfolging yn. Dy liedt de beide mannen nei it plat dak fan it gerjochtsgebou, dêr't Ness Nitti úteinlik te pakken kriget. Nitti is derfan oertsjûge dat er gau wer frijkomme sil. Mei't er himsels feilich waant yn 'e ferûnderstelling dat Ness alles neffens de regels docht, bespot er Malone troch te sizzen dat dy gilde as baarch doe't er stoar. Dêrop smyt Ness him fan it dak fan it gebou. As Nitti in gjalp jout wylst er te pletter falt, ropt Ness him efternei: "Klonk dat ûngefear sa?"

Neitiid jout Stone oan Ness in list dy't er yn 'e binnenbûse fan it kolbêrjaske fan Nitti fûn hat, dat efterbleaun wie op 'e gong bûten de rjochtseal. Dêrop steane de leden fan 'e sjuery fan it proses tsjin Capone mei namme en tanamme fermeld en dêrby it bedrach dat se foar har omkeaping ûntfongen hawwe. De rjochter wegeret dat lykwols foar wier oan te nimmen. Dêrop freget Ness oft er de rjochter eefkes ûnder fjouwer eagen te wurd mei. Neitiid oarderet de rjochter de parketwachten om 'e sjuery yn it proses tsjin Capone om te wikseljen mei de sjuery yn 'e oanbuorjende rjochtseal, dêr't in rjochtsaak oer in skieding oan 'e gong is. As de ofsier fan justysje oan Ness freget wat er tsjin 'e rjochter sein hat om dizze ommekear yn syn hâlden en dragen te feroarsaakjen, antwurdet Ness dat er de rjochter wiismakke hat dat dy syn namme ek yn it kasboek fan Capone stie (wat net sa is, mar wat blykber wol kinnen hie, de reäksje fan 'e rjochter yn acht nommen).

Nei de ferwikseling fan 'e sjuery feroaret Capone syn abbekaat de bewearing fan ûnskuld fan syn kliïnt yn in skuldbekentenis, ta razernij fan Capone sels. De maffiabaas wurdt úteinlik ta alve jier finzenisstraf feroardiele. De deis dêrnei slút Ness syn kantoar yn Chicago om werom te kearen nei Washington, D.C. Hy nimt ôfskie fan Stone en jout him it medaljon fan 'e hillige Judas fan Malone. As er it plysjeburo ferlit, seit in sjoernalist tsjin him dat it regear neffens de gerochten de drûchlizzing ôfskaffe sil. Hy wol witte wat Ness dwaan sil as dat bart. Ness antwurdet: "Ik leau dat ik dan earst in slokje nim."

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Kevin Costner yn 2016.
 
Sean Connery yn 1983.
 
Robert De Niro yn 1988.
 
Andy García yn 2009.
haadrollen
personaazje                            akteur/aktrise
spesjaal agint Eliot Ness Kevin Costner
Jimmy Malone Sean Connery


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Al Capone Robert De Niro
George Stone/Giuseppe Petri Andy García
Oscar Wallace (basearre op Frank J. Wilson) Charles Martin Smith
Frank Nitti Billy Drago
Catherine Ness Patricia Clarkson
kommissaris Mike Dorsett Richard Bradford
Walter Payne Jack Kehoe
George Brad Sullivan
gemeenteriedslid Del Close
ofsier fan justysje Clifton James
sjoernalist Steven Goldstein
kaptein fan 'e RCMP Robert Swan
frou Blackmer Colleen Bade
barkeeper John J. Walsh
famke by ûntploffing Aditra Kohl
sjauffeur Vito D'Ambrosio
plysje Preseuski Don Patrick Harvey
dochterke fan Ness Kaitlyn Montgomery
tafersjochhâlder sjitbaan Greg Noonan
ynspekteur Anderson Peter Aylward
Williamson Kevin Michael Doyle
omkesizzer fan Malone Sean Grennan

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

The Untouchables waard regissearre troch Brian De Palma nei in senario fan David Mamet dat basearre wie op The Untouchables, de autobiografy dy't Eliot Ness yn 1957 mei help fan ghostwriter Oscar Fraley skreau. De Palma wie letter beskieden oer syn eigen rol by it meitsjen fan 'e film, en sei in moanne nei de premiêre yn in fraachpetear dat er inkeld it materiaal foarmjûn hie dat Mamet oanlevere. As produsint wie Art Linson by it projekt belutsen foar de filmstudio Paramount Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $25 miljoen.

Foar de rol fan Eliot Ness hie regisseur Brian De Palma oarspronklik Don Johnson op it each, de stjer fan Miami Vice, in ferneamde plysjesearje út 'e 1980-er jierren. Dat waard lykwols neat, en neitiid wiisde Mickey Rourke de rol fan Ness ek ôf, sadat dy úteinlik nei Kevin Costner gie. Costner wie doedestiden noch ûnbekend, en syn rol yn The Untouchables foarme foar him de grutte trochbraak.

De Palma frege Robert De Niro om yn syn film de rol fan 'e beruchte maffiabaas Al Capone te spyljen. De Niro rette him op dy rol ta troch in protte oer Capone te lêzen en âlde filmbylden fan 'e man te besjen. Hy betong in ekstra sêne foar himsels as Capone, dy't net yn it oarspronklike skript stie. Om in oertsjûgjende Capone te spyljen, kaam De Niro 14 kg oan. Neffens De Palma siet de akteur bot yn oer de foarm fan syn gesicht yn ferhâlding ta dat fan Capone.

Foar it gefal dat De Niro ôfseach fan 'e rol as Al Capone, naam De Palma al ier kontakt op mei de Britske akteur Bob Hoskins, dy't er hawwe woe as ynfaller, foar it gefal dat dêr ferlet fan wêze soe. Doe't De Niro him úteinlik kontraktueel fêstlei, stjoerde De Palma Hoskins in sjek ta ter wearde fan £20.000 foar syn tiid en muoite. Dêrop skille Hoskins op om De Palma te freegjen oft er ek noch oare films hie dêr't hy (Hoskins) net yn hoegde te spyljen.

De kamerarezjy fan The Untouchables wie yn 'e hannen fan Stephen H. Burum. De opnamen setten op 18 augustus 1986 útein yn Chicago. Der waard filme op ferskate histoaryske lokaasjes yn 'e stêd, wêrûnder Chicago Union Station (de ferneamde sêne mei de sjitpartij by de treppens en de omleech rôljende bernewein). De sêne by de grinsoergong tusken de Feriene Steaten en Kanada waard (net oan 'e eigentlike grins) opnommen by in brêge oer de Missoery by Cascade yn Montana. Dy brêge waard fan 6 oant en mei 20 oktober fanwegen de opnamen ôfset foar trochgeand ferkear. Pleatslike bewenners dy't goed hynsteride koene, waarden ynhierd om 'e Kanadeeske mounties te spyljen. It filmjen fan 'e sêne naam tsien dagen yn beslach. Hûnderten taskôgers mochten tasjen út in oanbuorjend fjild wei en waarden freonlik begroete troch Sean Connery.

Postproduksje

bewurkje seksje

Yn 'e postproduksje waard û.m. de filmmuzyk tafoege. Dy wie komponearre en dirigearre troch de ferneamde Italjaanske komponist Ennio Morricone.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan The Untouchables waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 2 juny 1987 yn New York yn premiêre, wêrnei't er op 3 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene.

Fan 'e filmkritisy krige The Untouchables oer it algemien positive resinsjes. Sa neamde Vincent Canby fan The New York Times de film "in ferpletterjend wurk", dat neffens him "fulgêr, gewelddiedich, grappich en soms sa prachtich is dat it jin de siken benimt." Yn it tydskrift Time skreau Richard Schickel: "Mamet syn elegante skript fergriemt gjin wurd en [regisseur] De Palma fergriemt gjin shot. It resultaat is in wurk mei in grutte massa en in protte laachjes, dat him fuortbeweecht mei in wisse, twangmjittige enerzjy."

Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times hie lof foar de aksjesênes en de lokaasjes yn The Untouchables, mar karde it senario fan Mamet en de rezjy fan De Palma ôf. Fral de portrettearring fan Al Capone as in arrogante en frijwat bernige persoan, sasear sels dat er him yn it iepenbier en yn 'e rjochtseal misdraacht, fûn Ebert in grutte teloarstelling. Yn The Washington Post wie Hal Hinson it mei him iens, dy't skreau: "De Palma syn belangstelling foar film as in fisueel medium is syn ynstinkt foar it fertellen fan ferhalen alhiel oermânsk wurden. Hy liket him inkeld noch drok te meitsjen om syn eigen styl." Dêr heakke er oan ta: "Op 'e iene of oare manear stiet it spektakulêre guod, dat er hjir op it grutte skerm útkoarret, ús tsjin."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Untouchables in goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 57 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er glêd fan uterlik is, mar smoarfol keunstsinnige tierelantyntsjes sit, biedt dizze klassike gangsterskriller fan Brian De Palma in skerpsinnige blik op 'e histoaryske misdie yn Chicago, mei treflike aktearprestaasjes fan in earsteklas cast." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Untouchables in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 16 resinsjes.

The Untouchables brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $76,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $30,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $106,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $25 miljoen betsjut dat in winst fan $81,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 1988 waard The Untouchables by de Oscars nominearre foar prizen yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste orizjinele filmmuzyk (Ennio Morricone), bêste kostúmûntwerp (Marilyn Vance) en bêste produksje-ûntwerp (Patrizia von Brandenstein, William A. Elliott en Hal Gausman). De film wûn de Oscar foar bêste byrol fan in akteur, dy't nei Sean Connery gie foar syn rol as Jimmy Malone.

By de Golden Globes waard Ennio Morricone ek nominearre foar syn filmmuzyk, mar de iennichste priis dy't The Untouchables dêr wûn, gie wer nei Connery foar bêste manlike byrol. Yn it Feriene Keninkryk, dêr't men Skotske en Ierske aksinten útinoar ken, wie men folle minder sjarmearre fan it optreden fan Connery as in Iersk-Amerikaanske plysjeman mei in dúdlik Skotsk aksint; de lêzers fan it tydskrift Empire keazen by in opinypeiling yn 2003 syn rol yn The Untouchables út as "minste filmaksint aller tiden".

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard The Untouchables yn 1988 nominearre foar de prizen foar bêste byrol fan in akteur (Connery), bêste kostúmûntwerp en bêste produksje-ûntwerp. Morricone wûn de BAFTA foar bêste filmmuzyk. Hy wûn dêrfoar ek de Grammy Award, de wichtichste Amerikaanske muzykpriis. Fierders waard The Untouchables ek nominearre foar de Frânske César du Cinéma, de Italjaanske David di Donatello en de Japanske Priis fan 'e Akademy foar bêste bûtenlânske film.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.