Dirty Grandpa
Dirty Grandpa is in Amerikaanske gross-outkomeedzjefilm út 2016 ûnder rezjy fan Dan Mazer, mei yn 'e haadrollen Robert De Niro en Zac Efron. De titel betsjut "Fize Pake". It ferhaal giet oer Jason Kelly, in keurige jongeman dy't op it punt stiet te trouwen mei de bazige, folle-easkjende dochter fan in kollega fan syn heit, as er troch syn pake op sleeptou nommen wurdt nei spring break yn Floarida. De âldman, dy't koartby widner wurden is, blykt syn wylde hierren noch net ferlern te hawwen. Dirty Grandpa krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, fan wa't ferskaten it de minste film neamden dy't se ea sjoen hiene. Nettsjinsteande dat wie de film kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.
Dirty Grandpa | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Dan Mazer | |
produsint | Bill Block Michael Simkin Jason Barrett Barry Josephson | |
senario | John M. Phillips | |
kamerarezjy | Eric Alan Edwards | |
muzyk | Michael Andrews | |
filmstudio | BillBlock Media Josephson Entertainment QED International | |
distribúsje | Lionsgate Films | |
spilers | ||
haadrollen | Robert De Niro Zac Efron | |
byrollen | Zoey Deutch Aubrey Plaza Julianne Hough Jason Mantzoukas Jeffrey Bowyer-Chapman Dermot Mulroney | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 22 jannewaris 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | gross-outkomeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 102 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $11,5-25 miljoen | |
opbringst | $105,2 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeJason Kelly is in jonge abbekaat yn Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, dy't op itselde abbekatekantoar wurket as syn heit David. Hy sil oer in wike trouwe mei Meredith Goldstein, de tsjeppe mar bazige en folle-easkjende dochter fan ien fan 'e eigners fan it abbekatekantoar. Jason syn beppe is koartby stoarn en syn 72-jierrige pake Dick, in feteraan út it Amerikaanske Leger, wol dat Jason him nei Boca Raton yn Floarida riidt, om Stinky, in âlde legermaat fan him, op te sykjen. Dick syn eigen rydbewiis is okkerdeis ynnommen fanwegen syn minder wurdende eagen, dat hy moat in sjauffeur hawwe. Meredith, dy't djip yn 'e tariedings foar de trouwerij sit, is it net mei de gong fan saken iens, mar se kin Jason net bêst mei goed fatsoen ûntsizze om syn behoeftige âlde pake te helpen, dat knarsetoskjend leit se har by it útstapke del.
As Jason Dick de moarns fan harren ôfreis thús ôfhelje sil, trappearret er de âldman op in potsje masturbearjen foar in pornofilm. Pake docht krekt as is der neat oan 'e hân, en Jason besiket mei ynmoed te ferjitten wat er sjoen hat. Underweis moetsje se yn in weirestaurant Shadia, in âld-klasgenoate fan Jason fan doe't er noch foar fotograaf learde. (Dat wie nammentlik syn passy foar't syn heit him beprate om abbekaat te wurden.) Shadia wurdt beselskippe fan in freondinne, de sletterige Lenore, dy't in swak foar âldere manlju hat en fuort seksuele belangstelling kriget foar Dick. Dyselde beäntwurdet har belangstelling folút en makket Shadia en Lenore wiis dat hy in heechlearaar is en Jason in profesjoneel fotograaf foar it foaroansteande tydskrift Time. Ear't se útinoar geane, praat Dick ta argewaasje fan Jason mei de famkes ôf yn it baaiplak Daytona Beach.
Letter dy deis stekke Dick en Jason oan by in golfbaan om in rûntsje te golfen. Dick blykt lykwols mear oandacht te hawwen foar in pear oantreklike froulike golfers as foar de sport. Nei't Jason derfoar soarge hat dat de froulju útnaaie, krije pake en pakesizzer spul. Dêrby makket Dick dúdlik dat er mear as fjirtich jier troud west hat mei Jason syn beppe, en dat er har al dy jierren trou west hat, ek doe't se siik rekke en tsien jier mei kanker wraksele. Sadwaande is it no al fyftjin jier lyn dat er foar it lêst seksuele omgong hân hat mei in frou. Beppe hat him op har stjerbêd yndruid dat er nei har ferstjerren fierder moast mei syn libben, en dat is persiis wat Dick fan doel is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Tsjin betterwitten yn riidt Jason syn pake nei Daytona Beach, dêr't it in drokte fan belang is om't harren besyk midden yn spring break falt. Op it strân moetsje se Shadia en Lenore wer, mar de fammen wurde beselskippe troch harren freonen Cody en Brah, dy't Jason en Dick fuort as rivalen sjogge. Dick bepraat Jason om mei te dwaan oan bierdrinkwedstryd. Dêrby besiket er de konkurrinsje út te skeakeljen troch in stikmannich Xanax-tabletten yn in beker mei bier te dwaan, mar Jason, dy't dêr neat fan wit, is dejinge dy't dy beker leechdrinkt. Yn 'e mande mei de alkohol bringt dat him aardich fan 'e kaart, en as er dy jûns op in feest ek noch by fersin crack smookt dy't oanbean wurdt troch de joviale pleatslike drugsdealer Pam, reitsje by him alle remmen los. Inkeld klaaid yn in taske yn 'e foarm fan in hoarnbij, dat syn skamstreek bedekt, docht er mei oan in polonêze, wêrnei't er útnaait op in stellen motorfyts.
De oare moarns wurdt Jason mei in reuseftige kater wekker op it strân, dêr't in pjut belangstelling kriget foar de hoarnbij en him dy fan it liif skuort. De heit fan in jonkje beskôget Jason as in pedofyl dy't it mei jonge bern besiket oan te lizzen, en skillet de plysje, dy't him fuortendaliks arrestearret. Nei't Dick jild ynlein hat sadat er op boarchtocht frijkomt, jout Jason him de skuld fan it hiele fiasko. Nettsjinsteande dat riidt er syn pake dy deis nei Boca Raton foar it besyk oan Stinky. Dat blykt no lykwols in âld krebintich mantsje te wêzen mei in leveroandwaning dy't noch mar in pear moannen te libjen hat en ferpleegd wurdt yn in tehûs foar palliative soarch. Hy freget Dick om fuort te gean, om't er net wol dat dy sa oan him weromtinke sil.
Neitiid bepraat Dick Jason om him werom te bringen nei Daytona Beach. De moeting mei Stinky hat him derfan oertsjûge dat er alles út it libben helje moat no't er dat noch kin. Jason, dy't begrutsjen mei syn pake hat, jout ta. Yn Daytona Beach moetsje se Shadia en Lenore wer. Op it strân wurdt in ymprovisearre amateurbodybuilderswedstryd organisearre troch Pam de drugsdealer, dêr't Cody en Brah as team oan meidogge. Dick en Jason nimme it tsjin harren op, en troch de útsûnderlik sterke ynhouten fan 'e âldman steane se ek noch op it punt om te winnen. As Jason lykwols sjocht dat it publyk foto's fan harren nimt, naait er út, mei't er syn karriêre as abbekaat en syn houlik mei Meredith net yn gefaar bringe wol. Cody en Brah winne sa de wedstryd om't de tsjinpartij it opjout, mar Dick ûntdocht in T-shirtkanon fan syn befeiligingsmeganisme en sjit in blik bier op harren ôf, wêrmei't er de beide jongemannen it sikehûs yn helpt. Jason wol witte hoe't syn pake, in simpele monteur yn it Amerikaanske Leger, dingen as it modifisearjen fan in T-shirtkanon sa hurd even dwaan kin. Dan bychtet Dick op dat er gjin monteur wie, sa't hy en beppe harren bern altyd fertelden, mar dat er eins by de kommando's siet en dat er misjes efter de linys fan 'e fijân útfierd hat fan Fjetnam oant Irak.
No't Cody en Brah yn it sikehûs lizze, ornearret Dick dat se gjin ferlet mear hawwe fan har hotelkeamer, dat hy en Jason lûke dêryn. Dy jûns geane se mei Shadia en Lenore nei in nachtklub, dêr't Bradley, de ferweakke homoseksuele freon fan 'e fammen, lestichfallen wurdt troch in groepke mannen. Dick daget harren út ta in fjochtpartij op it parkearterrein, dêr't er Jason opofferet om in ôflieding te foarmjen, wylst er sels fluch en sûnder swierrichheden mei de tsjinstanners ôfweeft. De oare deis besiket Jason in protestgearkomste mei de maatskiplik belutsen Shadia, dy't him fertelt dat se mei koarten in jier fuort sil op in skip foar in protestmisje.
It sit Jason net lekker dat Shadia, ta wa't er him oanlutsen fielt en dy't dúdlik ek belangstelling foar him hat, noch altyd mient dat er in profesjoneel fotograaf is en der alhiel gjin aan fan hat dat er mei koarten trouwe sil. Dy jûns beslút er om har de wierheid te fertellen, mar ûnderwilens binne Cody en Brah út it sikehûs kommen. Troch bûsehifkjen besette dy beiden it rydbewiis fan Dick, en in koarte syktocht op it ynternet foarsjocht harren fan alle ynformaasje dy't se nedich hawwe. As Jason en Dick dy jûns by de froulju komme, docht bliken dat Shadia en Lenore troch tadwaan fan Cody en Brah alles al oer harren witte. Shadia fielt har bedondere, mar Lenore mei it wol lije as manlju har bedrage en fielt har dêrom krekt noch sterker ta Dick oanlutsen. Dat it rydbewiis fan Dick noch jildich blykt te wêzen, komt foar Jason as ûnferwachts nijs. Cody en Brah stopje him drugs yn 'e bûse en skilje de plysje, dat Jason wurdt op 'e nij arrestearre en bringt wer in nacht yn 'e sel troch.
De oare deis, as Dick op 'e nij boarchtocht foar him betelle hat, fertelt de âldman him dat er foarhinne altyd fuort wie, en dat er dêrtroch in weardeleaze heit west hat foar Jason syn heit David. Dy is dêrtroch immen wurden dy't Dick net lije mei, en hy is bang dat it mei Jason deselde kant útgiet. Hy hat syn hiele libben troch David útstippelje litten, te begjinnen mei de stúdzje rjochten dy't er folge hat wylst er eins fotograaf wurde woe, en einigjend mei syn houlik mei Meredith, dy't de dwersferkearde frou foar him is. Dat Dick syn pakesizzer meisleept hat op it reiske nei Floarida wie dêrom eins bedoeld om Jason fan syn foarnommen houlik ôf te bringen. In poerlulke en frustrearre Jason lit Dick efter en giet nei hûs.
Under de rippetysje foar de trouwerij, dêr't it neffens Meredith net sûnder kin, lit Dick it kompjûtersysteem hacke, wêrnei't er yn in rige bylden fan Jason en Meredith dy't oan 'e gasten fertoand wurde, in stikmannich yn ferlegenheid bringende foto's fan it spring break-feest yn Daytona Beach ynfoeget. Jason, dy't him oan dat punt ta meislepe litten hat troch Meredith, bekent har dan dat er net trochgean kin mei de trouwerij. Meredith is sa lulk dat se him taropt dat se ûnder syn reiske nei Floarida mei syn neef Nick op bêd west hat. Jason naait út en mei help fan Dick set er yn 'e iiskowein fan drugsdealer Pam ôf om Shadia yn te heljen foar't se foar in jier ôfset op it skip. Jason syn heit David besiket harren tsjin te hâlden, mar wurdt tasere troch Pam.
Nei in wylde rit mei Dick efter it stjoer, wêrby't se al rillegau efterfolge wurde troch de plysje, helje se de bus yn dêr't Shadia yn sit. Jason fertelt har dat syn houlik fan 'e baan is en dat er by har wêze wol. Sy jout him lykwols te kennen dat der in skip is dat se helje moat. Dêrop freget Jason har, op oantrúnjen fan Dick, oft er ek mei kin. Dat is in skot yn 'e roas, en Jason en Shadia tútsje inoar. As David it ferskil yn syn soan sjocht no't er mei Shadia is yn ferliking mei hoe't er wie mei Meredith, begrypt er einlings dat er mis west hat troch te besykjen om syn hiele libben te regeljen. Wylst Jason en Shadia tegearre yn har bus stappe, lizze David en Dick harren skeel by. As Dick letter thúskomt, treft er dêr Lenore oan, dy't him meinimt op bêd.
Yn in sêne dy't folget nei't de ôftiteling al begûn is, hâlde Jason en Shadia in poppe fêst dy't dooptt wurdt. It blykt lykwols dat sy net de âlden mar de peetâlden binne; de poppe is ien fan Dick en Lenore, en dêrom Jason syn omke.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Dick Kelly | Robert De Niro |
Jason Kelly | Zac Efron |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Shadia | Zoey Deutch |
Lenore | Aubrey Plaza |
Meredith Goldstein | Julianne Hough |
Pam | Jason Mantzoukas |
Bradley | Jeffrey Bowyer-Chapman |
David Kelly | Dermot Mulroney |
Cody | Jake Picking |
Brah | Michael Hudson |
Nick | Adam Pally |
plysje Gary Reiter | Henry Zebrowski |
plysje Jean Finch | Mo Collins |
Stinky | Danny Glover (cameo) |
Tyrone | Brandon Mychal Smith |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeDirty Grandpa waard regissearre troch Dan Mazer nei in senario fan John M. Phillips. As produsinten wiene Bill Block, Michael Simkin, Jason Barrett en Barry Josephson by it projekt belutsen foar de filmstudio's BillBlock Media, Josephson Entertainment en QED International. Foar de film wie in budget beskikber dat rûsd waard tusken de $11,5 en 25 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Eric Alan Edwards, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Michael Andrews.
Foar de rol fan Dick Kelly wiene Jeff Bridges en Michael Douglas yn omtinken nommen foar't Robert De Niro derfoar tekene. De opnamen setten op 5 jannewaris 2015 útein yn Atlanta en duorren oant 13 febrewaris. Neitiid waarden fan 27 april oant en mei 5 maaie de spring break-sênes noch opnommen op Tybee yn Georgia. De produksje waard op 9 maaie formeel beëinige, wêrnei't de postproduksje fan 'e film begûn.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Dirty Grandpa waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film gie op 22 jannewaris 2016 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Dirty Grandpa waard op 17 maaie fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Dirty Grandpa oer it algemien negative resinsjes, soms sa oerdreaun oanstellerich dat se op it hystearyske ôf wiene. Sa omskreau Nick Schager fan it tydskrift Variety de film as in "ferachtlik fiasko" en skreau Mike Ryan fan Uproxx: "Dirty Grandpa is de minste film dy't ik ea yn in bioskoop sjoen haw. Ferbaarne, dy boel." Yn Deadline Hollywood skrau Pete Hammond: "Dirty Grandpa is net allinne de minste film dêr't [Robert De Niro] ea yn spile hat, mar it soe skoan ek de minste film wêze kinne dêr't wa dan ek ea yn spile hat." Neffens Glenn McDonald fan Indy Week wie Dirty Grandpa "it komeedzje-ekwifalint fan martelporno" en "ien fan 'e minste films dy't ea makke is". De Britske filmkritikus Mark Kermode sei op 'e BBC-radio: "Nei't [ik] Dirty Grandpa [sjoen hie], fielde ik my echt fiis, [en] woe ik in dûs nimme, om't [de film] gewoan sa walchlik is." Ek Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times, dy't de film 0 fan 5 stjerren taparte, fûn Dirty Grandpa de minste film fan 2016.
In serieuzere resinsje kaam fan Jesse Hassenger fan The A.V. Club, dy't Dirty Grandpa in 6 joech op in skaal fan 1 oant 10. Hy fûn de film "muoisum" en hie krityk op it senario en de rezjy, mar joech in positive reäksje op it aktearjen fan Aubrey Plaza, oer wa't er skreau: "Sy en De Niro lykje ree om tegearre út te naaien nei in bettere film." Yn 'e Kanadeeske krante The Globe and Mail joech Kate Taylor Dirty Grandpa 2 fan 4 stjerren, en murk op: "It is de rezjy, en net it senario, dy't de film de dea docht, mei't Mazer mar trochstrompelet fan 'e drinkwedstryd nei de healneakene polonêze nei de auto-efterfolging sûnder ea it laitsjen dêr't er om ferlegen sit út 'e komyske sitewaasjes te heljen of de spanning dêr't er felet fan hat út 'e dramatyske ûntwikkelings." Neffens Taylor wie de film net leaf genôch of net grouwélich genôch, krekt wat je woene.
Peter Bradshaw fan The Guardian joech de Dirty Grandpa 2 fan 5 stjerren en die ferslach dat de film "wat hilariteit en ek wat ûnbedoelde walging" oproppe soe. Oer de rol fan Robert De Niro skreau er: "Dizze gross-outkomeedzje nimt De Niro-fans mei nei in nije emosjonele faze dy't ik inkeld oantsjutte kin as 'de wanhoop foarby'. We kinne gjin ferbjustering of ôfgriis mear fiele […]. We hawwe ús der gewoan ferdôve by del lein dat de grutte man trochgiet mei it dwaan fan sokke dingen."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Dirty Grandpa in leech goedkarringspersintaazje fan 11%, basearre op 134 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Krekt as in rjemmebûterbabbelder dy't yn in rioelputsje falt, fertsjintwurdiget [de film] it soargeleas omknoffeljen mei in klassyk talint [d.w.s. De Niro] dat ienris miljoenen minsken genietsje liet." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Dirty Grandpa in goedkarringspersintaazje fan 21%, basearre op 27 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeDirty Grandpa brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $35,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $69,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $105,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan, op syn meast, $25 miljoen, betsjut dat in winst fan $80,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Yn 'e Amerikaanske bioskopen ûnderfûn Dirty Grandpa konkurrinsje fan The 5th Wave, dy't tagelyk útkaam.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |