Gross-out, ek skreaun as grossout en gross out, is in subsjenre fan 'e komeedzje, benammen op it mêd fan films, mar ek wol op 'e telefyzje. De namme is Ingelsk, fan it tiidwurd to gross out, dat "walging oanjeie" betsjut. Films en programma's fan dit soarte binne bedoeld is om it publyk oan it laitsjen te krijen troch de minsken te skokken mei grappen dy't smaakleas of simpelwei ûnsmaaklik binne. Dêrby kin men tinke oan toilethumor en grappen dy't te krijen hawwe mei koarjen, sperma en oare saken op it mêd fan seks, lykas, net selden, masturbaasje. Fral yn 'e Feriene Steaten, dêr't it publyk tige keken is, kin ek gewoane neakenens al brûkt wurde om te skokken.

Gross-outfilms befetsje yn 'e regel neakenens dy't net nedich is foar it fertellen fan it ferhaal, ûnreälistyske agresje, benammen foar besittings oer, en in protte leedfermaak. De films binne ornaris rjochte op in jonger publyk fan tusken de 16 en 24 jier (yn Nederlân). Yn 'e Feriene Steaten moat men oer it algemien 18 jier wêze om sokke films sjen te meien. Faak steane gross-outfilms dêr ek bleat oan sinsuer. Foarbylden fan bekende gross-outfilms binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.