American Pie 3: The Wedding

film út 2003 fan Jesse Dylan

American Pie 3: The Wedding, ek bekend as American Pie: The Wedding en as American Wedding, is in Amerikaanske gross-out-komeedzje út 2003 ûnder rezjy fan Jessie Dylan, mei yn 'e haadrollen Jason Biggs, Seann William Scott en Alyson Hannigan. De titel betsjut "Amerikaanske [Apel]taart 3: De Brulloft". De film is it trêde (en oarspronklik as lêste bedoelde) diel fan 'e American Pie-filmsearje en folget as sadanich op American Pie 2, út 2001. It ferhaal folget Jim Levenstein en syn maten by de oanrin ta de brulloft fan Jim en syn faam Michelle Flaherty. As bliken docht dat Michelle in tsjeppe suster hat, Cadence, besykje Finch en Stifler allebeide om har oandacht te winnen. De nuvere kluchten dy't Stifler dêrby úthellet, bringe de hiele trouwerij yn gefaar. American Pie 3: The Wedding krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen tige kommersjeel súksesfol. In fjirde film, American Pie 4: Reunion, kaam út yn 2012.

American Pie 3: The Wedding
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jesse Dylan
produsint Chris Moore
Warren Zide
Craig Perry
Adam Herz
Chris Bender
útfierend
   produsint
Paul Weitz
Chris Weitz
Louis G. Friedman
senario Adam Herz
kamerarezjy Lloyd Ahern
muzyk Christophe Beck
filmstudio LivePlanet
Zide/Perry Productions
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Jason Biggs
Seann William Scott
Alyson Hannigan
byrollen Eddie Kaye Thomas
January Jones
Thomas Ian Nicholas
Eugene Levy
Debora Rush
Fred Willard
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 1 augustus 2003
foarm langspylfilm
sjenre gross-out-komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $55 miljoen
opbringst $231,5 miljoen
filmsearje
filmsearje American Pie
● foarich diel American Pie 2
● folgjend diel American Pie 4: Reunion

As se út te iten binne yn in djoer restaurant, wol Jim Levenstein syn faam Michelle Flaherty in houliksoansiik dwaan. Lykas altyd eamelet er der mar wat yn om, en dan skillet syn heit Noah him op mei it berjocht dat er de ferlovingsring thúslizze litten hat en inkeld in leech ringdoaske by him hat. Mar haw gjin noed, want Noah is mei de ring ûnderweis nei it restaurant. Underwilens misbegrypt Michelle Jim folslein en mient se dat er harren sekslibben wat pikanter hawwe wol. Dat, ear't er har tsjinhâlde kin, dûkt se ûnder de tafel om him dêr op datseldichste plak oraal te befredigjen. Noah komt opdaagjen mei de ring en nimt oan dat Michelle eefkes nei it húske is. Hy stelt fêst dat Jim mar frijwat in kleur hat, wat grif fan 'e senuwen komt. Hy stelt foar dat Jim even nei bûten giet foar wat frisse lucht, en as Jim dat ôfwimpelet, skuort er him "foar syn eigen goederbêst" fan 't plak om mei. Dan docht bliken, ta ôfgriis fan Noah en alle oare iters yn it restaurant, dat Jim mei in ereksje sit en broek en ûnderbroek op 'e ankels hat. De reden dêrfoar wurdt dúdlik as Michelle ûnder de tafel wei komt. Jim lûkt de broek op en set it houliksoansiik troch, dêr't Michelle entûsjast tawurd op jout.

Jim en Michelle en Jim syn maten Kevin Myers en Paul Finch wolle Steve Stifler, in yrritante en troch seks obsedearre âld-klasgenoat fan harren, net op 'e brulloft hawwe. Dyselde hat nammentlik gjin sosjale remmings en hâldt en draacht him altyd op skandalige wize. Dat, se besykje de boel foar him geheim te hâlden. Stifler, dy't no sjauffeur fan 'e skoalbus en assistint-coach fan it Amerikaansk fuotbalteam op harren âlde middelbere skoalle East Great Falls High School is, kriget lykwols al rillegau lucht fan 'e op hannen wêzende trouwerij. Oan Jim dan de ferfelende taak om Stifler dúdlik te meitsjen dat er net wolkom is. Mar Stifler hat ûnderwilens fan Kevin en Finch begrepen dat Jim ûntychlik tsjin 'e brulloft opsjocht om't er net dûnsje kin. No wol it gefal dat Stifler as teenager ûnder twang fan syn mem trije jier op styldûnsjen sitten hat. As er oanbiedt om Jim dûnsjen te learen yn ruil foar in útnûging, jout dy ta. Stifler wol lykwols al de garânsje hawwe dat der foar him "wat te neuken falt" op 'e trouwerij. Jim seit dat er sjen sil wat er dwaan kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens wit Michelle dat Jim frijwat oer de brulloft ynsit, dat om him te sparjen, beävensearret se it meastepart fan 'e tariedings sels. As Jim merkt dat har wat dwers sit dat se net sizze wol, giet Finch undercover om har in dei te folgjen. Hy ûntdekt dat Michelle nearne in troujurk fine kin dy't har nei 't sin is. De jurk dy't se siket, is nammentlik inkeld te krijen yn Chicago, en dat is trije oeren riden út harren wenplak East Great Falls yn Michigan wei. Om har te ferrassen en ek om in wyt fuotsje te heljen by har âldelju Harold en Mary (op wa't er in net al te bêste earste yndruk makke hat doe't it liek as taaste er harren hûn seksueel oan), riidt Jim mei Kevin, Finch en Stifler nei Chicago. As se dêr by de breidswinkel komme dêr't it om giet, docht lykwols bliken dat de naaister, Leslie Summers, al klear is foar de dei en nei hûs gien is. De winkelbetsjinde wiist de jonges troch nei in rige nachtklubs dêr't Leslie gauris komt.

Dat, fjouweresom dûke Jim, Kevin, Finch en Stifler it nachtlibben fan Chicago yn, dêr't se allegearre in ferskillende nachtklub yngeane op 'e siik nei Leslie Summers. Sa bedarret Stifler sûnder dat er it sels troch hat yn in gaybar, dêr't syn wenstige lûdroftige en ûnfatsoenlike hâlden en dragen him yn konflikt bringt mei in mânske homo dy't Bear hjit. As Jim-en-dy har by Stifler foegje, docht bliken dat Leslie Summers eins in man is (ynstee fan in frou, sa't se mienden), en in freon fan Bear. Hy wegeret de troujurk foar Michelle te meitsjen omreden fan Stifler syn optreden. Hoewol't de frijwat homofobe Stifler neat fan homo's hawwe moat, kin er it net ferkropje as Bear seit dat er him net seksueel oanlutsen fielt ta him (Stifler). Dêrom daget er Bear út ta in dance-off, wêrby't er mei syn feardichheden op 'e dûnsflier it respekt fan 'e hiele kliïntêle fan 'e gaybar wit te winnen. Neitiid seit Leslie ta dat er de troujurk dochs meitsje sil. Bear flústeret Stifler, Kevin en Finch efter Jim syn rêch om ta dat er wol wat strippers ken dy't op Jim syn frijfeintefeest optrede kinne. As Jim, werom yn East Great Falls, oan Michelle fertelt dat er har de troujurk besoarge hat dy't se sa graach hawwe woe, is se alhiel feringele, en har âldelju stimme der einlings mei yn om by Jim thús del te kommen foar in diner mei syn trijen, sadat se wat better mei him yn 'e kunde komme kinne.

Michelle har jongere suster Cadence arrivearret de oare deis op it fleanfjild, dêr't se ôfhelle wurdt troch Michelle en Finch. Mei't se tige kreas is en in oplieding filosofy folget, is se krekt it type foar de elitêre en kultureel ferfine Finch. As Stifler har lykwols sjocht, beslút er dat dizze foar him is. Om te besykjen Cadence foar him te winnen, nimt er Finch syn korrekte en ferfine persoanlikheid oan. Finch ûntdekt lykwols dat Cadence folslein útsjoen is op dat slach jonges, wêrnei't er Stifler te fluch ôf besiket te wêzen troch Stifler syn ûnfatsoenlike fulgariteiten oer te nimmen. Cadence blykt harren allebeide tige fermaaklik te finen, wat it kompetative hâlden en dragen fan 'e beide jonges allinne mar oanmoediget. Ek spilet it âldsear tusken Stifler en Finch mei, dy't dochs al net goed kinne, om't Finch al twaris op bêd west hat mei Stiflers mem.

Stifler hifket Jim oer de jûn fan it frijfeintefeest sûnder dat te neamen om't it in ferrassing bliuwe moat, en Jim beswart him dat er dy jûns allinne is en neat te dwaan hat, om't er Stifler slite wol. Dat is nammentlik de jûn dat er Michelle har âldelju thús op besite kriget foar it diner. Stifler, Kevin, Finch, Bear en twa seksy blonde strippers, Fräulein Brandi en plysje-aginte Krystal, geane Jim syn hûs yn as hy fuort is om Michelle har âlden op te heljen, wêrnei't se alfêst mei it frijfeintefeest begjinne sûnder op him te wachtsjen. As Jim wer thúskomt mei Harold en Mary Flaherty, en de oaren harren misrekken begripe, ferskûlje se harsels op alderhanne plakken yn it hûs.

Jim kriget foar it earst troch dat der wat mis is as er Stifler efter in gerdyn gewaar wurdt. Bear, dy't yn 'e kelder om in gaadlike flesse wyn socht, komt sûnder euvelmoed de keamer ynpandere, wêrnei't Jim him foarstelt as de butler dy't er foar de jûn ynhierd hat, "menear Belvedere". Bear spilet it spultsje mei, wêrby't er syn efterkant hieltyd by Michelle har âlden weikeard hâlde moat om't syn learen broek de stuten bleat lit. Yn 'e koken ûntdekt Harold Flaherty op in hier nei de mei sûkelarjesaus ynsmaarde Finch yn in kokenkastke. As Fräulein Brandi, dy't ferklaait is as seksy skjinmakster mei in lyts skelkje en in plumo, har act fuortset en har topke útdocht om dat as stofdoek te brûken, fiert Finch, dy't him ûnderwilens wer oanklaaid hat, har gau-gau ôf. De ûntdekking, yn in fêste kleankast, fan Kevin, dy't yn syn ûnderbroek fêstbûn sit op in stoel, jout Mary Flaherty suver in hertfersakking, wêrnei't aginte Krystal opdûkt om Harold Flaherty der mei in rydswipe fan lâns te jaan en mei it gesicht yn har boarsten te drukken.

Stifler springt dan te foarskyn en nimt alle skuld op him, mei't it hiele, folslein mislearre toanielstikje neffens him bedoeld wie om Jim te helpen syn oansteande skoanâlden foar him te winnen. Mary en Harold Flaherty, dy't Stifler inkeld kenne as in aardige en trochfatsoenlike jonge, leauwe him fuort en Stifler wit, troch har oan ien stik wei foar te ligen, alles om te draaien, sadat er sels ek noch foardiel ûnderfynt fan it fiasko. Jim springt fluch by Stifler op 'e pakjedrager en wit fan Mary en Harold har seine oer it houlik tusken him en Michelle los te krijen. Syn skoanâlden kinne nammentlik net lulk bliuwe op immen dy't safolle muoite docht om aardich fûn te wurden.

Inkele dagen foar de trouwerij checke it breidspear en alle brulloftsgasten yn by in hotel-resort yn noardlik Michigan, dêr't it feestlik barren plakfine sil. Jim beslút Michelle noch in ferrassingskado te jaan troch syn skamhier ôf te skearen, dat er dêrnei út it rút fan syn hotelkeamer smyt. Ien ferdjipping leger wurdt it nei binne sûcht troch in fentilator, wêrnei't it útstruid wurdt oer Michelle, Michelle har mem, de caterer en de houlikstaart, dy't dan linea recta de ôffalcontainer yn kin. Michelle hat ûnderwilens noch soargen oangeande de brulloft. Se fynt it ferskriklik dat Jim syn beppe Levenstein har net yn 'e famylje akseptearje wol om't se net Joadsk is. Ek hat se twifels oer Stifler syn bemuoienissen mei wat foar har de moaiste dei fan har libben wurde moat, en kin se de wurden net fine om har gefoelens foar Jim te beskriuwen yn har trou-ûnthjit.

Op 'e jûn foar de brulloft liket Stifler einlings byt te hawwen mei Cadence. Hy giet nei de kuolling yn 'e koken fan it hotel, dêr't er in flesse sjampanje efteroerdrukt. As er Finch sjocht, wol er dyselde syn súkses even flink ynpiperje en dat docht er op 'e fulgêrst mooglike manear, net beseffend dat efter him Cadence de keamer binnenkommen is. Hja kriget foar it ferstân dat Stifler en Finch har hiel oars foardien hawwe as se eins binne, allinne mar om har op bêd te krijen. Fol walging keart se har fan 'e jonges ôf. Letter dy jûns docht bliken dat Stifler syn besyk oan 'e kuolling, dêr't ek alle blomstikken foar de brulloft yn steane, ûnfoarsjoene gefolgen hân hat. Om't er de elektrisiteitstafier nei de kuolling ûnderbrutsen hat, moast it systeem wer hielendal op 'e nij opstarte, wat betsjut dat de kuolling in healoere lang yn in sauna feroare is. De blomstikken binne dêrtroch allegear folslein ferwile rekke. Michelle, Cadence, Finch en Kevin keare har fan Stifler ôf, en sels Jim freget him no om 'e trouwerij te ferlitten en net werom te kommen.

Lykas er altyd docht, besiket Stifler yn 'e auto ûnderweis nei hûs de oaren de skuld op 'e lea te skowen foar syn eigen flaters, mar diskear wol dat mar net slagje. As er in blommesaak foarby komt, wurde syn skuldgefoelens him oermânsk en beslút er syn flater te ferhimmeljen. De winkel is sa let fansels al ticht, mar hy siket it adres fan frou Zyskowsky, de eigneresse, op, en riidt nei har hûs om har fan bêd te beljen. As er har freget alle blomstikken op 'e nij te meitsjen, jout hja him te ferstean dat soks gewoan net kin om't se der mei fjouwer assistinten twa dagen oan wurke hat. Stifler set lykwols troch en ropt de help yn fan Bear en de leden fan it Amerikaansk fuotbalteam fan 'e middelbere skoalle dat er coacht. De oare moarns ier wurde it breidspear en de brulloftsgasten wekker fan alle trelit as Stifler en al syn helpers yn 'e skoalbus de nije blomstikken besoargje. Jim en fral Michelle steane fersteld.

As teken fan berou langet Stifler in roas oer oan Cadence, dy't him beleannet mei in útnûging om har letter te moetsjen yn in foarriedkast, sadat se seks hawwe kinne. Stifler wurdt lykwols opholden trochdat Jim al syn tsjûgen by him ropt om harren te betankjen. Hy hastiget him neitiid nei de foarriedkast ta, net wittend dat Cadence fuortroppen is troch har mem, wylst Justin en John, in pear maten fan Jim fan 'e middelbere skoalle dy't op beppe Levenstein passe moasten, it sjegrinige âldminske yn har rolstoel yn 'e foarriedkast parkearre hawwe. Stifler syn seksuele avânses yn 'e pikketsjustere foarriedkast wurde entûsjast beäntwurde, dat hy beseft pas mei wa't er seks hat as Kevin en Finch de doar fan 'e kast iependogge om beppe Levenstein op te heljen. Nei har aventoerke mei Stifler is beppe in stik better te geniten, en hat se gjin beswier mear tsjin Jim syn houlik mei de net-Joadske Michelle. Underwilens hat Michelle sels in yngeand petear mei Jim syn heit Noah, waans goerie har helpt om einlings har trou-ûnthjit te skriuwen.

 
Jason Biggs.
 
Seann William Scott.
 
Alyson Hannigan.
 
January Jones.

Neitiid ferrint de trouwerij sûnder fierdere swierrichheden. Op 'e brulloft iepenje Jim en Michelle it dûnsjen mei ien dûns tegearre. Ta Michelle har ferrassing hawwe de lessen fan Stifler Jim ta in earsten dûnser makke. Stifler bringt de jûn troch mei Cadence, mar Finch bliuwt allinne, oant op 't lêst Stiflers mem arrivearret. Dan pike se gau tegearre út nei har hotelkeamer, dêr't se letter troch milfleafhawwers John en Justin fan it balkon ôf trappearre wurde (oant it rút beslacht), wylst se orale seks hawwe yn it bad.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jim Levenstein Jason Biggs
Steve Stifler Seann William Scott
Michelle Flaherty Alyson Hannigan


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Paul Finch Eddie Kaye Thomas
Cadence Flaherty January Jones
Kevin Myers Thomas Ian Nicholas
Noah Levenstein, Jim syn heit Eugene Levy
Mary Flaherty, Michelle har mem Deborah Rush
Harold Flaherty, Michelle har heit Fred Willard
Jim syn mem Molly Cheeck
Bear Eric Allen Kramer
Fräulein Brandi Amanda Swisten
plysje-aginte Krystal Nikki Schieler Ziering
Stiflers mem Jennifer Coolidge
John John Cho
Justin Justin Isfeld
beppe Levenstein Angela Paton
coach Marshall Lawrence Pressman
Leslie Summers Reynaldo A. Gallegos
breidswinkelbetsjinde Antoinette Levine
Jennifer Alexis Thorpe
frou Zyskowsky Julie Payne
blommiste Kate Hendrickson
caterer Corinne Reilly-Elfont
foargonger Loren Lester
resepsjonist James Reese
sterke drag queen Willam Belli

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

American Pie 3: The Wedding waard regissearre troch Jesse Dylan nei in senario fan Adam Herz. As produsinten wiene Herz, Chris Moore, Warren Zide, Craig Perry en Chris Bender by it projekt belutsen foar de filmstudio's LivePlanet en Zide/Perry Productions. Paul Weitz, Chris Weitz en Louis G. Friedman hiene as útfierende produsinten it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $55 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Lloyd Ahern, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christophe Beck. Hoewol't de film spilet yn Michigan, fûnen de opnamen, krekt as by de oare American Pie-films, foar it meastepart plak yn Long Beach en omkriten yn Súdlik Kalifornje. De sêne mei de breidswinkel waard opnommen yn Chicago.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan American Pie 3: The Wedding waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 1 augustus 2003 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum, mei muzyk fan û.m. de Foo Fighters, Avril Lavigne en Feeder, ferskynde op deselde dei by platemaatskippijen Uptown Records en Universal Records.

Fan 'e filmkritisy krige American Pie 3: The Wedding mingde resinsjes. Yn it tydskrift Variety omskreau Robert Koeler de film as "in sterke útein" foar de American Pie-rige. Ek de foaroansteande resinsint Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, wie goed oer de film te sprekken en neamde it "bewiis foar de hypoteze dat der gjin sjenre bestiet dat net rehabilitearre wurde kin." Neffens Elvi Mitchell fan The New York Times "wrakselet de film sa om smakeleas te wêzen dat it suver nuver is." Yn 'e San Francisco Chronicle parte Mick LaSalle de film 2 fan 5 stjerren ta en neamde him "forsearre" en "wanhopich op 'e siik nei grappen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie American Pie 3: The Wedding in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 155 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er noch grouwéliger en mear in gross-out is as de foargeande beide American Pies, soe [dizze film] de fans fan 'e searje befalle moatte." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle American Pie 3: The Wedding in goedkarringspersintaazje fan 43%, basearre op 34 resinsjes.

American Pie 3: The Wedding brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $104,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $126,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $231,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $55 miljoen betsjut dat in winst fan $176,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie American Pie 3: The Wedding in grut kommersjeel súkses, hoewol't it de minst opbringende fan alle bioskoopfilms út 'e American Pie-searje wie.

American Pie 3: The Wedding wûn yn 2004 in MTV Movie Award foar bêste dûnssêne (Seann William Scott yn 'e gaybar) en twa Teen Choice Awards, foar favorite filmsmjunt (Stifler) en favorite film dy't dyn âlden net woene datst seachst. De film waard dêrnjonken noch nominearre foar seis oare Teen Choice Awards.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

American Pie (filmsearje)
haadsearje
American Pie (1999) • American Pie 2 (2001) • American Pie 3: The Wedding (2003) • American Pie 4: Reunion (2012)
spin-off-films
American Pie Presents: Band Camp (2005) • American Pie Presents: The Naked Mile (2006) • American Pie Presents: Beta House (2007) • American Pie Presents: The Book of Love (2009) • American Pie Presents: Girls' Rules (2020)