American Pie 4: Reunion
American Pie 4: Reunion, ek bekend as American Pie: Reunion en American Reunion, is in Amerikaanske komeedzjefilm út 2012 ûnder rezjy fan Jon Hurwitz en Hayden Schlossberg, mei yn 'e haadrollen Jason Biggs, Alyson Hannigan, Seann William Scott, Eugene Levy, Chris Klein, Thomas Ian Nicholas en Eddie Kaye Thomas. De film kin klassifisearre wurde as in gross-outkomeedzje, mei grappen dy't foar it meastepart geane oer seksualiteit, sjenante sitewaasjes en fize dingen. American Pie 4: Reunion is it fjirde diel fan 'e American Pie-filmsearje. It ferhaal folget de âlde haadpersoanen út 'e earste trije dielen as se trettjin jier letter weromkeare nei it plak dêr't se opgroeid binne foar in reüny fan 'e middelbere skoalle. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses.
American Pie 4: Reunion | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Jon Hurwitz Hayden Schlossberg | |
produsint | Chris Moore Craig Perry Adam Herz Warren Zide | |
senario | Jon Hurwitz Hayden Schlossberg | |
kamerarezjy | Daryn Okada | |
muzyk | Lyle Workman | |
filmstudio | Relativity Media Zide/Perry Productions | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Jason Biggs Alyson Hannigan Seann William Scott Eugene Levy Chris Klein Thomas Ian Nicholas Eddie Kaye Thomas | |
byrollen | Ali Cobrin Mena Suvari Dania Ramirez Katrine Bowden Tara Reid Jennifer Coolidge John Cho Rebecca De Mornay | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 6 april 2012 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | grossout-komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 113 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $50 miljoen | |
opbringst | $234,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | American Pie | |
● foarich diel | American Pie 3: The Wedding |
Plot
bewurkje seksjeTrettjin jier nei't se fan 'e middelbere skoalle kommen binne, liede Jim Levenstein, Oz Ostreicher, Kevin Myers, Paul Finch en Steve Stifler allegear har eigen libbens en hawwe se noch mar selden kontakt mei-inoar. Jim wennet yn Chicago en is noch altyd lokkich troud mei Michelle, mei wa't er in twa jier âlde soan hat dy't Evan hjit. Se binne o sa bliid mei it jonkje, mar it is wol in hannebinerke, en sadwaande hawwe Jim en Michelle al yn gjin moannen mei-inoar op bêd west. Eltse kear as se oerdeis wat wolle, wurde se ûnderbrutsen troch Evan, en jûns as se op bêd reitsje, binne se te wurch om noch wat oars te dwaan as fuortendaliks yn 'e sliep te fallen. De oplossing, sawol fan Jim as fan Michelle, is om werom te fallen op masturbaasje om oan har gerak te kommen, wat ek net altyd goed giet.
Oz wurket as sportferslachjouwer yn Los Angeles, dêr't er gearwennet mei syn freondinne Mia, dy't model is. Hja is tige kreas, mar ek frijwat wyld; suver wat té wyld foar Oz syn smaak. Kevin is arsjitekt wurden en hy is troud mei in Ellie. Om't hy fan hûs út wurket en sy net, is hy tige belutsen by it berêden fan 'e húshâlding, eat dêr't syn maten frijwat de gek mei hawwe. Kevin hâldt fan Ellie, mar hy is hiel sterk ta oan in wykeintsje út mei de jonges ûnderinoar. Finch hinget allegear wylde ferhalen op oer syn wrâldreizen en ûnwierskynlike aventoeren, mar hy hat noch altyd net de wiere fûn (as men Stiflers mem teminsten net meirekkenet). Stifler sels hat in fleksbaan by in ynvestearringsbedriuw, dêr't er oanhâldend it slachtoffer is fan fernederjend praat fan yn wurkjouwer, Prateek Duraiswamy.
De fiif mannen sjogge inoar wer as harren âlde klasgenoat John, de iene helte fan it âlde MILF-duo, in reüny fan 'e middelbere skoalle organisearret yn harren âlde wenplak East Great Falls yn 'e steat Michigan. Jim en Michelle geane mei de lytse Evan te útfanhûzjen by Jim syn heit Noah, dy't trije jier lyn de frou ferlern hat en widner wurden is. Dyselde sit noch altyd like fol mei sjenante advizen oer seks as foarhinne, en hy besiket Jim en Michelle út 'e swierrichheden yn harren relaasje te helpen troch te fertellen wat hy en Jim syn mem foarhinne útfûnen om seks te hawwen efter Jim syn rêch om (wat Jim hielendal net witte wol). As Jim de bagaazje út 'e auto hellet, moetet er Kara, it lytse buorfamke dêr't er as jonge wol op past hat. Hja is no net sa lyts mear, en de seksueel frustrearre Jim fielt fuortendaliks in grutte seksuele oantrekking ta it tsjeppe fanke. Kara sil moarn achttjin jier wurde, en nûget him út op har jierdeisfeest. Jim hâldt lykwols de boat ôf.
Yn 'e kroech dêr't Jim mei Oz, Kevin en Finch ôfsprutsen hat, blykt Selena, dy't mei Michelle op it muzykkorps fan 'e middelbere skoalle sitten hat, te wurkjen as barkeeper. Stifler, dy't net troch Jim-en-dy útnûge is, sjocht harren tafallich as er nei syn deprimearjende wurk yn 'e kroech komt om him te bedrinken. Jim makket him wiis dat se him wol útnûge hiene, mar dat se syn efternamme mei twa f-en stavere hiene en dat er dêrom it e-mailberjocht net ûntfongen hat. Stifler liket dy útlis te leauwen. Hy jout him foar it wykein by de oare fjouwer mannen. De oare deis giet de hiele groep nei it strân fan 'e Michiganmar, dêr't de mannen de eagen suver net ôfhâlde kinne fan Oz syn freondinne Mia yn bikiny. Oz sels hat lykwols mear belangstelling foar syn âlde flam fan 'e middelbere skoalle Heather, dy't ek op it strân is mei har freon, in ferfelende kardiolooch dy't graach "dokter Ron" neamd wurde wol. Underwilens moetet Kevin syn âlde flam Vicky.
As in pear klierige jonges de bikinytopkes fan in stikmannich sinnebaaiende froulju stelle, ûnder wa Mia, geane Jim, Oz, Kevin, Finch en Stifler derefteroan om kalm mei harren te praten. De trije jonges, mei as lieder A.J., it freontsje fan Kara, is lykwols net mei te redendielen. Se springe op harren jetskys en spuitsje de fiif mannen dweiltrochwiet mei wetter foar't se oer de mar ôfsette. Stifler, dy't foarhinne persiis sokke keunsten hie, wit lykwols krekt wêr't se hinne geane, en hy nimt de oare fjouwer mannen op sleeptou mei. Wylst de oaren út it strewelleguod wei tasjogge, makke Stifler temûk in tou fêst oan 'e jetskys, stelt in fleske bier út 'e kuolboks fan 'e jonges en lit dan de broek sakje en skyt de hiele kuolboks fol. As de jonges dat ûntdekke, hat Stifler ûnderwilens it tou oan 'e lûkheak fan 'e auto fêstmakke, en as hy en de oaren útnaaie, wurde de jetskys meisleept en dêrby finaal stikkenslein tsjin 'e beammen oan. Dat giet de oaren eins fierstente mâl; dit soarte nuvere opstigings wie no krekt wêrom't Jim-en-dy Stifler net útnûge hiene.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Dyselde jûns geane de mannen nei de wetterfal dêr't East Great Falls nei ferneamd is, dêr't in feest fan learlingen fan 'e middelbere skoalle oan 'e gong blykt te wêzen. It is Kara har jierdeisfeest, en se is alhiel yn 'e wolkens dat Jim dochs kommen is. Jim wol sa gau mooglik wer fuort, mar Stifler, dy't it wol sitten sjocht om it mei skoalfamkes oan te lizzen, twingt him om te bliuwen. As Kara dronken rekket, riidt Jim har yn har eigen auto nei hûs. Dan docht bliken wêrom't Kara sa bliid wie dat er op har jierdei kommen wie, want se bychtet op dat se al as bern smoarfereale op him wie. Se strûpt har jurkje út en smyt dat út 'e auto en besiket Jim dan topless te ferlieden. Jim wit har mar kwealk tsjin te kearen en tagelyk de auto op 'e dyk te hâlden. Hy skillet syn maten op om him te helpen it topless famke yn 'e hûs te bringen sûnder dat har âldelju it merke. Wylst Oz, Finch en Stifler de heit en mem fan Kara ôfliede, slagget it Jim úteinlik, nei witwat healwizichheden, om har temûk nei har keamer te bringen.
De oare deis wurdt Kevin, dy't net te finen wie doe't Jim om help belle, neaken wekker op bêd njonken Vicky. Hy nimt daliks oan dat er dronken rekke is en dat se seks hân hawwe. Mei't er lokkich troud is, fielt er him dêr wakker skuldich oer. Stifler ûntfangt in tillefoantsje fan syn baas Duraiswamy dat er dy sneins op kantoar komme moat foar in haastputsje. As Stifler útleit dat er dan net kin om't dy deis de reüny fan syn middelbere skoalle holden wurdt, seit Duraiswamy dat him dat gjin reet skele kin en dat Stifler der snein mar better wêze kin as er syn baan hâlde wol. Jim fynt dat syn heit nei trije jier widnerskip wer ris op in ôfspraakje moat, om't er net bêst de rest fan syn libben allinne bliuwe kin. Syn heit is skruten om wer oan soks te begjinnen. Jim helpt him om in profyl oan te meitsjen foar in datingsite op it ynternet.
Dy jûns is der in feest dat Stifler yn syn âldershûs organisearret. Jim en Michelle hawwe Evan by Michelle har beppe brocht, dat se nimme Jim syn heit mei op sleeptou. Op it feest wurdt Jim syn heit dronken fierd troch Stifler, wêrnei't er in keamer ynstrompelet dêr't Stiflers mem op 'e bank foar de tillefyzje sit. Hy rekket mei har oan 'e praat en se foarmje in bân troch it útwikseljen fan sjenante ferhalen oer de seksuele kaprioalen fan harren soannen. Underwilens lizze Finch en Selena it mei-inoar oan en begjinne te tútsjen. Kevin konfrontearret Vicky mei de nacht dy't se tegearre trochbrocht hawwe, mar sy fertelt him dat er smoardronken rekke en yn 'e poel by de wetterfal knoffele wie, en dat se him inkeld in sliepplak foar de nacht bean hat. Se is kwetst dat er tinkt dat sy misbrûk meitsje soe fan syn dronkenskip om seks mei him te hawwen, wylst se wit dat er lokkich troud is.
Mia nimt ecstasy yn, wylst dokter Ron Oz fernederet. Heather skammet har foar it hâlden en dragen fan har freon, en as se Oz treastget, bychtet dy op dat er noch gefoelens foar har hat en tutet er har. Jim en Michelle hawwe jierren lyn foar de earste kear seks hân op in oar feest fan Stifler, en Michelle hat it har yn 'e holle helle dat it in goed idee is om dat no ek wer te dwaan. Se bringt dêrom de kostúms fan in sekssaaf foar Jim en in dominatriks foar harsels mei, en lit Jim him yn in sliepkeamer omklaaie wylst sy earne oars itselde docht. Ear't Michelle weromkomme kin, dûkt Kara lykwols op, dy't noch altyd seks hawwe wol mei Jim en boppe-op him krûpt op it bêd. Wylst er har fan him ôf besiket te krijen, komt Michelle werom en sjocht harren tegearre. Michelle rint lulk fuort, mei Jim efter har oan en Kara efter Jim oan. Bûtendoar, yn it folle sicht fan alle feestfierders, rekket Jim slaande deilis mei Kara har freontsje A.J. en syn maten. Kevin, Oz, Finch en Stifler komme Jim te help en der ûntstiet in grutte fjochtpartij dy't duorret oant al hiel gau de plysje opdaagjen komt.
It docht lykwols bliken dat de plysje net kommen is om in ein oan 'e slaanderij te meitsjen, mar om Finch op te pakken foar it stellen fan 'syn' motorfyts. Underwilens besiket Jim oan Michelle út te lizzen dat der tusken him en Kara neat foarfallen is, wêrby't er ûnder mear útropt dat er neat om Kara jout. Dat makket dat Kara har yn triennen ôfjout. Michelle is bot teloarsteld yn Jim, net om't se him fan oerhoer fertinkt, mar om't er de hiele ynteraksje mei Kara foar har ferburgen besocht te hâlden. Se giet lulk fuort en seit dat se by har beppe útfanhûzje sil. As Finch yn hânboeiens troch de plysje ôffierd wurdt, fynt Stifler dat in moaie bak. Hy is fan miening dat er no einlings foldwaning kriget foar it feit dat Finch jierren lyn ferskate kearen seks hân hat mei syn mem. Lulk oer syn ûnfolwoeksenens en ûnrjochtlik ferlet fan wraak sizze Jim, Oz en Kevin him it mannewaar op. Stifler makket dúdlik dat er gjin momint it ferlechje oer it misstavere e-mailberjocht leaud hat en wiist derop dat sy ek freonen fan neat binne as se in maat stikke litte. Dêrop sizze de oaren dat Stifler mei syn kruë en ûnfolwoeksen hâlden en dragen de boel yn 'e bulten jaget; dat hat altyd sa west en dat is no noch sa, en it is de reden dat se him nea lije meien hawwe. Dat komt Stifler rou op it dak. Hy kriget goed de pest yn en beëiniget it feest.
Op 'e reüny is Stifler net oanwêzich. Finch, dy't wol opdaagjen komt, blykt troch syn mem op boarchtocht frijkocht te wêzen. Hy bychtet oan Jim, Kevin en Oz op dat al syn grutte ferhalen út 'e tomme sûgd wiene, en dat er eins winkelbetsjinde is yn in kantoarboekhannel. De motor hied er út lulkens fan syn baas stellen doe't in ûnthjitten opslach fan syn salaris net trochgie. De fjouwer mannen sykje Stifler op syn wurk op, dêr't se har mei him fermoedsoenje. Se konkludearje dat er "miskien in lul" is, mar dat er "harren lul" is. As Prateek Duraiswamy opdaagjen komt, trapet Stifler, dy't no wer hielendal de âlde is, him ferbaal hielendal de grûn yn, foar't er ûntslach nimt en de man hjit dat er better oan 'e gong gean kin, om't hy (Stifler) gjin idee hie wat er oan it dwaan wie mei it oerwurk, sadat it allegear op 'e nij barre moat. Werom op 'e reüny leit Kevin it by mei Vicky, wylst Finch oan Selena opbychtet dat alles wat er har ferteld hat ien grutte leagen wie. Foar har is lykwols it wichtichste dat Finch op 'e middelbere skoalle, doe't Selena noch in ûnsjoch pykje wie, har as ien fan 'e iennichste jonges net negearre hat.
Wylst Finch en Selena nei de húskes geane om seks te hawwen, fertelt Oz oan Heather dat er syn relaasje mei Mia beëinige hat en seit dat er har werom hawwe wol. Dokter Ron skelt him út foar alles dat lilk is en daget him dan út om him mei in finger oan te reitsjen; dan sil er him foar mishanneling oankleie foar alles dat er hat. Ynstee fan troch Oz wurdt dokter Ron dan delslein troch Stifler, dy't neat hat en de dokter dêrom útnûget om him mar oan te kleien. Jim en Michelle fermoedsoenje har mei-inoar en naaie út nei de orkestseal om einlings en te'n lêsten seks te hawwen. As al syn maten partners fine, bliuwt Stifler allinne oer, oant er in kreaze âldere frou sjocht, dy't Finch syn mem Rachel blykt te wêzen. Stifler kin einlings syn ferjilding op Finch útwierje, en hat seks mei har op it sportfjild.
De oare moarns, as eltsenien him opmakket om wer op hûs oan, sjocht Jim Kara rinnen en giet er nei har ta om syn ûntskuldigings oan te bieden. Hja seit lykwols dat sy dejinge is dy't har ûntskuldigje moatte soe, en se lizze it spul by. Jim en Michelle sille mei de lytse Evan wer nei Chicago, en se nimme harren foar om tenei mear tiid te meitsjen om allinne mei-inoar te wêzen. Oz hat fakânsje opnommen om mear tiid yn East Great Falls mei Heather troch te bringen. Finch makket plannen foar in reis nei Jeropa mei Selena. Underwilens lit Stifler subtile hints falle dat er 'it' mei Finch syn mem dien hat. Kevin stelt foar om oer in jier wer byinoar te kommen en de oaren stimme dêrmei yn. Stifler, dy't himsels úteinlik net mear behearskje kin, lit ta Finch syn ôfgriis heal-flústerjend mar triomfantlik glûpe "Ik haw Finch syn mem neukt!" Yn in sêne nei't de ôftiteling al begûn is, geane Jim syn heit en Stiflers mem tegearre nei de bioskoop, dêr't Jim syn heit al syn moed byinoar siket en in earm om har hinne slacht. Stiflers mem reägearret troch syn broek iepen te dwaan en him te ferrassen mei fellatio.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jim Levenstein | Jason Biggs |
Michelle Flaherty Levenstein | Alyson Hannigan |
Steve Stifler | Seann William Scott |
Noah Levenstein | Eugene Levy |
Chris "Oz" Ostreicher | Chris Klein |
Kevin Myers | Thomas Ian Nicholas |
Paul Finch | Eddie Kaye Thomas |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Kara | Ali Cobrin |
Heather | Mena Suvari |
Selena | Dania Ramirez |
Mia | Katrine Bowden |
Vicky Lathum | Tara Reid |
Jeanine Stifler | Jennifer Coolidge |
John | John Cho |
Rachel Finch | Rebecca De Mornay |
dokter Ron | Jay Harrington |
A.J. | Chuck Hittinger |
Prateek Duraiswamy | Vik Sahay |
Loni Lipstein | Rebecca Field |
Jessica | Natasha Lyonne (cameo) |
Nadia | Shannon Elizabeth (cameo) |
Sherman | Chris Owen (cameo) |
Ellie | Charlene Amoia |
Justin | Justin Isfield (cameo) |
himsels | Neil Patrick Harris (cameo) |
Jim syn mem | Molly Cheek (cameo) |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeAmerican Pie 4: Reunion waard yn oktober 2008 troch filmstudio Universal Pictures oankundige as it fjirde diel yn 'e (haadrige fan 'e) American Pie-filmsearje. De preproduksje begûn formeel yn april 2010. De film waard regissearre troch Jon Hurwitz en Hayden Schlossberg nei in senario dat se sels skreaun hiene. As produsinten wiene Chris Moore, Craig Perry, Adam Herz en Warren Zide by it projekt belutsen foar de studio's Relativity Media en Zide/Perry Productions. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Daryn Okada, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Lyle Workman.
Fan it budget fan $50 miljoen krigen haadrolspilers Jason Biggs en Seann William Scott elts $5 miljoen plus in persintaazje fan 'e winst. Alyson Hannigan en Eugene Levy krigen elts $3 miljoen, wylst de rest fan 'e haadrolspilers in salaris útbetelle krige fan tusken de $750.000 en $500.000, behalven Tara Reid, dy't foar har (tige beheinde) rol $250.000 opstriek.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen setten begjin juny 2011 útein yn 'e stêdekloft fan Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia (hoewol't de film eins spilet yn it folle noardliker leine Michigan). Der waard filme yn Conyers, Covington, Monroe en it Woodruff Park. Yn 'e Heritage High School yn Conyers waarden ein juny de sênes opnommen yn 'e orkestseal en it Amerikaansk fuotbalstadion.
Yn 'e Newton High School yn Covington waarden yn 'e twadde wike fan july mei 200 figuranten de sênes fan 'e reüny (yn 'e gymnastykseal) en yn 'e gongen filme. Dêrfoar waard oan it Newton County School System, de eigner fan it skoallegebou, $10.000 betelle. Yn 'e lêste wike fan july waarden mei 100 (oare) figuranten de sênes by de mar filme yn Cumming (Georgia). De mar dy't yn 'e film toand wurdt, is eins de Laniermar, mar dy koe neffens produsint Chris Moore prima trochgean foar de Michiganmar. Foar in wike eksklusive tagong ta de Laniermar waard $23.000 betelle. De lêste opnamedei foel op 4 augustus.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan American Pie 4: Reunion waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 6 april 2012 yn premiêre. Op 10 july 2012 waard American Pie 4: Reunion op dvd en blu-ray útbrocht, en op 22 augustus fan dat jiers ek as ûnderdiel fan in sammelboks mei de oare trije American Pie-films. Fan 'e film besteane, sa't yn 'e Feriene Steaten mei 'pikante' films net ûngewoan is, twa ferzjes: in ûnsensurearre ferzje, en in sensurearre bioskoopferzje dêr't de measte neakenens útknipt is. It soundtrackalbum fan 'e film kaam út op 30 april 2012.
Untfangst
bewurkje seksjeAmerican Pie 4: Reunion krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. De foaroansteande resinsint Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 3 fan 4 stjerren. Hy skreau: "De sjarme fan American Pie wie de relative jonkheid en naïviteit fan 'e haadpersoanen. It barde allegear foar de earste kear, en se hiene de tawijde obsesje foar seks dy't typearjend is foar in protte teenagers. American Pie 4: Reunion hat in gefoel fan déjà-vu, mar leveret ek noch hieltyd in protte dêr't om lake wurde kin." Hy sleat ôf mei: "As jo de foargeande films moai fûnen, dat sille jo dizze ek wol sjen moatte. Oars kinne jo dizze ek wol gewurde litte." Yn it tydskrift Rolling Stone joech Peter Travers de film 21/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "American Pie 4: Reunion bringt ús tebinnen wat we ek al wer moai fûnen oan it orizjineel: de manear dy't de film hie om 'e ranzichheid te fersêftsjen en in djipwoartele belangstelling foar de haadpersoanen op te bouwen."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie American Pie 4: Reunion in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 183 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't er swietsmeitsjende nostalgy oproppe sil foar de fans fan 'e franchise, fersommet [de film] om mei de haadpersoanen lykfolwat te dwaan dat echt nij of ynteressant – of sels mar bysûnder grappich – is." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle American Pie 4: Reunion in goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 34 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeAmerican Pie 4: Reunion brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $56,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $178 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $234,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50 miljoen betsjut dat in winst fan $184,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. It feit dat de winst benammen bûten de Feriene Steaten behelle waard, wie lykwols in rare ôfdijer foar de Amerikaanske produsinten, dy't yn earste ynstânsje nei it eigen lân sjogge. Yn 'e Amerikaanske bioskopen ûnderfûn American Pie 4: Reunion benammen konkurrinsje fan The Hunger Games, dy't dêr tagelyk draaide.
Prizen
bewurkje seksjeAmerican Pie 4: Reunion waard yn 2012 nominearre foar trije Teen Choice Awards: yn 'e kategoryen favorite komeedzjefilm, favorite akteur yn in komeedzjefilm (Jason Biggs) en favorite aktrise yn in komeedzjefilm (Alyson Hannigan).
Ferfolch
bewurkje seksjeAmerican Pie 4: Reunion wie it fjirde diel yn 'e haadrige fan 'e filmsearje American Pie (de spin-off-films fan 'e American Pie Presents-rige net meirekkene). As sadanich folge American Pie 4: Reunion op American Pie 3: The Wedding út 2003. In fyfde diel, mei was wurktitel American Pie 5, waard oankundige op 4 augustus 2012, mei Jon Hurwitz en Hayden Schlossberg op 'e nij as sawol regisseurs as senarioskriuwers. Neitiid bleau it stil om dat projekt hinne, en yn augustus 2017 sei akteur Seann William Scott yn in fraachpetear dat American Pie 4: Reunion wierskynlik net genôch opbrocht hie yn 'e Amerikaanske bioskopen om 'e produksje fan in ferfolch te rjochtfeardigjen. Tara Reid sei yn augustus 2018 lykwols dat sy fan 'e regisseurs begrepen hie dat de fyfde film wol deeglik trochgean soe.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan American Pie 4: Reunion
- (in) Ynformaasje oer American Pie 4: Reunion yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
American Pie (filmsearje) | |
---|---|
haadsearje | |
American Pie (1999) • American Pie 2 (2001) • American Pie 3: The Wedding (2003) • American Pie 4: Reunion (2012) | |
spin-off-films | |
American Pie Presents: Band Camp (2005) • American Pie Presents: The Naked Mile (2006) • American Pie Presents: Beta House (2007) • American Pie Presents: The Book of Love (2009) • American Pie Presents: Girls' Rules (2020) |