American Pie (film)

film út 1999 fan Paul Weitz and Adam Herz

American Pie is in Amerikaanske gross-out-komeedzje-jeugdfilm út 1999 ûnder rezjy fan Paul Weitz en Chris Weitz, mei yn 'e haadrollen Jason Biggs, Chris Klein en Thomas Ian Nicholas. It ferhaal giet oer in fjouwertal jonges dy't yn it eksamenjier fan 'e middelbere skoalle sitte en obsedearre reitsje troch it idee dat se foar de ein fan it skoaljier foar it earst seks hawwe moatte. De bizarre plannen dy't se betinke om dat te berikken, jouwe oanlieding ta hiel wat hilariteit.

American Pie
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Paul Weitz
Chris Weitz
produsint Chris Weitz
Paul Weitz
Chris Moore
Warren Zide
Craig Perry
senario Adam Herz
kamerarezjy Richard Crudo
muzyk David Lawrence
filmstudio Zide/Perry Productions
Summit Entertainment
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Jason Biggs
Chris Klein
Thomas Ian Nicholas
byrollen Eddie Kaye Thomas
Shannon Elizabeth
Mena Suvari
Tara Reid
Seann William Scott
Eugene Levy
Natasha Lyonne
Alyson Hannigan
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 9 july 1999
foarm langspylfilm
sjenre gross-out-jeugdkomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 95 minuten
budget en resultaten
budget $11 miljoen
opbringst $235,5 miljoen
filmsearje
filmsearje American Pie
● folgjend diel American Pie 2

De titel fan 'e film is ûntliend oan it liet mei deselde namme en betsjut "Amerikaanske [apel]taart". Yn 'e film ferwiist it nei in sêne wêryn't ien fan 'e jonges trappearre wurdt as er masturbearret mei in apeltaart nei't immen him ferteld hat dat it fingerjen fan in famke oanfielt as "waarme apeltaart".

Hoewol't American Pie fan 'e filmkritisy mingde resinsjes krige, groeide de film yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses, dat oanlieding joech ta it ûntstean fan 'e filmsearje American Pie. It folgjende diel, American Pie 2, kaam út 2001. De film American Pie hie in ûnbidige ynfloed op 'e Amerikaanske (en dêrmei de Westerske) popkultuer en wie bgl. feranwurdlik foar it yntrodusearjen fan 'e term "milf" yn it deistich taalgebrûk.

Plot bewurkje seksje

Yn it (fiktive) plak East Great Falls, yn it súdwesten fan Neder-Michigan, sitte fjouwer freonen yn it eksamenjier fan 'e middelbere skoalle op 'e East Great Falls High School. Jim Levenstein is in bleue jonge dy't net wit hoe't er mei famkes prate moat. (Dat syn heit Noah him allegeduerigen goedbedoelde mar alderferskuorrendst ûnnoflike advizen oer seksualiteit besiket te jaan, helpt net echt.) Chris "Oz" Ostreicher is in sportiveling, dy't lid is fan it lacrosseteam fan 'e skoalle. Kevin Myers is de gewoanste fan 'e groep. Hy hat in faam, de tsjeppe blonde Vicky Lathum, mei wa't er graach op bêd wol. Sy twifelet lykwols en hy wit net krekt hoe't er har safier krije kin sûnder har by him wei te driuwen. Paul Finch, ta einbeslút, is in boekige jonge en wat in singelier type, mei't er besiket himsels oerkomme te litten as in ferfine leafhawwer fan 'e hegere kultuer.

De fjouwer freonen binne allegear noch faam en sjogge langjend út nei de earste kear dat se seksuele omgong hawwe sille mei in famke. Op in jûn geane se nei in feest dat holden wurdt yn in filla oan 'e igge fan 'e Michiganmar, dy't eigendom is fan 'e famylje fan harren klasgenoat Steve Stifler. Dyselde is in lûdroftige narder dy't noch mear as de fjouwer freonen allinne mar oan seks tinkt, mar oars as harren al mei ferskate famkes op bêd west hat en gjin kâns foarby gean lit om harren dat yn te wriuwen. Op it feest sjogge twa oare klasgenoaten, de ûnôfskiedlike Justin en John, in foto oan 'e wand hingjen fan 'e kreaze mem fan Stifler, dy't se betitelje as in milf. Jim, Oz, Kevin en Finch geane mei grutte plannen nei it feest ta, mar dy rinne allegear op 'e non. As se harren nerdige klasgenoat Chuck Sherman, dy't himsels de 'Sherminator' neamt (in ferwizing nei de Terminator), de oare moarns mei in famke út ien fan 'e sliepkeamers kommen sjogge en foar it ferstân krije dat sels dy sukkel al seks hân hat, slute se mei syn fjouweren in ferbûn om foar de ein fan it skoaljier harren fammesteat kwyt te reitsjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Jim kriget fan Kevin en Oz te hearren dat de fagina fan in famke by it fingerjen oanfielt as "waarme apeltaart". As er letter op in middei nei skoaltiid thúskomt en dêr in farsk bakte apeltaart op it oanrjocht oantreft, mei in bryfke fan syn mem derby dat se in oerke fuort is, kriget er in idee. Nei't er der earst in pear fingers yn stutsen hat, beslút er it derop te weagjen. Underwilens komt syn heit dy deis wat earder thús fan it wurk. As er de koken ynrint, treft er dêr Jim mei de broek op 'e knibbels op it oanrjocht oan wylst er him oan 'e apeltaart fergrypt.

Kevin oerspilet ûnderwilens syn hân troch te fluch te fier te gean mei Vicky en bedjert it sa by har, dat hy moat it wer goed sjen te meitsjen. Hy kriget help út ûnferwachte hoeke. Vicky har bêste freondinne Jessica kin nammentlik Vicky har gewifel en geweef oer de fraach oft se no al of net mei Kevin op bêd gean sil, net mear oanhearre, dat se leit Kevin út hoe't er it mei Vicky hawwe moat. Vicky hat noch nea in orgasme hân, en Kevin moat soargje dat se dat wol kriget. As Vicky ienris ûntdutsen hat hoe hearlik seks wêze kin, sil se gau oer har twifelriedigens hinne wêze. Kevin beseft lykwols dat er net krekt wit hoe't er syn faam in orgasme besoargje moat, want hy miende dat er Vicky by harren geflikfloai al ferskate kearen klearkomme litten hie. Dat falen goed te meitsjen is foar him al rillegau net mear inkeld in manear om har op bêd te krijen, mar ek in prinsipekwestje, om't er net de iennichste wêze wol dy't fan harren seksuele hannelings genietet.

Oz besiket earst op knoffelige wize in studinte te ferlieden, mar dy jout him de rie om tenei earst mei in famke te praten en yntelliginte fragen te stellen en in goede harker te wêzen. Nei dêr in skoft oer neiprakkesearre te hawwen, beslút Oz dat alle famkes mei wa't er ornaris omgiet, him te goed kenne om ea leauwe te sillen dat er in goede harker wêze kin. Hy ornearret lykwols dat it koar fan 'e skoalle in ûnoansprutsen reservoir fan gaadlike famkes befettet, mei't er dêr altyd mei in bôge omhinne rûn is, sadat dy neat fan him ôfwitte. Sadwaande jout er him op foar it koar, dêr't er al rillegau better yn 'e kunde komt mei Heather. Hja besiket sels ien fan 'e lacrossewedstriden fan syn team en freget him om mei har nei it lêstejiers dûnsfeest (prom) te gean, dêr't er daliks ja op seit. Oz komt lykwols yn 'e swierrichheden as Heather troch syn eigen sleauwe hâlden en dragen syn reputaasje gewaar wurdt en har útnûging weromnimt.

Underwilens besiket Jim de oandacht te lûken fan 'e kreaze Nadia, in famke út Slowakije dat fia in útwikselingsprojekt in jier op 'e East Great Falls High School sit. Syn sneue krewearjen is alhiel om 'e nocht oant Nadia him úteinlik út harsels freget oft er har ek byles jaan kin. Dy kâns grypt Jim mei beide hannen oan, mar de tiid dêr't er har op útnûget om by him thús del te kommen, is fuort nei har balletles. Se stimt dermei yn, op betingst dat se har dan earst by him thús omklaaie kin. Jim syn maten hawwe it petear folge, en Stifler komt mei it lumineuze idee om Nadia har omklaaie te litten yn Jim syn sliepkeamer, dêr't er in kompjûter mei in webcam hat. As er dy oanset en de bylden fia it ynternet trochstjoert, kinne se allegear fan Nadia meigenietsje. Jim syn oare maten liket dat skoan ta en sels Finch, dy't in haat-haat-relaasje mei Stifler ûnderhâldt, moat tajaan dit noch net sa'n raar idee is. Der is net folle foar nedich om Jim safier te krijen dat er it as in poerbêst plan begjint te beskôgjen.

Op 'e dei dat Nadia by him thús komt, lit Jim har allinne yn syn sliepkeamer en draaft dan as in gek nei Kevin syn hûs ta, dêr't se fia de oer it ynternet dêrhinne ferstjoerde bylden sjogge hoe't Nadia de klean útdocht oant se topless is. As se dan yn Jim syn nachtkastke sjocht, fynt se dêr, ta syn skrik, de neakenblêden dy't syn heit foar him kocht hie yn in wolmienend besykjen om syn soan te helpen in sûne seksualiteit te berikken troch masturbaasje. Jim is der wis fan dat Nadia no neat mear mei him te krijen hawwe wolle sil, mar ta ferheardens fan alle stikeme tasjoggers giet se langút op syn bêd lizzen en ferdwynt har iene hân yn har slipke wylst se de tydskriften trochblêdet. Jim lit him wer beprate, diskear om gau-gau nei hûs te gean en him by har te jaan. Wylst er ûnderweis nei hûs is, kriget Kevin in tillefoantsje fan in oare klasgenoat dy't him fertelt dat Jim de webcamlink by fersin oan al syn klasgenoaten ferstjoerd hat ynstee fan allinne oan Kevin en Stifler. Sûnder dat Jim it wit, folget sadwaande hast de hiele skoalle syn ferrjochtings. As er wer thúskomt en him by Nadia jout, docht bliken dat dy wol seks mei him hawwe wol, mar earst lit se him in striptease opfiere, ta hilariteit fan alle tasjoggers. As se dêrnei oan 'e seks ta binne, komt Jim oant twaris ta te betiid klear.

Oer Finch geane ûnderwilens op skoalle alderhanne geroften dy't him hommels tige populêr meitsje by de famkes. Sa soed er skepen wêze as in hynder, in stoere tatoeaazje hawwe en by slaanderij Stifler in flink wan bruien jûn hawwe. Der wurdt sels fan grute dat Finch mei Stiflers mem op bêd west hat. Uteinlik ûntdekke Finch syn maten dat er Jessica 200 dollar betelle hat om ûnder de oare famkes sokke leagens oer him te fersprieden. As Stifler troch it famke mei wa't er ôfsprutsen hat foar it lêstejiers dûnsfeest oan 'e kant set wurdt om't se leaver mei Finch dêrhinne wol, kriget hy foar it earst lucht fan alle sterke ferhalen oer Finch en syn eigen byrol dêryn. Stifler is not amused en beslút Finch werom te pakken. Dat docht er op foar him karakteristyk ûnferfine wize troch Finch syn mochaccino oan te lingjen mei laksearmiddel. Finch stiet der om bekend dat er sa'n fyske is dat er altyd nei hûs giet as er in grut boadskip weibringe moat, om't de húskes op skoalle him te smoarch binne. Diskear hat er dêr gjin tiid foar en Stifler liedt him behelpsum nei de húskes ta, wêrby't Finch pas trochkriget dat it de frouljus-wc's binne as er der al op sit. Dan giet it mâl en as er úteinlik fan it húske komt, hat Stifler derfoar soarge dat de hiele skoalle him sawat opwachtet om him út te laitsjen. Dêrnei is it dien mei de it leauwen fan 'e famkes yn 'e sterke ferhalen oer Finch.

Kevin, dy't noch altyd besiket út te finen hoe't er Vicky in orgasme besoarje moat, freget syn âldere broer Tom om help. Dyselde fertelt him dat der yn 'e bibleteek fan 'e skoalle in boek ferstoppe is, it Boek fan 'e Leafde. Dat is begûn as in boekje oer seksuele foarljochting dat in learling fan 'e East Great Falls High School jierren lyn ris mei werom nommen hat fan fakânsje yn it bûtenlân, mar it is fan hân ta hân gien en eltse lêzer hat der dingen oan tafoege, sadat it in reuseftich plakboek fol mei goerie oer seks wurden is. Kevin siket it ûnder de ûnderste boekeplanke yn in boekekast ferburgen boek op en begjint te studearjen. Underwilens hat Vicky him syn misstap ferjûn, en as se de folgjende kear oan it rotsoaien binne, slagget it Kevin om har mei de orale sekstechniken dy't yn it Boek fan 'e Leafde beskreaun binne, klearkomme te litten.

Oz besiket it wer goed te meitsjen mei Heather troch himsels as frijwilliger oan te bieden foar in duët dat mei har songen wurde moat op 'e jierlikse útfiering fan it skoalkoar. Sy byt him ta dat er dêr mar better goed foar oefenje kin, mar as se him letter yn in lege seal yndie oan it oefenjen sjocht, begjint se him te ferjaan. Der komt lykwols in kink yn 'e keabel as bliken docht dat de lêste lacrossewedstryd fan it jier op deselde dei en deselde tiid falt as de útfiering fan it koar. Oz moat sadwaande ôfsizze, ta teloarstelling fan Heather. As coach Marshall de lacrossespilers lykwols yn it earste skoft tasprekt en seit dat se dwaan moatte wat se it leafst dwaan wolle (d.w.s. lacrosse spylje), beseft Oz dat er eins it leafst wat oars dwaan wol en ferlit er halje-trawalje it fjild om him yn it auditoarium by Heather te jaan. Nei harren súksesfolle duët jout Heather ta en prate se net inkeld ôf om tegearre nei it lêstejiers dûnsfeest te gean, mar krije se ek ferkearing.

De deis nei it debakel mei Nadia wurdt Jim oeral op skoalle útlake. Wat noch helte minder is, de sponsors fan Nadia as útwikselingslearlinge hawwe de bylden ek sjoen en hawwe harren stipe ynlutsen, mei as gefolch dat Nadia hookstrooks op it fleantúch werom nei Slowakije set is. Jim hat sadwaande gjin hope mear om foar de ein fan it skoaljier syn fammesteat te ferliezen, want gjin famke wol no noch mei him nei it lêstejiers dûnsfeest ta. By Ingelsk sit Jim njonken de ûnopfallende Michelle Flaherty, in geekich lid fan it muzykkorps fan 'e skoalle, dy't oant op it ferfeelsume ôf trocheamelet oer har saaie aventoeren op it simmerkamp fan it korps. As Jim lykwols foar it ferstân kriget dat sy de bylden fan him en Nadia net sjoen hat en der net iens fan ôfwit, beseft er dat dit wierskynlik syn lêste kâns is om net allinnich nei it lêstejiers dûnsfeest te hoegen. Hy freget Michelle om mei dêrhinne en sy stimt ta, op betingst dat se neitiid ek tegearre nei it eksamenfeest geane, dat yn 'e filla fan Stifler holden wurdt.

Op it lêstejiers dûnsfeest sjocht it der hopeleas út foar Finch en net folle better foar Jim, wylst Oz syn ferkearing net ferprutse wol troch no tefolle oan te driuwen op seks. De iennichste dy't in goede kâns liket te meitsjen om foar de ein fan it skoaljier syn fammesteat te ferliezen, is Kevin, mar dy fielt de druk bot en rekket der suver oerstjoer fan. As Vicky oan it famke mei wa't Chuck Sherman op bêd west hat, freget hoe't it foar har wie, docht lykwols bliken dat de 'Sherminator' harren allegear by de poat hân hat: se hawwe hielendal gjin seks hân, mar inkeld in djipdollend petear dat de hiele nacht duorre hat. It fanke is sa lulk oer de leagens dy't Chuck oer har ferspraat hat dat se de mikrofoan grypt en him foar it hiele omsteand laach oer sa fernederet dat er yn 'e broek miicht. Dy iepenbiering soarget derfoar dat de druk fan 'e fjouwer freonen weinommen wurdt.

Letter dy jûns, op it eksamenfeest by de Stiflers, bedriuwe Kevin en Vicky de leafde yn in sliepkeamer, wêrby't it inisjatyf fan Vicky útgiet. Oz giet mei Heather te kuierjen by de marsigge lâns. Hy fertelt har oer it ferbûn dat er mei de oaren sletten hat, mar seit dat er dêr net mear oan meidocht, om't er fynt dat er al wûn hat troch ferkearing mei har te krijen. Dêrmei rekket er Heather sa dat se seks hawwe yn in prieeltsje. Jim harket in grut part fan 'e jûn nei de flauwe ferhalen fan Michelle oer it simmerkamp fan it korps en hat al heal ôfheakke, as se ynienen út it neat wei derút blaft dat se harsels dêr in kear klearmakke hat troch in fluit yn har fagina te stekken. Jim wit net wat him oerkomt as Michelle him fertelt dat se "fansels wol" weet hat fan it "Nadia-ynsidint", mar dat se him as har ôfspraakje nei it eksamenfeest útkeazen hat om't se by him wis wie dat se seks hawwe koe. Se sykje privacy op yn in bernesliepkeamer fol boartersguod, dêr't Michelle Jim syn 'oergefoelichheid' oplost troch him oan te rieden twa kondooms oerinoarhinne te dragen. Finch dwaalt doelleas troch de filla, oant er yn in keamer Stiflers mem tsjinkomt, dy't him likefolle sitten sjocht as hy har. Se hawwe seks op it biljert.

De oare moarns wurdt Jim allinne wekker en beseft er dat Michelle him allinne mar brûkt hat foar seks, wat er geweldich fynt. Vicki makket it út mei Kevin, om't se yn it oankommende skoaljier nei ferskillende universiteiten geane dy't withoefier útinoar lizze, en sy derfan oertsjûge is dat in relaasje op ôfstân net wurkje sil. Op 'e siik nei syn mem treft Stifler har neaken mei Finch op it biljert oan; hy is sa skokt dat er derhinne falt. As de fjouwer freonen letter op it terraske fan in kafee sitte, fertelle Kevin, Jim en Finch grutsk dat se gjin faam mear binne. Oz lokwinsket harren en akseptearret harren dielnimming dat soks him net slagge is, mar syn nacht mei Heather hâldt er geheim. Letter leit Jim oer it ynternet kontakt mei Nadia yn Slowakije, wêrby't er foar syn webcam in striptease foar har opfiert. Ungemurken trappearret syn heit him dêr wer by, mar dy skrillet gau tebek as er sjocht wat der oan 'e hân is en dûnset sels de oerrin del nei Jim syn mem.

Rolferdieling bewurkje seksje

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jim Levenstein Jason Biggs
Chris "Oz" Ostreicher Chris Klein
Kevin Myers Thomas Ian Nicholas


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Paul Finch Eddie Kaye Thomas
Nadia Shannon Elizabeth
Heather Gardner Mena Suvari
Vicky Lathum Tara Reid
Steve Stifler Seann William Scott
Noah Levenstein, Jim syn heit Eugene Levy
Jessica Natasha Lyonne
Michelle Flaherty Alyson Hannigan
frou Levenstein, Jim syn mem Molly Cheek
Stiflers mem Jennifer Coolidge
Chuck "The Sherminator" Sherman Chris Owen
Albert Eric Lively
coach Marshall Lawrence Pressman
Sarah Eden Riegel
Justin (milf-jonge #1) Justin Isfeld
John (milf-jonge #2) John Cho
Courtney Sasha Barrese
Matt Stifler, Stifler syn jongere broer Eli Marienthal
famke dat Stifler dumpt foar Finch Hilary Salvatore
studinte Tara Subkoff
Tom Myers, Kevin syn âldere broer Casey Affleck
koarfamke #1 Veronica Lauren
koarfamke #2 Monica McSwain
koarliedster Akuyoe Graham
entûsjaste jonge James DeBello
manlike stim yn pornofilm Chris Weitz
learaar Ingelsk Clyde Kusatsu
band dy't de bylden fan Jim en Nadia oer it ynternet folget Blink-182 (cameo)
famke dat Finch útlaket Stacy Fuson, Playboy Playmate febr. 1999 (cameo)

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

American Pie waard regissearre troch de bruorren Paul Weitz en Chris Weitz nei in senario fan Adam Herz. Dyselde basearre it op syn eigen middelbere-skoaltiid yn Grand Rapids yn 'e Amerikaanske steat Michigan. It fiktive plak East Great Falls is basearre op Grand Rapids, en de East Great Falls High School op 'e East Grand Rapids High School. As produsinten wiene Chris Weitz, Paul Weitz, Chris Moore, Warren Zide en Craig Perry by it projekt belutsen foar de filmstudio's Zide/Perry Productions en Summit Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $11 miljoen.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Richard Crudo, en de filmmuzyk waard fersoarge troch David Lawrence. Hoewol't de film yn súdwestlik Michigan spilet, fûnen de opnamen hielendal plak yn súdlik Kalifornje, benammen yn Long Beach. De Milikan High School dêre waard brûkt foar bûtendoaropnamen fan 'e East Great Falls High School om't de skoalkleuren itselde binne, wylst de binnendoaropnamen yn 'e East Great Falls High School ferrjochte waarden yn 'e Long Beach Polytechnic High School. Foar de wente fan it gesin Levenstein gie in hûs yn 'e buert Los Cerritos fan Long Beach troch, dat sûnt bekend kommen is te stean as it "American Pie-hûs".

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan American Pie waard fersoarge troch Universal Pictures, dat de bûtenlânske distribúsjerjochten al op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn Frankryk, ferkocht noch foar't de film yn premiêre gien wie. Dat waard dien om't men derfan útgie dat American Pie in ferliesjaand projekt wêze soe, en troch de distribúsjerjochten te ferkeapjen foar't dúdlik wie hoe grut oft dat ferlies wêze soe, besocht Universal safolle mooglik fan 'e produksjekosten werom te winnen. Dêrby waard deroan foarbygien dat insiders yn 'e filmyndustry al yn it foar bewearden dat de film wolris in ûnferwachts súkses wêze kinne soe. (Doe't dat ek sa bliek te wêzen, waard dúdlik dat Universal himsels danich yn 'e fingers snijd hie, mei't se letter folle mear foar de bûtenlânske distribúsjerjochten opstrike kinnen hiene.)

 
It hûs fan it gesin Levenstein yn American Pie, dat eins net yn Michigan stiet, mar yn 'e buert Los Cerritos yn Long Beach (Kalifornje).

American Pie iepene op 9 july 1999 yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum mei deselde namme, dat muzyk befette fan û.o. Third Eye Blind, Blink-182 en Bic Runga, ferskynde op 29 juny 1999 by platemaatskippij Uptown Records.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige American Pie oer it algemien mingde resinsjes. Ferskate resinsinten lieten de film folslein ôfrinne. Sa omskreau Jim Sullivan American Pie yn The Boston Globe as "in walchlik en wansmaaklik middelbere-skoalle-aventoer mei sentiminteel geëamel". Yn The New York Times skreau Stephen Holden dat it "ien fan 'e opperflakkichste en gleiste jeugdfilms" wie dy't er ea sjoen hie. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte American Pie lykwols 3 fan 4 stjerren ta. Syn oardiel wie: "[De film] is net geweldich, mar hy is fleurich en docht syn bêst en is soms grappich, en – dit is it wichtichtste – hy is net gemien. De personaazjes binne […] leaf en sympatyk."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat American Pie in justjes boppe midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 124 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet American Pie in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 30 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

American Pie brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $102,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $132,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $235,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $11 miljoen betsjut dat in winst fan $224,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Oan 'e oare kant brocht American Pie letter ek noch $109,6 miljoen op (wêrfan $56,4 miljoen yn 'e Feriene Steaten) oan ferhier yn 'e fideoteken.

Prizen bewurkje seksje

American Pie waard nominearre foar fjouwer MTV Movie Awards en ek foar fiif Teen Choice Awards, mar wist net ien fan dy prizen te winnen.

Ynfloed bewurkje seksje

American Pie hie in reuseftige ynfloed op 'e Amerikaanske popkultuer, en dêrtroch op 'e Westerske popkultuer as gehiel. Sa yntrodusearre de film fia de dialooch fan akteurs Justin Isfeld en John Cho de ôfkoarting 'milf', foar "mom I'd like to fuck" ("mem dy't ik wol neuke wolle soe"), yn it deistich taalgebrûk fan 'e jongere generaasjes.

Ek lansearre American Pie de karriêres fan akteurs Jason Biggs, Seann William Scott, Thomas Ian Nicholas, Eddie Kaye Thomas, Tara Reid, Natasha Lyonne, Shannon Elizabeth, John Cho en Chris Owen, wylst er de karriêres fan Alyson Hannigan en Eugene Levy in nije ympuls joech.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

American Pie (filmsearje)
haadsearje
American Pie (1999) • American Pie 2 (2001) • American Pie 3: The Wedding (2003) • American Pie 4: Reunion (2012)
spin-off-films
American Pie Presents: Band Camp (2005) • American Pie Presents: The Naked Mile (2006) • American Pie Presents: Beta House (2007) • American Pie Presents: The Book of Love (2009) • American Pie Presents: Girls' Rules (2020)