Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 5
Eugénie fan Montijo of Eugénie de Montijo (útspr.: [øʒe:'ni də mon'tiχo], likernôch: "eu-zjee-ny duh mon-ty-cho"; folút: doña María Eugenia Ignacia Augustina de Palafox y Kirkpatrick, 15e markizinne fan Ardales en 16e grevinne fan Teba) (Granada, 5 maaie 1826 – Madrid, 11 july 1920) wie in Spaansk ealfrouwe fan mingd etnysk komôf en de lêste keizerinne fan 'e Frânsen as de gemalinne fan keizer Napoleon III. Hja troude mei him yn 1853, in jier nei't er op 'e Frânske troan kommen wie. Doe't har man nei de Frânske nederlaach yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch fan 1870-1871 ôfset waard, gie Eugénie yn ballingskip yn Ingelân, dêr't se oan har dea ta wenjen bleau. Se stoar yn 'e âlderdom fan 94 jier wylst se op famyljebesite yn Madrid wie.