Berjocht:Side fan de wike 2023/wike 34
Littenseradiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Littenseradeel) wie in gemeente yn it noardwestlike part fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân, dy't himsels lange tiid oanpriizge mei it biedwurd "it hert fan 'e Greidhoeke". De gemeente ûntstie yn 1984 út 'e fúzje fan 'e eardere gemeenten Baarderadiel en Hinnaarderadiel. Op 30 april 2017 hie Littenseradiel in befolking fan 10.746 minsken. De gemeente besloech in oerflak fan 132,64 km², wêrfan 1,9 km² oerflaktewetter, en omfieme 29 doarpen. Op 1 jannewaris 2018 waard de gemeente opheft en ferdield ûnder de trije buorgemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en De Waadhoeke.