Berjocht:Side fan de wike 2024/wike 14
From Russia with Love is in Britsk-Amerikaanske Technicolor-spionaazjeskriller út 1963 ûnder rezjy fan Terence Young, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond en Daniela Bianchi as de Bond girl Tatjana Romanova. De titel betsjut "Ut Ruslân, mei Leafde". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1957 fan Ian Fleming.
It ferhaal folget de Britske MI6-agint James Bond by in misje nei Istanbûl. Dêr moat er in wichtige kryptografyske kodearmasine yn ûntfangst nimme fan Tatjana Romanova, in meiwurkster fan it konsulaat fan 'e Sovjet-Uny dêre, dy't oerrinne wol nei it Westen. Underwilens mient Tatjana dat se dielnimt oan in kontraspionaazje-operaasje om Bond deryn rinne te litten. Wat se net witte is dat se beiden bespile wurde troch de kriminele organisaasje SPECTRE, dy't sels de kodearmasine bemachtigje wol.
From Russia with Love wie it twadde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Dr. No. It wie de earste James Bond-film wêryn't it personaazje Q foarkomt, de kertiermaster fan MI6 dy't Bond fan nije technologyske snufkes foarsjocht om syn wurk makliker te meitsjen. From Russia with Love krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In folgjend diel yn 'e rige, Goldfinger, kaam út yn 1964.