Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 6
De Kanadeeske lynks (wittenskiplike namme: Lynx canadensis) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e lynksen (Lynx). Dit bist is lânseigen yn it grutste part fan Kanada en fan 'e Amerikaanske steat Alaska, wylst it ek foarkomt yn 'e Rocky Mountains en de krite direkt bewesten de Grutte Marren yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. De Kanadeeske lynks is in middelgrutte karnivoar, dy't benammen de Amerikaanske hazze (Lepus americanus) bejaget. Hy falt op troch syn bûtenproporsjoneel grutte, swier behierre poaten, de "bakkeburden" oan wjerskanten fan it kin en de toefkes op 'e punten fan 'e earen. De Kanadeeske lynks is nau besibbe oan 'e Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), en moat net betize wurde mei in oar lid fan it lynkseskaai dat yn Noard-Amearika foar in diel yn itselde gebiet foarkomt, de reade lynks of bobcat (Lynx rufus).