Berjocht:Wisten jo dat/wike 42
- ... de Flevomar in mar west hat op it plak dêr't no parten fan de Iselmar, de Markermar en Flevolân lizze?
- ... in autodidakt immen is dy't syn kennis troch selsstúdzje krijt? Ferneamde foarbylden fan autodidakten binne Eise Eisinga, Leonardo da Vinci en Vincent van Gogh.
- ... de bynamme fan Erwin Rommel de Woastynfoks wie? Hy krige dizze bynamme nei syn súksesfolle militêre dieden yn Noard-Afrika yn de Twadde Wrâldkriich.
- ... de langste minske ea 2,72 meter lang west hat? Syn namme wie Robert Wadlow en hy libbe fan 1918 oant 1940.