Berjocht oerlis:Ynfoboks katedraal

Lêste reäksje: 2 jier lyn troch RomkeHoekstra

@RomkeHoekstra: Goeie. Ik wol my net tefolle mei oarmans saken bemuoie, en ik fyn dat it eltsenien frij stiet om in ynfoboks oan te meitsjen as hy of sy dat wol. Mar ik bliuw no earlik sein al mei in pear fragen sitten. In katedraal is dochs ek gewoan in tsjerkegebou? En foarsafier't ik sa yn 'e gauwichheid besjen kin, is dizze ynfoboks identyk oan 'e ynfoboks foar tsjerkegebou. Is der in reden foar om hjir dan noch in aparte ynfoboks foar oan te meitsjen? As in tsjerkegebou de status fan katedraal hat, liket it my ta dat soks wol yn 'e ynfoboks oanjûn wurde kin, bygelyks mei it lemma "Status", dat al yn 'e ynfoboks tsjerkegebou foarkomt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 okt 2022, 17.15 (CEST)Beäntwurdzje

It ha dit dien om't der no ikoantsjes yn de ynfoboksen ferskynden. Ik wie wat mei de ynfoboksen oan it pielen en sa ferskynde der ynienen ek in hûske mei skoarstien yn de ynfoboks:bouwurk (foar algemien gebrûk). Hiel earlik sein fûn ik dat hûske by in soad gebouwen lykas in kastiel of tsjerke of konstruksjes lykas in brêge net sa passen. De flagge dekt neffens my de lading sa net. En sa seach ik ek dat it ikoantsje yn de oanmakke ynfoboks fan in ikoantsje fan in neutraler tsjerkje wer ferfongen wie troch in ikoantsje fan in parochytsjerkje. Gjin punt en jo diene dat mei in reden, mar ik tocht lit my dan fuort mar ien mei in katedraaltsje der yn meitsje en dan brûk ik dy wol foar de katedralen. Ik woe jo der net mei foar de holle stjitte, dat it tocht dan doch ik dat sa. Dy 'status' wie eins mear foar basilyk of in oare spesjale funksje ornearre (dat kin sawol fan tapassing op in katedraal of in parochytsjerke wêze). Wol is it sa dat yn myn tradysje in katedraal net gewoan in tsjerkegebou is. Gr. --RomkeHoekstra (oerlis) 10 okt 2022, 18.04 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Goed dat wy dit even útprate kinne, want ik hie net foar it ferstân hokker ynfloed myn 'opleukings' fan 'e ynfoboksen op jo hiene. Tsja, Romke, dat ikoantsje fan in tsjerke dat jo by de ynfoboks tsjerkegebou dien hiene, dat sil grif wol fan in tsjerke wêze, mar it is dêr sa lyts dat ik der net fuort in tsjerke yn weromkoe. It liek my better om in sa simpel mooglik silhûet fan in tsjerke te brûken, wêrfan't de lêzer yn ien eachopslach seit: Dat is in tsjerke. Dat, sadwaande. Mar sa't ik by de bewurkingsbeskriuwing ek al sei, as jo it der net mei iens binne, meie jo it bêst weromsette. Ik haw in hurde holle, dy kin wol wat stjitten werstean. :-)
Oer katedralen: ik hie altyd begrepen dat in katedraal of katedrale tsjerke in tsjerke is dy't de 'thúsbasis' fan in biskop is, en fan needs dêrom grut en pronksk is. Mar ik bin herfoarme grutbrocht en ik wol leauwe dat jo alris neamd hawwe dat josels roomsk binne, dat jo sille dit grif better witte as ik.
Wat it ikoantsje by de algemiene ynfoboks foar bouwurken oangiet: doe't ik it mooltsje by jo nije ynfoboks foar moles dien hie, tocht ik, ik sil ris sjen oft ik ek in ikoantsje foar de ynfoboks bouwurk opskarrelje kin. Ik stelde mysels dêrby de fraach: wat is it ienfâldichste, meast foarkommende bouwurk dat der is, dêr't eltsenien bekend mei is? Neffens my is dat in hûs. Ik fûn ek noch in kreas ikoantsje fan in simpel hûs, dat klear. Mar as jo (en oaren?) dat ynterpretearje as dat dy ynfoboks no allinne mar mear foar huzen brûkt wurde kin, dan is der dúdlik wat mis. Dat wie myn bedoeling net. Dan helje ik dat ikoantsje wol wer fuort. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 okt 2022, 18.58 (CEST)Beäntwurdzje
Faaks is dat ek wat in gefoelskwestje. Jo hawwe wol gelyk dat in katedraal de sit is fan de biskop en faak likegoed de tsjerke fan in parochy. Mar de katedraal is ek de haadtsjerke fan alle parochianen fan it bisdom. De katedraal hat by wikipedy al in eigen kategory, dus eins wurdt der hjir ek al in ûnderskied makke tusken in (gewoan) tsjerkegebou en in katedraal. Groetnis, --RomkeHoekstra (oerlis) 10 okt 2022, 19.46 (CEST)Beäntwurdzje
Noch eefkes in fraach oan jo. Soene jo foar de ynfoboks Berjocht:Stêd mei flagge romte meitsje kinne foar de posysjekaart, lykas by de ynfoboks Berjocht:Universele ynfoboks stêd. Dan hoege wy net mear de datearre kaartsjes fan ophefte gemeentes yn de ynfoboksen te brûken.--RomkeHoekstra (oerlis) 13 okt 2022, 10.17 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Ik haw it besocht, mar ik krij it net foarinoar. It Berjocht:Stêd mei flagge is gjin universele ynfoboks. Sa't dy hokuspokus fan 'e posysjekaart yn universele ynfoboksen stiet, wurket it dus net. It sil grif op 'e iene of oare manear kinne, mar ik haw te min ferstân fan sokke dingen om te witten hoe. Miskien dat @Kneppelfreed: hjir ris nei sjen kin. Oars soe ik jo oanriede it Berjocht:Stêd mei flagge sûnder posysjekaart te brûken. In flagge is nammers wol wat wichtiger as in geografyske posysje; dat kin ek wol oars omskreaun wurde. Of je kinne der mei minimale muoite sels in kaartsje mei in stip foar oanmeitsje. Dat doch ik sels ek geregeld. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 okt 2022, 01.01 (CEST)Beäntwurdzje
It is net oars, ik ha der minder ferstân fan as jo, dat ik sil my der mar net oan weagje. Wachtsje wy eefkes Kneppelfreed ôf. Yn alle gefallen betanke!--RomkeHoekstra (oerlis) 14 okt 2022, 07.12 (CEST)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk|RomkeHoekstra, goeie. Ik haw dat okkerdeis ek ris besocht en pleats de posysjekaart yn it Berjocht:Stêd mei Flagge, mar koe dat doe ek net oan de praat krije. Dy ynfoboks is gâns oars as in universele of generike ynfoboks dêr't dat al yn slagge. Dus ja ik wit it ek net. Ik wol my dêr fierder net oan weagje. As jo graach in ynfoboks mei wapen en flagge en posysjekaart brûke wolle, kinne jo Berjocht:universele ynfoboks stêd brûke en flagge en wapen tafoegje, lykas hjirre en hjirre. As jo leaver it Berjocht:Stêd mei Flagge brûke wolle dan is it foarearst net oars. Dan kinne jo ien fan dy âlde kaartsjes derby brûke of sa't Ieneach seit in selsmakke kaart mei in stip.
Dat in flagge wichtiger is as de geografyske posysje bin it net mei iens. Ik fyn se allebeide like wichtich. As ik in side oer in plak of ien of oar gebou lês wol ik witte wêr't dy leit. Sa'n posysjekaart is in handich ding om sjen te litten wêr't soks leit en hat men in better idee as in omskriuwing. Foarhinne moast ik op en of nl sjen wêr't de lokaasje krekt wie. In flagge kin ek beskreaun wurde, mar in ôfbyld fan in flagge derby is ek wol handich. No't de posysjekaart wurket (yn de measte ynfoboksen) is it suver maklik om dy der even ta te foegjen. Kneppelfreed (oerlis) 14 okt 2022, 19.16 (CEST)Beäntwurdzje
Ik ha it nyskrektsa eefkes besocht mei Húns en sa wurket it wol. Ik fyn in posysjekaart ek wichtich en it liket boppedat wat profesjoneler dan kaarten fan gemeenten dy't net mear besteane (ek al ha ik nea net in soad op hân mei al dy weryndielings) of ûnbekende dielgebieten. Njonken de koördinaten wurdt mei de posysjekaart de lokaasje ek optysk dúdlik. Ik brûk tenei Berjocht:universele ynfoboks stêd wol, dan is it ek oplost. Betanke yn alle gefallen, ik bin wer wat wizer woarn! --RomkeHoekstra (oerlis) 14 okt 2022, 20.31 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra en Kneppelfreed: Even in pear dingen. Alderearst wol ik my even ferûntskuldigje foar Kneppelfreed oer. It wie justerjûn let en ik hie in oere fergriemd mei nutteleas omprutsjen en ik hie de pest yn. Doe haw ik my yn myn frustraasje net botte diplomatyk útlitten. Dat hie ik net dwaan moatten en ik wol it even rjocht sette. Ik wurdearje tige by tige alle wurk dat jo hjir dogge, en ik haw mei niget folge hoe't jo hjir dy posysjekaartboel oan 'e praat krigen hawwe. Ik fyn it moai dat it hjir no wurket, al moat ik sizze dat ik der net folle fan begryp. Wat ik hjirboppe sizze woe, is net dat ik in flagge wichtiger fyn as in geografyske posysje (yndie like wichtich), mar dat in geografyske posysje ek op oare manieren oanjûn wurde kin. Foar in flagge yn in ynfoboks bestiet neffens my gjin alternatyf. Dat jo sizze dat it no maklik is om oeral sa'n posysjekaart ta te foegjen, dêr bin ik it dan wer net mei iens, want as ik it goed begrepen haw, moatte jo fan alle lannen en alle provinsjes fan alle lannen en alle plakken fan alle provinsjes fan alle lannen earst in berjocht:posysjekaart oanmeitsje. Ik wit net hoe't dat moat. En jo brûke no oeral sa'n blau baltsje om 'e lokaasje oan te jaan, mar by bergen is it eins wizânsje om in trijehoekje te brûken en by ruïnes trije puntsjes en by episintra fan ierdbevings in bullseye. Dat sil ek wol wer yngewikkeld wêze, tink.
Ik bin fan 'e jûn nochris mei de boel oan 'e gong west. De reden dat ik oait dy ynfoboks Stêd mei flagge oanmakke haw, is dat ik it yn in universele/generike ynfoboks net foarinoar krij om flagge en wapen njonken inoar te pleatsen. As dat probleem oplost waard, koene we dy hiele Ynfoboks Stêd mei flagge ôftankje. Dat, dêr haw ik my fan 'e jûn wer ris op talein, mar dat haw ik troch de jierren hinne al ferskate kearen besocht en ek diskear bin ik wer neat fierder kommen. Trije kolommen njonkeninoar kin wol (sjoch Ynfoboks militêr konflikt), mar twa frjemd genôch net. Dochs kin it fansels wol, want op en: dogge se it ek. Mar ik kin my net begripe hoe't se dat hawwe, en op en: lizze se neat út.
Ik haw ien ding àl oplost, en dat wie yn 'e Universele ynfoboks stêd de skieding tusken flagge/wapen en de ôfbylding dêrboppe. Dat rûn samar yninoar oer en dat fûn ik net moai. Ik haw der no in balkje mei de tekst "Emblemen" tuskenset dat ferskynt as it lemma wapen ynfold wurdt. Dan kin it fierders dien wurde sa't jim beiden hjirboppe oanjouwe by Rûbtsovsk en Húns, mei flagge en wapen tegearre yn it lemma Wapen mei in protte non-breaking spaces dertuskenyn. Dat is fansels in lapmiddel en net sa moai, mar goed, ik wit ek net hoe't it oars moat. P.S.: ik haw ek de nûmering fan otherkop1 feroare yn otherkop2, sadat by Húns it ûntbrekkende balkje mei "Kaart" tefoarskyn komt. Ik tink dat otherkop1 net wurket om't otherkop (sûnder nûmer) al "1" is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 okt 2022, 21.49 (CEST)Beäntwurdzje
No dit is toch hiel moai sa? De berch op kin altiten wol wat dreech wêze. Mar jim krewearjen hat yn alle gefallen wol in moaiere ynfoboks oplevere, dy't foar in soad lemma's hiel goed tapast wurde kin. Wat de foarm fan de posysjeoantsjutting op de kaart oanbelanget, dêr meitsje ik my net drok om. It doel fan sa'n posysjekaart is om de lokaasje oan te wizen en fierder eins net. In baltsje is in neutrale foarm, sûnder de pretinsje fan in spesifike ontsjutting. De tekst makket it wol dúdlik oft it om in stêd, doarp, ruïne, berch of bygelyks in ierdskodding giet. Yn alle gefallen nochris betanke @Ieneach fan 'e Esk en Kneppelfreed:.--RomkeHoekstra (oerlis) 15 okt 2022, 08.42 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: No ja, it funksjonearret sa wol, mar myn beswier is in bytsje dat we no twa dingen (flagge en wapen) yn ien lemma proppe. Dêr sjocht de lêzer yn it artikel neat fan, mar it wiist himsels net foar nij ynkommende meidoggers. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 okt 2022, 22.57 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra en @Ieneach fan 'e Esk, Romke tige tanke foar jo kompliminten. It docht my tige goed dat jo wiis mei de posysjekaarten binne. Ieneach, ik kin my bêst foarstelle dat jo lêbich wiene, want it kin o sa frustrearjend wêze dat je in soad tiid fergrieme en dat soks dan net slagje wol. Ik haw my bytiden de hier hast ek wol fan 'e kop skuord, wannear't soks net slagje woe. Ik bin bliid dat jo niget oan de posysjekaarten hawwe. It wie yndie in soad ompielen. Ik woe it noch ienris besykje want ik fyn se wol professioneler lykjen en in soad oare (ik tink hast de measte) wiki's brûke se al, en wy sieten noch mei dy âlde meuk om te avensearjen (mei alle respekt foar de eardere meidoggers dy't dy kaarten oanmakke hawwe). Ik woe sizze dat no't de posysjekaarten yn in stikmannich ynfoboksen ferwurke sitte, dat it maklik is om se oan te meitsjen. Jo type de posysjekaartnamme yn en folje de koördinaten yn en klear is Kees. Ja dêr stiet foaroer dat der in soad posysjekaarten oanmakke wurde moatte, mar dat is alhiel net dreech hear. Ik hie yn in koart skoftke tiid al in hile rits posysjekaarten oanmakke. Sjoch hjir bygelyks. Jo kopiearje dit oer en moatte de kaartbestân en koördinaten oanpasse. Dat kinne je dwaan om nei bygelyks de nederlânske of dútske te sjen hokfoar kaart en de koördinaten te brûken. Ek is der de mooglikheid sa as bygelyks hjir op Berjocht:Posysjekaart Itaalje twa kaarten te brûken, mar de twadde kaart (de reliëfkaart) te brûken woe my dochs net slagje sa't ik hjir yn de Berjocht:Universele ynfoboks see en mar besocht te dwaan. Doe haw ik mar gewoan in apart Berjocht:Posysjekaart Itaalje-reliëf oanmakke, sa't dy hjir op Mar fan Bolsena brûkt is. Der binne mear ikoantsjes om de lokaasje oan te jaan. Ik moat se allegear noch even fine, om't dit noch "work in progress" is om mar sa'n ûnnoazele Ingelske term te brûken. Ik haw op it Berjocht:Ynfoboks lofthaven in ikoantsje fan in fleantûch oanmakke sa't dy hjir op Fleanbasis Ljouwert en Amelân Fleanfjild Ballum te sjen is. Sa moatte der ek ien fan in berch, ruïne ensfth. wêze. Dat kinne je yn de ynfoboks oanmeitsje. Hjir yn de ynfoboks lofthaven stiet dit |mark={{{mark|Airplane-logo.png}}} foar it fleantúchikoantsje en hjir yn Berjocht:Universele ynfoboks stêd stiet dit |mark={{{mark|Blue pog.svg}}} foar it blauwe baltsje. Dus sadwaande. Ik hoopje dat ik it wat dúdliker makke haw, want dingen útlizze is net myn sterkste punt. Kneppelfreed (oerlis) 15 okt 2022, 19.04 (CEST)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed: Tank foar jo útlis, dat wie tige ferhelderjend. Jo hawwe gelyk, it liket profesjoneler en as it ienris wurket, dan is it ynfolwurk maklik genôch. Ik fyn dy fleanfjilden mei dat fleanmasine-ikoantsje hiel leuk. Ik haw it no krekt even besocht mei in nije ynfoboks oer ierdbevings, mar ik moat sizze, it is wol yngewikkeld, hear. It is úteinlik slagge, mar it wie in hiel gepiel om it oan 'e praat te krijen. No moat ik der by sizze dat ik de boel ek net streekrjocht fan jo kopiëarre haw, want ik bin eigenwiis en ik woe dy posysjekaart boppe-yn 'e ynfoboks hawwe ynstee fan ûnderyn. Hawar, it is klearkommen, sjoch: Ierdbeving fan Dubrovnik (1667) en Ierdbeving fan Zagreb (1880). Fraachje: jo hawwe yn 'e ynfoboksen, bgl. hjirre hieltyd |lat_dir={{{lat_dir|N}}} en |lon_dir={{{lon_dir|E}}} stean (mei N en E deryn), mar wurket in posysjekaart yn sa'n ynfoboks dan wol as de posysje op it súdlik (S) of westlik (W) healrûn is? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 okt 2022, 02.28 (CEST)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk, no hartstikke moai. Jo meie bêst eigenwiis wêze hear. Hoe't jo de ynfoboksen ynfolje wolle stiet jo fansels frij. Ja de posysjekaart wurket op alle healrûnen, sjoch mar hjir op Stellenbosch en Franschhoek yn Súd-Afrika en Pontevedra yn Spanje, dat winliken al op it "westlik healrûn" leit. Kneppelfreed (oerlis) 16 okt 2022, 03.55 (CEST)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed: Okee. Tankjewol foar it checken. (Ik nim teminsten oan dat dat de reden is dat jo de posysjekaart hjoed oan dy beide plakken yn Súd-Afrika tafoege hawwe.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 okt 2022, 22.54 (CEST)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed: It wurket dochs noch net goed. Ik haw de posysjekaartboel yn Berjocht:Ynfoboks berch tafoege. Doe woe ik de Mount Kosciuszko yn Austraalje dwaan, mar dêr ferskynde de kaart wol, mar de 'oanwizer' net. Mar doe't ik deselde ynfoboks brûkte en dêr de koördinaten fan 'e Mar fan Bolsena yn sette ynstee fan dy fan 'e Mount Kosciuszko, ferskynde de oanwizer wol. Earst tocht ik dat ik de koördinaten by de Mount Kosciuszko net goed ynfierd hie, mar dêr lei it net oan. Doe't ik nei lang eksperimintearjen de S by it lemma lat_dir feroare yn in N, ferskynde de oanwizer ynienen wol. Dat kloppet fansels net, want de Austraalje leit dúdlik op it súdlik healrûn. Sa't ik it no begryp, moatte je by lat_dir en lon_dir dus altyd N en E ynfolje, ek as it S en W is. Kin dat net oars, want dat is fansels net út te lizzen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 okt 2022, 00.17 (CEST)Beäntwurdzje
Hoi @Ieneach fan 'e Esk, ik wit al wat it probleem is. Yn de ynfoboksen moat foar de rjochtingen altyd N en E stean sa as hjir. En dan moatte je op de posysjekaart foar it westlik of súdlik healrûn in "-" foar de posysjekoördinaten sette, sa as hjirre. Wêrom dat sa is wit ik net, mar sa binne dy posysjekaarten ienris yninoar breide. Hawar ik haw it probleem oplost en jo kinne no de wiere rjochting brûke sa't ik hjir yn feroare haw. Dus hoopje ik dat dit wer wat dúdliker wurden is. Groetnis Kneppelfreed (oerlis) 17 okt 2022, 03.43 (CEST)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed: Tige tank foar de help. Dêr wie ik sels net útkommen, wol 'k leauwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 okt 2022, 22.17 (CEST)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed en Ieneach fan 'e Esk: Geweldich hoe't jimme dit oppakt ha. It liket sa allegear folle profesjoneler (it each wol no ienris ek wat). Beide noch tige tank foar de drokte!--RomkeHoekstra (oerlis) 19 okt 2022, 07.37 (CEST)Beäntwurdzje

@Kneppelfreed: Goeie. It spul funksjonearret no goed yn in ynfoboks. Mar no't we hjir dochs mei oan 'e gong binne, soe it moai wêze as sokke kaartsjes ek los fan ynfoboksen brûkt wurde koene, bygelyks foar strjitten/pleinen, dêr't we gjin ynfoboks foar hawwe. Troch dit spul oer te nimmen (fan dizze útlis op en:, mar dan foar Kroaasje, want we hawwe noch gjin posysjekaart fan Skotlân) krij ik dit:

Huppeldepup (Kroaasje)
Huppeldepup
Huppeldepup
Abracadabra.



Nei lang sykjen haw ik útfûn hoe't ik in griis rântsje om 'e kaart sels hinne krije kin (troch tafoeging fan "|border = lightgrey"). Wat hjir no noch oan mist, is in ramt deromhinne, wat by oare plaatsjes oanbrocht wurdt troch "thumb" ta te foegjen. Neffens en: soe dat sa automatysk ferskine moatte, mar dat is hjir net sa. Witte jo dêr noch wat op? Want ik kom der net út. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 okt 2022, 16.16 (CEST) Ik sjoch no trouwens dat it tekst ferrin hjir ek net doocht, want der falt in grut wyt plak dêr't ik de kaart ynfoege haw. Dan jout it noch neat, want dat moatte wy boppe-oan in side net hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 okt 2022, 16.19 (CEST)Beäntwurdzje

Ik haw dit probleem oplost troch in lyts ynfobokske oan te meitsjen, Berjocht:Ynfoboks lokaasje, dêr't inkeld de lokaasje op in posysjekaart yn werjûn wurde kin. Ik fyn it sels net supergeweldich, mar it funksjonearret, sjoch: Bredepleats (Frjentsjer) en Riedhûsplein (Frjentsjer). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 okt 2022, 17.49 (CEST)Beäntwurdzje
No it liket tige bêst hin. Wat de posysjekaart sûnder ynfoboks oanbelanget, haw ik it okkerdeis besocht sa as hjir. It neidiel is dat it de tekst wat nei ûnderen bringt. Dus ik sil der yn in pear dage ris even fierder nei sjen, want ik bin even in pear dagen fuort. Kneppelfreed (oerlis) 19 okt 2022, 18.41 (CEST)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed: Ja, dat liket mar mâl, fyn ik, dat de tekst dan sa'n ein nei ûnderen komt. Dan kinne je noch better dat ynfobokske fan my brûke. Okee, dan prate we letter fierder. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 okt 2022, 19.33 (CEST)Beäntwurdzje
Dei @Ieneach fan 'e Esk, no ik haw der even nei sjoen, mar ik wit earlik sein ek net hoe'k it dwaan moat. Ik doar der ek net tefolle mei om te boartsjen want oars kin it in grutte tizeboel wurde. Dus ik tink we moatte it foarearst mar mei it ynfobokske, dy't jo oanmakke hawwe, dwaan moatte. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 28 okt 2022, 20.35 (CEST)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed: Goejûn. Okee, dan litte we it earst sa. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 okt 2022, 22.04 (CEST)Beäntwurdzje

@Kneppelfreed en Ieneach fan 'e Esk: No ha'k jim dochs wer nedich. It like my neat om der sels mei oan 'e slach, mar ik tink lit my ek mar wat kaartsjes oanmeitsje en om't Ruslân gjin posysjekaart hie ha ik Berjocht:Posysjekaart Ruslân oanmakke mar dy wurket net. Neffens my ha'k my holden oan de beskriuwing sa't Kneppelfreed dy jûn hat, mar faaks sjoch ik dochs wat oer de holle. Foardat ik no fierder griem soe 'k it moai fine as dit earst klear is.Gr.--RomkeHoekstra (oerlis) 2 nov 2022, 18.45 (CET)Beäntwurdzje

@RomkeHoekstra: Ik tink dat it komt om't Ruslân te ticht by de Noardpoal leit en/of om't it heal om 'e Noardpoal hinne leit. By Kanada hie ik ek problemen, dat haw ik oplost troch in stik koade fan nl: te stellen. Dat haw ik no foar Ruslân ek dien en yn pleats fan 'e graden, minuten en sekonden yn 'e tabel set. Prebearje it no nochris. As it giet lykas mei Kanada, soe er it no dwaan moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 nov 2022, 18.53 (CET)Beäntwurdzje
Hy docht it hear. Tige tank! RomkeHoekstra (oerlis) 2 nov 2022, 19.42 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra@Ieneach fan 'e Esk, goeie, sa te sjen is it euvel oplost. Ik hie dit probleem ek mei de Feriene Steaten (sûnder Alaska). Ik tink suver hast dat it komt om't dy gebieten sa ûnbidich grut binne. Ik tink foar oare grutte gebieten lykas Sina en Brazylje en kontininten we dêr ek even oan tinke moatte. Kneppelfreed (oerlis) 3 nov 2022, 18.10 (CET)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed en RomkeHoekstra: Foar Sina yn elts gefal wol. Dy kaart funksjonearre net, mar dat haw ik al oplost. Brazylje liket wol 'gewoan' te wurkjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 nov 2022, 20.44 (CET)Beäntwurdzje
Okee, no ja dat we it yn elts gefal mar even yn 'e gaten hâlde moatte. Kneppelfreed (oerlis) 3 nov 2022, 21.46 (CET)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed en Ieneach fan 'e Esk: Berjocht:Posysjekaart Jeropeesk Ruslân fan Ieneach wurket net. Ik woe him by Moskou sette, om't dat wat better past. Berjocht:Posysjekaart Moskou en Berjocht:Posysjekaart Moskou-Sintrum wurkje likemin.--RomkeHoekstra (oerlis) 4 nov 2022, 20.00 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra de posysjekaart Jeropeesk Ruslân stiet ek by Sochi Autodrom dêr wurket de posysjekaart al, dat de kaart soe wurkje moatte. FreyaSport (oerlis) 4 nov 2022, 20.23 (CET)Beäntwurdzje
Ja ik ha it dêr no foar elkoar. ik tink dat ik earder sels wat ferkeard die. Dy wurket yn alle gefallen. Gr. RomkeHoekstra (oerlis) 4 nov 2022, 20.51 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Goeie. By my wurkje dy trije kaarten wol. Ik haw Jeropeesk Ruslân by Moskou set. Gjin probleem. Posysjekaart Moskou-Sintrum haw ik by Reade Plein brûkt. Dat gie ek goed. En dêr kinne je ek ienfâldich checke oft Posysjekaart Moskou wurket troch it wurd "-Sintraal" yn 'e mapname fuort te heljen en dan in foarbyld fan 'e feroarings yn te sjen. Dy docht it ek. Ik fyn it ferfelend om te sizzen, mar ik kin suver net oars as konkludearje dat jo wat ferkeard dogge. Folje jo de lat_dir en lon_dir wol goed yn? Want as dy net op resp. "N" en "E" steane, docht er neat. Dat is my yn it begjin ek mear as ien kear oerkommen. Sjoch oars ris by Moskou en it Reade Plein hoe't ik de boel dêr ynfolle haw om te sjen wat jo oars dien hiene. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 nov 2022, 21.05 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: O. Jo hiene it ûnderwilens al foarinoar, sjoch ik. Moai sa. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 nov 2022, 21.06 (CET)Beäntwurdzje
Ja ik bin krekt ek noch eefkes oan de gong gien en se wurkje. RomkeHoekstra (oerlis) 4 nov 2022, 21.07 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Ynfoboks katedraal".