Bierum (Hantumerútbuorren)

Bierum is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Bierum leit súdeastlik fan Hantum, besuden Hantumhuzen en noardeastlik fan Lytse Wier. Bierum leit yn de himrik fan Hantumerútbuorren.

De bebouwing fan de buorskip leit oan de Fennewei. De kearn bestiet út 4 adressen.

Sûnt 2019 leit Bierum yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.