Bildtse Kultuurpriis
De Bildtse Kultuurpriis (Frysk: Biltske Kultuerpriis; de offisjele namme is Biltsktalich) is in Fryske priis dy't oan 'e ein fan elts jier útrikt wurdt oan in persoan of organisaasje dy't dat jiers in bysûndere bydrage levere hat oan 'e kultuer fan It Bilt yn 'e romste sin fan it wurd. De priis bestiet sûnt 1986, en waard oant en mei 2017 útrikt troch de Gemeente It Bilt. Doe't dy per 1 jannewaris 2018 opgie yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke, gie de organisaasje fan 'e Bildtse Kultuurpriis oer yn 'e hannen fan 'e Stichting Bildts Aigene, in koepelorganisaasje foar it behâld fan 'e Biltske taal en kultuer.
Bildtse Kultuurpriis | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
útrikt foar | kultuer op It Bilt | |
útrikt troch | Stichting Bildts Aigene | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | desimber | |
plak | Sint-Anne (Fryslân) | |
ynsteld | 1986 | |
offisjele webside | ||
bildtsaigene.nl/bildtse-kultuurpriis |
De stifting stelt foar de útrikking fan 'e priis in sjuery gear, dy't bestiet út in hiel ferskaat selskip. Fan septimber ôf kin eltsenien persoanen en groepen foar de Bildtse Kultuurpriis foardrage. Dêrfoar jilde de folgjende kritearia:
- der moat in bân bestean tusken it wurk fan 'e persoan of groep en lânstreek It Bilt;
- it hoecht net te gean om in ôfrûne of foltôge wurk: it mei ek in om in langrinnend projekt gean;
- it wurk mei sawol beropsmjittich as net-beropsmjittich ferrjochte wurde;
- it giet sawol om 'e ynset fan 'e belutsenen as om it wurk sels.
De sjuery beoardielet it wurk fan 'e persoanen en/of groepen dy't foar de priis nominearre binne en oan 'e kritearia foldogge, en wiist in winner oan. Oan 'e Bildtse Kultuurpriis is in bedrach fan €500 ferbûn.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |