Rûzje (make-up)

(Trochferwiisd fan Blush (make-up))

Rûzje[1] (útspr.: [ˈruːʒə], likernôch: "rûû-zjuh") is in soarte make-up en in foarm fan kosmetika dy't brûkt wurdt om mear kleur oan 'e wangen te jaan en dêrmei in oantrekliker, sûner en jeugdiger foarkommen nei te bearen. De namme is in lienwurd op basis fan it Frânske wurd rouge, dat "read" betsjut. It wurdt mei in Ingelsk lienwurd ek wol blush neamd, dat "kaam" betsjut (yn 'e sin fan in reade holle), of blusher. Rûzje is in make-upprodukt dat tsjintwurdich hast útslutend troch froulju brûkt wurdt. It komt it meast foar as poeier, dat mei in kwastke op 'e hûd oanbrocht wurdt. Dêrnjonken wurdt it ek ferkocht as krêm (cream blusher), dat mei de finger oanbrocht wurdt, en as floeistof. Rûzje is gearstald út talkpoeier dat fermongen is mei in pigmint. De kleur is almeast in dûnkerder foarm fan 'e hûdskleur, dus rôze, read of brún.

In compact mei rôze rûzje, in kwastke en oan 'e binnenkant fan it klepke in spegeltsje.

De ierst bekende tapassing fan rûzje giet tebek oant yn 'e Egyptyske Aldheid, doe't men dierlik fet mei readoker, in grûnsoarte, fermong om op 'e wangen te smaren. Dat waard neitiid oernommen troch de hegerein fan 'e Alde Griken, dy't lykwols ynstee almeast plette moerbeien of ierdbeien, it sop fan reade biten of reade amarant as kleurstof brûkten. Yn Sina waard rûzje al yn 'e tiid fan 'e Shang-dynasty (16001045 f.Kr.) brûkt. Dêr waard it gearstald út reade en blauwe blommen. Yn it Alde Rome brûkten foaroansteande manlju en froulju in mingsel fan lead en it pigmint fermiljoen om op 'e wangen te smaren. Om't lead giftich is, witte we no dat dy praktyk kanker, demintens en úteinlik de dea feroarsake. Yn 'e moderne tiid kaam it gebrûk fan rûzje fan 'e sechstjinde iuw ôf yn 'e Westerske wrâld wer yn 'e moade.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1685.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.