Boppewynske Passaazje
De Boppewynske Passazje is in seestrjitte yn de Karibyske See, tusken de eilannen Kuba en Hispanjoala. De strjitte leit tuske it úterste easten fan Kuba en noardwestlik fan Haïty.
Boppewynske Passaazje | ||
geografy | ||
type wetter | see-ingte | |
lokaasje | tusken Kuba en Hispanjoala | |
lân | Kuba Haïty | |
koördinaten | 20° N, 74° W | |
ûnderdiel fan | Karibyske See / Atlantyske Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 20 km | |
maks. breedte | 80 km | |
djiptegemiddelde | 1.700 m | |
De Boppewynske Passaazje (Windward Passage) op in lânkaart fan Haïty. |
It wetter ferbynt de Atlantyske Oseaan mei de Karibyske See, it is de direkte skipfeartrûte tusken it Panamakanaal en de eastkust fan de Feriene Steaten (FS); 50% fan de skippen fan de Atlantyske Oseaan en de Karibyske See komt dêr del.
Yn de noardeast yngong fan de seestrjitte lizze de eilannen Grut Inagua en Lyts Inagua dy't ta de Bahama's hearre. Yn de súdwest útgong lei it ûnbewenne Navassa dat fan de FS is.
Fan desimber oant maaie hearsket de noardeast-passaat yn de seestrjitte.
Ut de skiednis
bewurkje seksjeYn it tiidrek fan de Spaanske oerhearsking fan Midden - en Súd-Amearika kamen de mei goud laden skippen troch de Boppewynske Passaazje of de Floridastrjitte nei Spanje werom te farren. Pirateskippen wachten de goudfloat yn dizze frijwat nauwe strjitte op, omdat de kâns op ûntdekking hjir grutter, en de kâns op ûntsnapping lytser wie as op de Karibyske see of Atlantyske Oseaan.
Tsjintwurdich meie drugssmokkelders de Boppewynske Passaazje ek graach brûke foar it drugsferfier tusken Jamaika (marihuana) en Kolombia (kokaïne) nei de Feriene Steaten. De FS-kustwacht patrûljearret dêr gereldwei mei boaten en fleanmasines, ek om yllegale migranten op wei fan Haïty nei Floarida te ûnderskeppen en werom te stjoeren.