Brune lemming
De brune lemming (wittenskiplike namme: Lemmus trimucronatus) is in sûchdier út it skift fan de kjifdieren (Rodentia), de famylje fan de wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan de wrotmûzen (Arvicolinae), de tûke fan de lemmings (Lemmini) en it skaai fan de echte lemmings (Lemmus). Dizze soarte komt foar op 'e toendra fan Alaska en noardlik Kanada (yn 'e Yukon, de Noardwestlike Territoaria en Nûnavût). Fierders libbet de brune lemming ek by de Kanadeeske westkust lâns yn Britsk-Kolumbia, hast oan Vancouvereilân ta. Oarspronklik waard dit bist beskôge as in foarm fan 'e Sibearyske lemming (Lemmus sibiricus), mar letter waard er erkend as in aparte soarte.
brune lemming | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lemmus trimucronatus | ||||||||||||
Richardson, 1825 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe brune lemming hat trochinoar in kop-romplingte fan 13 sm (♂) of 12½ sm (♀), mei in sturtlingte fan 1-1½ sm en in gewicht fan sa'n 68 g (♂) of 58 g (♀). Sa't syn namme al seit is er brunich fan kleur, mei in readbrunige rêch en efterst, wylst de kop en skouders wat mear griisbrunich binne. Winterdeis wurdt syn hier langer en wat grizer. Krekt as oare lemmingsoarten hat er lytse earkes, in stomp snútsje, koarte poatsjes en in hiel koart sturtsje.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeBrune lemmings frette benammentlik gersleaten, mar dêrnjonken ek gers, sigge, moas, beamskors, beien, koarstmoassen en plantewoartels. Se libje ûndergrûnsk yn koloanjes en de wyfkes kinne nei in draachtiid fan 23 dagen 3 kear jiers in nêst fan 4-9 jongen smite.
Oars as syn Jeraziatyske sibben de berchlemming (Lemmus lemmus) en de Sibearyske lemming (Lemmus sibiricus) migrearret de brune lemming net, dat as oerbefolking ûntstiet, wurdt dat oplost mei geweld. Brune lemmings foarmje in wichtige boarne fan fretten foar rôfdieren as de poalfoks en ferskate rôffûgelsoarten. Der besteane oanwizings dat ek kariboes (Noardamerikaanske rindieren) se soms opfrette. It liket derop dat de poalfoks him yn Noard-Amearika net fuortplantsje kin yn jierren dat brune lemmings krap binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|