Tsleil-Wautût Naasje

(Trochferwiisd fan Burrard Yndianetroep)

De Tsleil-Wautût Naasje (Ingelsk: Tsleil-Waututh Nation; Halkomelem: Səlilwətaɬ) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it súdlike part fan 'e provinsje Britsk-Kolumbia. De stamme wurdt ek wol Tsleil-Wautût Earste Naasje (Tsleil-Waututh First Nation) neamd ("earste naasje" is in typysk Kanadeeske term foar "Yndianestamme"), en oarspronklik wie de namme Burrard Yndianetroep (Burrard Indian Band). Tsleil-Waututh betsjut safolle as "Folk fan de Ynham", in beneaming dy't ferwiist nei de Burrard-ynham. De Tsleil-Wautût Naasje bestiet út etnyske Tsleil-Wautût. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn North Vancouver.

Tsleil-Wautût Naasje
Ingelsk Tsleil-Waututh Nation
lânseigen Səlilwətaɬ
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Britsk-Kolumbia
haadkertier North Vancouver (Britsk-Kolumbia)
etnisiteit Tsleil-Wautût
ledetal 597 (2018)
oprjochting 1923
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Burrard Inlet Reservaat 3
Inlailawatash Reservaat 4
Inlailawatash Reservaat 4A
lokaasje súdwestlik Britsk-Kolumbia
oerflak 110,7 ha
ynwennertal 1.855 (2016)
offisjele webside
www.twnation.ca
kaart
Tsleil-Wautût Naasje (Britsk-Kolumbia)
Tsleil-Wautût Naasje
Lokaasje yn Britsk-Kolumbia.

De Tsleil-Wautût Naasje is sitewearre yn súdwestlik Britsk-Kolumbia, yn it noarden fan 'e stêdekloft fan Vancouver. De tradisjonele wenkrite fan 'e stamme leit oan 'e Burrard-ynham (Ingelsk: Burrard Inlet), in fjord dy't noardlik fan Vancouver yn it fêstelân Britsk-Kolumbia op snijt. Dat gebiet falt tsjintwurdich ûnder it distrikt North Vancouver (net te betiizjen mei de stêd mei deselde namme).

De Tsleil-Wautût Naasje hat trije Yndianereservaten, dy't mei-inoar 110,7 ha grûn beslane. Dat is it op ien nei lytste oerflak oan reservaatlân fan alle Yndianestammen yn 'e stêdekloft fan Vancouver. Fierwei it grutste reservaat fan 'e trije is it Burrard Inlet Reservaat 3, dat 108,2 ha beslacht. Dat is mei-iens ek it iennichste fan 'e trije reservaten dat permaninte bewenners hat. Ek it haadkertier fan 'e Tsleil-Wautût Naasje leit yn it Burrard Inlet Reservaat 3. Dêrnjonken binne der noch it Inlailawatash Reservaat 4, dat in 0,5 ha mjit, en it Inlailawatash Reservaat 4A, dat 2 ha beslacht.

De leden fan 'e Tsleil-Wautût Naasje binne etnyske Tsleil-Wautût (Tsleil-Waututh). Dy foarmje ien fan 'e Kust-Salisjaanske folken, en binne nau besibbe oan oare etnyske groepen yn deselde krite, lykas de Muskwiim (Musqueam) en de Skwamisj (Squamish). Harren oarspronklike memmetaal is it Leechlânske dialekt fan it Halkomelem, in taal dy't ek troch in soad oare lytse Kust-Salisjaanske folken sprutsen wurdt.

Neffens gegevens út desimber 2018 hie de Tsleil-Wautût Naasje doe 597 leden, wêrfan't 287 (oftewol 48,1%) yn it eigen Burrard Inlet Reservaat 3 wenje. De oare beide reservaten fan 'e Tsleil-Wautût Naasje binne ûnbewenne. Fan 'e oare leden fan 'e Tsleil-Wautût Naasje libje 49 (8,2%) yn Yndianereservaten fan oare stammen, wylst 261 (43,7%) bûten de reservaten wennet. Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2016 hie it Burrard Inlet Reservaat 3 doe 1.855 ynwenners. Dat betsjut dat de leden fan 'e Tsleil-Wautût Naasje dêr mei mar 15,5% fan 'e befolking in minderheid op eigen lân foarmje. De rest fan 'e ynwenners bestiet út leden fan oare stamme-organisaasjes (benammen fan 'e Skwamisj Naasje) en út blanken.

 
De oarspronklike wenkrite fan 'e Tsleil-Wautût, yn it suden fan Britsk-Kolumbia.

De Tsleil-Wautût wenje al sûnt minskewitten oan 'e súdwestkust fan wat no Britsk-Kolumbia is. Hja kamen foar it earst yn duorjend kontakt mei de blanken doe't de earste kolonisten har yn 1846 yn 'e krite nei wenjen setten. Hoewol't der neffens harren eigen mûnlinge oerlevering oarspronklik wol 10.000 Tsleil-Wautût west hiene, rekken se fan 'e santjinde iuw ôf suver útrûge troch ferskate weagen fan epidemyen fan sykten dy't de blanken meibrocht hiene, lykas de pokken en de mûzels.

Yn 1869 waard it Burrard Inlet Reservaat 3 stifte, net spesifyk foar de Tsleil-Wautût, mar foar alle Yndianen dy't oan 'e Burrard-ynham libben. Yn 1876 waard dy sitewaasje fan oerheidswegen nochris befêstige, en boppedat waarden doe ek it lytsere Inlailawatash Reservaat 4 en Inlailawatash Reservaat 4A stifte. Doe't de Kanadeeske oerheid yn 1923 de Tsleil-Wautût bestjoerlik yn 'e nau oan harren besibbe Skwamisj opgean litte woe, stimden de Tsleil-Wautût dat foarstel fuort. Fan gefolgen waard de Burrard Yndianetroep oprjochte, dy't it bestjoer oer it Burrard Inlet Reservaat en de beide Inlailawatash-reservaten krige. Ein tweintichste iuw waard de Burrard Yndianetroep omneamd ta Tsleil-Wautût Naasje.

De Tsleil-Wautût Naasje wurdt bestjoerd troch in keazen opperhaad (anno 2018 wie dat Maureen Thomas) en in fiifkoppige bestjoersrie wêrfan't de leden ek mei geregelde tuskenskoften by demokratyske ferkiezings troch de leden fan 'e stamme-organisaasje keazen wurde. Dêrnjonken bestiet der ek noch in tradisjoneel, erflik opperhaad, dat lykwols tsjintwurdich in poer seremoniële funksje is sûnder politike macht. It erflik opperhaad wie yn 2018 Ignatius Ernest George Slaholt, dy't, krekt as hast alle oare Tsleil-Wautût, syn ôfstamming weromfolgje kin nei it achttjinde-iuwske opperhaad Waut-salk I (±17501800). De Tsleil-Wautût Naasje is ien fan 'e meast progressive Yndiaanske stamme-organisaasjes yn Britsk-Kolumbia, en wurket nau gear mei in stikmannich oanbuorjende stammen. Sa is de Tsleil-Wautût Naasje lid fan 'e Naut'sa mawt Stammeried, dêr't behalven oare stammen oan 'e noardkant fan 'e stêdekloft fan Vancouver ek de Tsawwassen Earste Naasje oan 'e súdkant ta heart, en fierders ferskate stammen op Vancouvereilân.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: