Naut'sa mawt Stammeried

De Naut’sa mawt Stammeried (Ingelsk: Naut’sa mawt Tribal Council; soms ôfkoarte ta NmTC) is in regionale Yndiaanske koepelorganisaasje yn it súdlike part fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, rjochte op gearwurking tusken de ûnderskate stamme-organisaasjes fan 'e Kust-Salisjanen. De organisaasje is oprjochte yn 1983 en hat 11 lidstammen. It haadkertier stiet yn Nanaimo, op Vancouvereilân, mar der is ek in kantoar op it fêstelân, yn Tsawwassen, by de stêd Delta. De Naut’sa mawt Stammeried publisearret in onlinekrante mei as titel Klahowya.

Naut’sa mawt Stammeried
Naut’sa mawt Tribal Council
algemiene ynformaasje
ôfkoarting NmTC
nasjonaliteit Kanadeesk
type org. koepelorganisaasje
wurkmêd Yndiaanske gearwurking
haadkertier Nanaimo (Britsk-Kolumbia)
oprjochte 1983
orgaan Klahowya
offisjele webside
www.nautsamawt.org

Doel bewurkje seksje

De Naut’sa mawt Stammeried hat ta doel om 'e lidstammen te advisearjen oer en helpen by saken as ekonomyske ûntwikkeling, finansjeel management en mienskipsplanning (ynkl. romtlike oardering en de oanlis fan fasiliteiten lykas skoallen en kliniken). Fierders biedt de ried eventueel help op it mêd fan bestjoer, de oanlis fan ynfrastruktuer (lykas wegen en brêgen), huzebou, ynspeksjes fan wenten om te sjen oft dy oan alle boufoarskriften foldogge, it ferbetterjen fan 'e drinkwetterkwaliteit, en tarieding foar needgefallen. Dêrnjonken besiket de Naut’sa mawt Stammeried in dialooch op gong te bringen en oan 'e gong te hâlden mei oanbuorjende mienskippen, lykfol oft dy ta oare Yndiaanske stammen hearre of út net-Yndianen besteane.

 
Territoaria fan 'e ûnderskate lidstammen fan 'e Naut’sa mawt Stammeried.

Lidstammen bewurkje seksje

De lidstammen fan 'e Naut’sa mawt Stammeried beslane dielen fan súdeastlik en eastlik Vancouvereilân en dielen fan it súdwestlike fêstelân fan Britsk-Kolumbia. Alle lidstammen hearre ta de gruttere folkekloft fan 'e Kust-Salisjanen. Hja wenje oan 'e kusten fan 'e Strjitte fan Georgia, de Strjitte fan Juan de Fuca en fjorden lykas de Burrard-ynham. De lidstammen binne:

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.