Butt-Numb-A-Thon
De Butt-Numb-A-Thon (letterlik: "Kont-Sliept-a-Ton", in wurdboarterij op "maraton", fanwegen de lange sit), soms ôfkoarte ta BNAT, wie in lytsskalich Amerikaansk filmfestival dat fan 1999 oant en mei 2016 elts jier yn 'e moanne desimber holden waard yn 'e Teksaanske haadstêd Austin. It waard oprjochte en presintearre troch Harry Knowles, en bestie út 24 oeren wêryn't oan ien wei troch films fertoand waarden. Nei't yn 2017 bekend waard dat Knowles fan seksuele oantaasting beskuldige waard, wie it dien mei it festival.
Butt-Numb-A-Thon | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Teksas | |
county | Travis County | |
plak | Austin (Teksas) | |
holden yn | Alamo Drafthouse | |
tiid fan it jier | desimber | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | BNAT | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1999 – 2017 | |
oprjochter | Harry Knowles | |
offisjele webside | ||
www.buttnumbathon.com (argivearre) |
Skiednis
bewurkje seksjeDe Butt-Numb-A-Thon waard yn desimber 1999 foar it earst organisearre troch Harry Knowles, dy't bekend wurden wie mei de webside Ain't It Cool News. It wie fan oarsprong eins in út 'e hân rûn jierdeisfeest, mar ûntjoech him meitiid ta in echt filmfestival, dêr't behalven filmklassikers ek nije films yn premiêre giene. Foarbylden fan films dy't op 'e Butt-Numb-A-Thon foar it earst publyklik fertoand waarden, binne The Passion of the Christ (2004), Black Snake Moan (2006), The Cabin in the Woods (2011) en Kingsman: The Secret Service (2014).
Op it festival wiene gauris grutte nammen út 'e filmyndustry fan Hollywood te gast, ûnder wa regisseurs as Zack Snyder, Peter Jackson, Mel Gibson, Rian Johnson. McG en Guillermo del Toro, en akteurs as Seth Rogen, Elijah Wood en Joseph Gordon-Levitt.
It festival waard de earste acht jier holden yn it Alamo Drafthouse, in bioskoop yn 'e binnenstêd fan Austin (Teksas). Doe't dy yn juny 2007 tichtgie, presintearre Styles ta gelegenheid dêrfan in hastich organisearre lytse en ferkoarte ferzje fan 'e Butt-Numb-A-Thon, dy't er "Half-Ass-A-Thon" neamde (letterlik: "Heal-Kont-a-Ton", in wurdboarterij nei half-assed, dat "ûnberet" betsjut). Fan desimber 2007 ôf waard de Butt-Numb-A-Thon yn oare lokaasjes fan it Alamo Drafthouse holden.
Mids septimber 2017 waard troch de media bekendmakke dat Harry Knowles beskuldige waard fan seksueel oer de grins geand gedrach en seksuele oantaasting. Op 25 septimber makke it Alamo Drafthouse bekend dat it alle bannen mei Knowles ferbriek. Knowles stapte sels op by syn webside Ain't It Cool News. De Butt-Numb-A-Thon fan 2017 gie net troch en letter die bliken dat de edysje fan desimber 2016 de lêste west hie.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |