Cabinetberchtme
It Cabinetberchtme (Ingelsk: Cabinet Mountains of koartwei the Cabinets) is in berchtme yn 'e Feriene Steaten dat ûnderdiel útmakket fan 'e Rocky Mountains. It leit yn it noardwesten fan 'e steat Montana en yn 'e Idaho Panhandle, net fier súdlik fan 'e Kanadeeske grins, en beslacht in oerflak fan 5.527 km². It Cabinetberchtme wurdt omjûn troch it Purcell-berchtme yn it noardwesten, de rivier de Kootenai yn it noardeasten, de rivier de Clark Fork yn it suden en de Pend Oreille-mar yn it westen.
Cabinetberchtme | ||
berchtme | ||
Snowshoe Peak, it heechste punt fan it Cabinetberchme. | ||
geografy | ||
diel fan | de Rocky Mountains | |
regio | it Amerikaanske Noardwesten | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Montana Idaho | |
sifers | ||
oerflak | 5.527 km² | |
heechste punt | Snowshoe Peak | |
hichte | 2.663 m | |
geology | ||
yndieling | heechberchtme | |
kaart | ||
Lizzing yn Montana.
|
De heechste berchtoppen fan it Cabinetberchtme binne Snowshoe Peak, mei in hichte fan 2.663 m; A Peak, mei in hichte fan 2.632 m; Bockman Peak, mei in hichte fan 2.491 m; en Elephant Peak, mei in hichte fan 2.433 m. Hoewol't it Cabinetberchtme leger is as in protte bergen dy't krektlyk ta de Rocky Mountains hearre mar fierder eastlik yn Montana lizze, kompinsearret it dat troch in rûger lânskip en steilere berchskeanten. Boppedat is it kontrast grutter, om't de omlizzende dellings folle leger binne as dy yn it meastepart fan 'e Rocky Mountains.
It Cabinetberchtme stiet, yn 'e mande mei it Selkirk-berchtme, dat justjes fierder nei it westen leit, bekend as ien fan 'e rûchste en (net tafallich) ek meast ûnoantaaste berchkriten yn 'e Feriene Steaten. Winterdeis binne de Cabinets ûnbegeanber, mar simmerdeis foarmje se in trekpleister foar berchbeklimmers en kuierders. Der komme mûldierharten, wapitys, elanden, grouhoarnskiep, Amerikaanske swarte bearen, grizzlybearen, wargen, grize wolven, reade lynksen, Kanadeeske lynksen en in grut tal lytsere bistesoarten foar. In diel fan it gebiet, beëasten de rivier de Bull, yn 'e neite fan Noxon, hat in beskerme status ûnder de namme fan 'e Cabinet Mountains Wyldernis. Behalven oan natoerskientme is it Cabinetberchtme nei de miening fan geologen wierskynlik ek ryk oan mineralen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |