Ynternasjonaal Filmfestival fan Boulder

(Trochferwiisd fan Colorado Film Society)

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Boulder (Ingelsk: Boulder International Film Festival), ek wol ôfkoarte ta BIFF, is in filmfestival dat elts jier ein febrewaris holden wurdt yn Boulder, yn 'e Amerikaanske steat Kolorado. Op it evenemint, dat bestiet sûnt 2004, wurde sawol fiksjefilms as dokumintêres, sawol live-action- as animaasjefilms en sawol lange as koarte films fertoand.

Ynternasjonaal Fimfestival
fan Boulder
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Kolorado
county Boulder County
plak Boulder
tiid fan it jier ein febrewaris
bysûnderheden
ôfkoarting BIFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 2005 – no
oprjochter Kathy en Robin Beeck
org. troch Colorado Film Society
offisjele webside
www.biff.com

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Boulder waard yn 2004 oprjochte troch twa susters, Kathy en Robin Beeck, dy't allebeide regisseur binne. Nei't se jierrenlang filmfestivals yn 'e hiele wrâld besocht hiene, besleaten se in eigen festival op te rjochtsjen dat se kwalifisearren as "in filmfestival foar filmmakkers". As lokaasje keazen se harren eigen wenplak Boulder út. De earste edysje fan it evenemint waard holden yn 2005.

De organisaasje fan it filmfestival leit yn 'e hannen fan 'e Colorado Film Society (CFS), in non-profitorganisaasje dy't yn 2004 troch de susters Beeck spesjaal foar dat doel oprjochte is. De susters Beeck beklaaie binnen dy organisaasje noch altyd liedingjaande posysjes.

Yn febrewaris 2022 ûntstie der trelit om it Ynternasjonaal Filmfestival fan Boulder hinne, nei't bekend wurden dat akteur Alec Baldwin earegast op it evenemint wêze soe. Mei't dat in fearnsjier wie nei't Baldwin op 'e set fan 'e film Rust, yn Nij-Meksiko, by fersin kameraregisseur Halyna Hutchins deasketten hie, late dat ta in protte krityk op 'e organisaasje, dy't û.m. "toandôf" neamd waard.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.