Kink.com is in Amerikaansk ynternetbedriuw dat eigner is fan ferskate pornografyske websiden dy't har talizze op sadomasogisme, bondaazje en oanbesibbe seksueel fetsjisme. It bedriuw bestiet sûnt 1997 en is fêstige yn San Francisco, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Kink.com is in hannelsnamme foar Cybernet Entertainment, LLC, dat ek wol gebrûk makket fan 'e hannelsnammen Kink Studios, LLC; Hogtied.com en Behindkink.com.

Kink.com
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor ynternetpornografy
haadkertier San Francisco (Kalifornje)
oprjochte 1997
oprjochter Peter Acworth
mem Cybernet Entertainment, LLC
offisjele webside
www.kink.com

Kink.com waard yn 1997 oprjochte troch de Brit Peter Acworth, doedestiden in studint finansjeel behear oan 'e Columbia Universiteit yn New York. Hy kaam ta dy stap nei't er in yn in Britsk rabbersblêd in artikel lêzen hie oer in lid fan 'e brânwacht dat yn koarte tiid £250.000 fertsjinne hie troch in pornografyske webside op it ynternet te begjinnen. Fanwegen syn eigen libbenslange fasinaasje foar bondaazje (sa't er it letter sels yn in fraachpetear beskreau), besleat Acworth doe in webside op te rjochtsjen dy't spesjalisearre wie yn BDSM-pornografy.

Dy earste webside fan Kink.com wie Hogtied.com (hogtied betsjut: "oan hannen en fuotten bûn"), dêr't yn 't earstoan foto- en fideomateriaal op fertoand waard dat oanlevere waard troch oare filmprodusinten. Hogtied.com wie sa súksesfol dat it al rillegau ferskate tûzenen dollars deis yn 't laadsje brocht. Acworth briek dêrop syn stúdzje ôf om him foltiids oan 'e webside te wijen. Yn 1998 ferhuze Acworth syn bedriuw fan New York nei San Francisco. Syn ynkomsten begûnen tsjin dy tiid ôf te fallen, om't oare websiden itselde materiaal oanbeaen. Sadwaande besleat er syn eigen foto's en fideo's te produsearjen, yn 't earstoan fan himsels mei ferskate froulike modellen dy't er opdie fia in maat fan him dy't profesjoneel fotograaf wie, of troch de ynternetsite Craigslist.

 
It Arsenaal fan San Francisco.

Yn 2000 rjochte Acworth in twadde webside op, mei as titel Fucking Machines. Dy wie spesjalisearre yn al of net fêstbûne modellen dy't yn 't spier wiene mei masinaal oandreaune dildo's. Neitiid soene der noch 26 oare BDSM- of BDSM-oanbesibbe websiden yn it Kink.com-ympearium by komme. Allegear binne it websiden dêr't in abonnemint foar fereaske is om der telâne te kinnen. By ferskaten dêrfan binne regisseurs belutsen dy't foarhinne wurksum wiene foar Insex, in bondaazjewebside dy't yn 2005, fanwegen twifels oer de ynstimming fan 'e modellen mei de tapaste techniken, ûnder druk fan 'e Amerikaanske oerheid opheft waard.

Ein 2006 kocht Kink.com it leechsteande Arsenaal fan San Francisco op foar $14,5 miljoen. It bedriuw woe fan it mânske monumintale bouwurk in filmstudio meitsje. Dat late ta in heech oprinnend skeel mei in aksjegroep dy't himsels it Mienskipskollektyf fan it Arsenaal (Armory Community Collective) neamde, en dy't út noch yn net woe dat it âlde gebou foar pornografyske doelen brûkt wurde soe. Yn 't earstoan wiene in protte ynwenners fan 'e stêd op 'e hân fan it kollektyf, mar doe't bliken die dat der plannen wiene om it Arsenaal te slopen as de ferkeap oan Kink.com net trochgie, feroaren in protte lju fan miening. De gemeente San Francisco bemuoide him dermei, mar koe gjin oertrêding fan wet of regels yn 'e oanskaf fan it pân troch Kink.com fine. Nei in soad trelit koe de keap sadwaande gewoan trochgong fine. Yn jannewaris 2017 kundige Kink.com oan dat it Arsenaal net mear foar opnamen brûkte wurde soe.

 
De banner fan Fucking Machines, in webside fan Kink.com.

Yn 2007 rekke de webside Fucking Machines behelle yn in konflikt mei it Amerikaanske Oktroai- en Hannelsmerkburo (USPTO), doe't dy ynstânsje gjin hannelsmerkstatus oan 'e namme fan 'e site ferliene woe op grûn fan it feit dat de namme obseen wêze soe. Itselde jiers sette Kink.com útein mei it geregeldwei útstjoeren fan live-opnamen, foar in diel om ynbrek op auteursrjocht tsjin te gean. Sûnt streamt ien webside fan Kink.com, Device Bondage, elte moanne in live-show oer it ynternet, wylst de site Ultimate Surrender, dy't him taleit op eroatysk wrakseljen, de wedstriden yn 2008 live begûn te streamen.

Yn 2008 lansearre Kink.com de webside BoundGods.com, dy't spesjalisearre is yn homoseksuële bondaazje. Dy site makke diel út fan 'e ek nij-oprjochte difyzje KinkMen.com, rjochte op homoseksuële pornografy. Yn 2013 waard de mainstream-dokumintêre Kink oer Kink.com makke. Yn 2014 ferraste Kink.com freon en fijân troch de tige populêre websiden Public Disgrace en Bound in Public, spesjalisearre yn bondaazje op publyk tagonklike plakken, op te heffen. Tagelyk waard it útgongspunt fan 'e site Hardcore Gangbangs sa feroare dat de gangbangs mear eksplisyt oer de seksuële fantasij fan 'e froulike dielnimmer giene. Kink.com makke bekend dat dizze feroarings ûnderdiel útmakken fan in tanommen krewearjen om it bredere publyk te ynformearjen en ûnderrjochtsjen oer BDSM, sadat "alternative seksualiteit demystisearre" wurde soe. Dêrta waard ek it Arsenaal fan San Francisco iepensteld foar it publyk.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2008 AVN Award nominearre bêste pornografyske webside Kink.com
2009 Xbiz Award wûn FSC Leadership Award frijheid fan mieningsutering
wûn bêste oarspronklike materiaal op in webside Kink.com
2010 Xbiz Award nominearre ynnovatyf bedriuw fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award wûn bêste alternative webside Kink.com
2014 AVN Award wûn bêste alternative webside Kink.com
wûn bêste ynternetpremiêre Public Disgrace 31515
2015 Xbiz Award wûn pornografyske webside fan it jier (BDSM) Kink.com

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.