De Hoop (Den Oever)
De Hoop yn Den Oever is in reiddutsen muonts út 1672. De mûne hat oant de jierren 1930 tsjinst dien as nôtmûne en is yn 1952 troch de stifting Oud Wieringen ta behâld oankocht, dy't de mûne restaurearje liet.
De Hoop | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Hollâns Kroan | |
plak | Den Oever | |
adres | Hofstraat 57 | |
koördinaten | 52°56' N 5°01' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 17 m | |
boujier | 1672 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Fer. De Wieringer Molens | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 38930 [1] | |
Webside | ||
www.dewieringermolens.nl | ||
Kaart | ||
Hjoeddeiske eigner is de yn 1991 stifte feriening De Wieringer Molens. Dy feriening hat de mûne tusken 1995 en 1998 op 'e nij restaurearje litten. By dy restauraasje is de kape ferfongen. De mûne hat in flecht fan 17 meter en der is nea wjukferbettering oanbrocht.
De mûne is regelmjittich oan it wurk en op tiisdeis en woansdeis te besjen.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wynmûnen yn 'e gemeente Hollâns Kroan | ||
---|---|---|
De Hoop (Den Oever) • De Hoop (Oude Niedorp) • De Hoop (Wieringerwaard) • Leonide • De Onderneming (Hippolytushoef) • De Westermolen (Nieuwe Niedorp) | ||
· · |