De Westermolen (Nieuwe Niedorp)
De Westermûne is in poldermûne oan 'e Oosterweg yn it Noard-Hollânske Nieuwe Niedorp.
Westermûne | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Hollâns Kroan | |
plak | Nieuwe Niedorp | |
adres | Oosterweg 6 | |
koördinaten | 52°44' N 4°53' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 27 m | |
boujier | 1854 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Hoogheemraadschap Holl. Noorderkwartier | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 30387 | |
Kaart | ||
It Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier is eigner fan 'e mûne. De mûne wurdt bewenne en is net iepen foar publyk.
Skiednis
bewurkje seksjeIt is wis dat der yn alle gefallen al yn 1557 wynbemealling yn it gebiet fan 'e Oosterpolder wie. Oant likernôch 1734 wiene De Alde Mûne en de Nije Mûne bekend, dy't east fan Lutjewinkel stienen, dêrnei waard ek de Westermûne neamd. De Alde Mûne waard yn 1856, nei skea troch in stoarm in skoft stilstien te hawwen, foar de sloop ferkocht.
De nei alle gedachten yn 'e twadde helte fan 'e 17e iuw boude Westermûne baarnde yn 'e nacht fan 18 nei 19 febrewaris 1854 nei it ynslaan fan 'e bliksem ôf. Oars as syn foargonger krige de ferfangende mûne gjin skeprêd, mar in fizel en yn 1875 krige de mûne in izeren as en izeren roeden. De Nije Mûne waard yn 1893 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in stoomgemaal.
Yn 1950 waard njonken de Westermûne in elektrysk gemaal boud, dat it stoomgemaal ferfong. Stadichoan waard de mûne minder brûkt en sûnt 1968 waard allinne noch op elektrysk mealle.
Tusken 1975 en 1978 waard de Westermûne restaurearre. By dy restauraasje krige it wjukkekrús it systeem Fauël op alletwa roeden. Dat wie nedich om't it polderpeil ferlege wie en de mûne it wetter heger opfiere moast. Ek moast de skroef langer makke wurde.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wynmûnen yn 'e gemeente Hollâns Kroan | ||
---|---|---|
De Hoop (Den Oever) • De Hoop (Oude Niedorp) • De Hoop (Wieringerwaard) • Leonide • De Onderneming (Hippolytushoef) • De Westermolen (Nieuwe Niedorp) | ||
· · |