De Hoop (Wieringerwaard)

De Hoop is in achtkante muonts yn Wieringerwaard yn 'e gemeente Hollâns Kroan. Alhoewol't De Hoop op in typyske Noard-Hollânske poldermûne liket, is de mûne in nôtmûne.

De Hoop
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Hollâns Kroan
plak Wieringerwaard
koördinaten 52° 50'N 4° 51'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje nôtmûne
flecht 26 m
boujier 1742
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8699
Webside
dehoopwieringerwaard.nl
Kaart
De Hoop (Hollâns Kroan)
De Hoop

De mûne is yn 1742 as westlike strykmûne foar de Wieringerwaard boud. Nei de bou fan in stoomgemaal yn 1871 waard de mûne oerstallich. Yn 1872 waard de mûne ferkocht oan C. Posch, dy't de poldermûne ta nôtmûne ferboude. In betingst yn it ferkeapkontrakt wie dat de mûne op syn plak stean bliuwe moast. Yn oktober 1916 waarden de as en de roede kocht fan in om 1915 hinne ôfbrutsen mûne fan 'e Bovenkerkerpolder yn Nieuwer-Amstel (Amstelveen). Oant 1920 bleau de mûne wurkjen; yn dat jier naam in dieselmotor it wurk oer. De Hoop waard allinne noch brûkt as ûnderkommen foar de mechanyske meallerij en rekke yn it neigean. Yn 1961 waard it binnenwurk út de mûne ferwidere. De mûne waard ferkocht oan 'e polder Wieringerwaard en dy hat de mûne yn 1979 oerdroegen oan 'e doetiidske gemeente Barsingerhorn.

Restauraasjes

bewurkje seksje

Yn 1964 waard De Hoop foar it earst restaurearre sadat de mûne wer draaie koe. Yn 'e jierren 1970 waard de mûne fierder restaurearre en op 'e nij draaifurdich makke. Letter is in nij binnenwurk ynbrocht, wêrmei de mûne ek wer mealree waard. De mûne krige by de ferfanging fan 'e roeden yn 1904 selsswichting fan in Grinslânske mûnemakker. Nei in brek fan in roede bleau allinne de binnenroede mei selsswichting, wylst de boetenroede Ald-Hollânsk hekwurk hie. By de grutte restauraasje fan 1963-1964 krigen beide roeden fan 'e mûne Ald-Hollânsk hekwurk. By de ferfanging fan 'e roeden yun 1995 waard keazen foar it systeem Fauël (fokwjukken) mei te betsjinjen remkleppen.

Nei it brekken fan 'e as yn 2007 waard de boppeas yn 2008 ferfongen en is it wjukkekrús wer Ald-Hollânsk ophekt.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e gemeente Hollâns Kroan  
De Hoop (Den Oever)De Hoop (Oude Niedorp)De Hoop (Wieringerwaard)LeonideDe Onderneming (Hippolytushoef)De Westermolen (Nieuwe Niedorp)
  ·   ·