De Onderneming (Hippolytushoef)

De Onderneming is in reiddutsen nôtmûne yn it Noard-Hollânske doarp Hippolytushoef.

De Onderneming
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Hollâns Kroan
plak Hippolytushoef
adres Koningsweg 75
koördinaten 52°54' N 4°56' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje nôtmûne
oarspr. gebrûk nôt- en pelmûne
flecht 19,75 m
boujier 1851
oare ynformaasje
eigner Fer. De Wieringer Molens
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38925
Webside
www.dewieringermolens.nl
Kaart
De Onderneming (Hollâns Kroan)
De Onderneming

De mûne is in yn 1851 as in nôt- en pelmûne boude achtkante boppekruier. Nei't yn 'e jierren 1920 earder it pelwurk al ferwidere waard, rekke de mûne yn 'e jierren 1930 bûten gebrûk, mar de omstannichheden fan 'e Twadde Wrâldkriich makken dat de mûne reparearre en op 'e nij ynset waard. Nei de kriich bleau de mûne oant 1950 wurkjen.

Yn 1952 kocht de stifting 'Oud Wieringen' de mûne oan. Yn 'e jierren 1960 folge in restauraasje fan 'e bûtenkant, mar yn 2000 is de mûne mei in grutte restauraasje ek wer mealree makke.

De wjukkefoarm is Ald-Hollânsk en de flecht 19,75 meter. Op 'e souder dêr't it earder pelwurk stie is hjoed-de-dei in koekebrekker.

Oant likernôch 1970 stie de mûne noch frij fan bebouwing en beammen. Sûnt is it biotoop foar de mûne der net better op wurden. Oarspronklik hie de mûne trije koppels mealstiennen. Dat binne der tsjintwurdich noch twa. Yn 2019 binne twa nije roeden stutsen.

De mûne is hjoed-de-dei ien fan 'e twa mûnen fan de feriening 'De Wieringer Molens'. De oare mûne fan 'e feriening is De Hoop yn Den Oever.

Keppeling om utens

bewurkje seksje


  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Onderneming, Hippolytushoef fan Wikimedia Commons.
Wynmûnen yn 'e gemeente Hollâns Kroan  
De Hoop (Den Oever)De Hoop (Oude Niedorp)De Hoop (Wieringerwaard)LeonideDe Onderneming (Hippolytushoef)De Westermolen (Nieuwe Niedorp)
  ·   ·