De Satrapen
De Satrapen, yn it oarspronklike Spaansk: Las Satrapías, is in gedicht fan 'e hân fan 'e Sileenske dichter, skriuwer, politikus, kommunist en Nobelpriiswinner Pablo Neruda (1904-1973). Yn syn oarspronklike foarm makke it diel út fan Neruda syn magnum opus Canto General, in wiidweidich wurk oer de skiednis fan Noard- en Súd-Amearika, dat yn 1950 publisearre waard. Yn De Satrapen faget Neruda de flier oan mei de Latynsk-Amerikaanske faksistyske diktators fan syn tiid, en stelt er harren misdieden oan 'e kaak.
De Satrapen | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Las Satrapías | |
auteur | Pablo Neruda | |
taal | Spaansk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | gedicht | |
1e publikaasje | 1950, Meksiko-Stêd | |
bondel | Canto General | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Satrapen | |
publikaasje | 1975, yn De Strikel | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
Trije fan harren neamt er by namme: "Trujillo, Somoza, Carías", dy nammen ferwize nei de diktators Rafael Trujillo (1891-1961), fan 'e Dominikaanske Republyk, Anastasio Somoza García (1896-1956), fan Nikaragua, en Tiburcio Carías Andino (1876-1969), fan Hondoeras. Yn 1973, it jier fan Neruda syn dea, en teffens fan 'e troch de Amerikaanske geheime tsjinst CIA bewurkmastere militêre steatsgreep yn syn bertelân Sily troch generaal Augusto Pinochet, waard ditseldichste gedicht brûkt om tsjin 'e diktatuer yn eigen lân te protestearjen. Dêrby waarden de nammen "Trujillo, Somoza, Carías" ferfongen troch "Nixon, Frei, Pinochet", ferwizend nei Pinochet, nei Eduardo Frei Montalva, de lieder fan 'e Sileenske konservativen, dy't de steatsgreep stipe, en nei de Amerikaanske presidint Richard Nixon.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeLas Satrapías waard ûnder de titel De Satrapen yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. Hy publisearre De Satrapen yn it tydskrift Alternatyf, yn it earste nûmer fan 1974, yn 'e mande mei Dirk Kerst Koopmans, en yn it tydskrift De Strikel, yn it julynûmer fan 1975, allinne op eigen namme as oersetter. It fers is ek útstjoerd op Operaesje Fers. It oarspronklike typoskript mei hânskreaune oantekenings fan Bruinsma is yn it besit fan Tresoar, en kin dêr ynsjoen wurde ûnder oanfraachnû. 075.375.6.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|