De Stêd fan it Lok
De Stêd fan it Lok, yn it oarspronklike Frânsk: La Ville de la Chance, is in roman fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist, Nobelpriiswinner en holokaustoerlibbene Elie Wiesel (1928). It fertelt it ferhaal fan in jonge oerlibbene fan 'e konsintraasjekampen, dy't nei de Twadde Wrâldoarloch weromreizget nei syn eardere wenplak yn Hongarije en dêr yn it tichthús belânet. It mei autobiografyske eleminten ôfmakke La Ville de la Chance is skreaun yn it personele perspektyf en waard foar it earst útjûn yn 1962. De Fryske oersetting fan Jacobus Knol kaam út yn 2006.
De Stêd fan it Lok | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | La Ville de la Chance | |
auteur | Elie Wiesel | |
taal | Frânsk | |
foarm | roman | |
sjenre | holokaustliteratuer | |
1e publikaasje | 1962, Parys | |
oarspr. útjwr. | Éditions du Seuil | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Stêd fan it Lok | |
publikaasje | 2006, Dokkum | |
útjouwer | KFFB | |
oersetter | Jacobus Knol | |
ISBN oers. | 978-9 07 49 18 589 |
Ynhâld
bewurkje seksjeMichael is in jonge joad fan Hongaarsk komôf, dy't yn 'e oarloch de Dútske ferneatigingskampen oerlibbe hat. Nei de oarloch ûndernimt er mei help fan syn freon Pedro de nuodlike reis nei syn berteplak, dat no efter it Izeren Gerdyn leit. Syn doel is om 'e konfrontaasje oan te gean mei al dy lju dy't inkeld taseagen en neat diene doe't de joaden fuortfierd waarden.
Yn it kommunistyske Hongarije oankommen, wurdt er lykwols suver daliks al oppakt troch de geheime plysje, om't men him foar in spion fan ien fan 'e Westerske machten hâldt. Hy wurdt foltere en moat trije dagen lang sûnder ûnderbrekking mei it gesicht nei de muorre ta stean bliuwe, mar hy wjerstiet de boalen en ûnderfregers om Pedro de kâns te jaan en ûntkom. Underwilens komme by him alle oantinkens oan 'e oarloch en syn libben foar- en neitiid wer boppe.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe Fryske oersetting fan La Ville de la Chance ferskynde yn 2006 ûnder de titel De Stêd fan it Lok by de Kristlik Fryske Folksbibleteek (nû. 442), mei stipe fan 'e S.E. Wendelaar Bonga Stichting. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Jacobus Knol te Dokkum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|