Deaflympyske Spullen
Deaflympyske Spullen binne de Olympyske Spullen foar dôve sporters. It evenemint stiet ûnder tafersjoch fan it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee (CIDS).
Deaflympyske Spullen | ||||
Deaflympyske flagge | ||||
sport | 21 Simmersporten 6 Wintersporten | |||
organisator | Ynternasjonaal Komitee foar Sport foar Doven | |||
earste edysje | 1924 Parys (Simmerspullen) 1949 Seefeld (Winterspullen) | |||
|
Skiednis
bewurkje seksjeDe Deaflympics wurde elke fjouwer jier hâlden en binne nei de Olympyske Spullen it langstrinnende multisportevenemint yn de skiednis. De earste Spullen, dy't yn 1924 yn Parys holden waarden, wiene it earste ynternasjonale sportevenemint ea foar atleten mei in beheining. It evenemint wurdt sûnt dy tiid alle fjouwer jier hâlden, ôfsjoen fan in skoft as gefolch fan de Twadde Wrâldkriich. Yn 1949 waard Deaflympyske Winterspullen, foar it earst organisearre.
Offisjeel hjitten de Spullen oarspronklik fan 1924 oant 1965 de International Games for the Deaf (Ynternasjonale Spullen foar Doven). Fan 1966 oant 1999 waard it evenemint de World Games for the Deaf (Wrâldspullen foar Doven) neamd. Fan 2001 ôf hjit it evenemint Deaflympics (Deaflympyske Spullen).
De winterspullen fan 2011 waarden skrast as gefolch fan te min tarieding troch it organisearjende lân en om't de foarsitter fan it CIDS mear as 1.7 miljoen euro fertsjustere hie. It die bliken dat er belutsen wie by meardere fraude saken, en waard yn augustus 2011 feroardiele ta in selstraf fan trettjin jier.
De simmerspullen fan 2013 wiene al yn 2003 tawiisd oan Atene, Grikelân, mar de stêd wiisde de tawizing dochs noch ôf, om't se mei troch de ekonomyske ûnrêst yn it lân gjin organisaasje komitee mear foar inoar krigen foar it evenemint. Wêrnei't de Bulgaarske haadstêd Sofia it evenemint organisearje mocht.
De Simmerspullen fan 2021 waard in jier útsteld yn ferbân mei de wrâldwide covid-19 pandemy Dit om't de Deaflympyske Simmerspullen oars yn itselde jier útkomme soene as de Olympyske Simmerspullen en Paralympyske Simmerspullen fan 2020 dy't beide ek útsteld waarden.
Sporten
bewurkje seksjeHjoed de dei steane der ientweintich simmersporten en seis wintersporten op it programma by de Paralympyske Spullen.[1]
Simmersporten
bewurkje seksje- Hjoeddeiske sporten
- Sporten út it ferline
- Keunstdûken (1924 o/m 1977)
- Turnjen (1924 t/m 1969)
- Wetterpolo (1949 t/m 2009)
Wintersporten
bewurkje seksje- Hjoeddeiske sporten
Hâlden en takomstige Deaflympyske Spullen
bewurkje seksje
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|