Ullstein Verlag

(Trochferwiisd fan Deutscher Verlag)

Ullstein Verlag is in Dútske útjouwerij dy't fêstige is yn Berlyn. It bedriuw waard yn 1877 oprjochte troch útjouwer Leopold Ullstein en omfiemet û.m. de ymprints Ullstein Buchverlage en Propyläen Verlag. De útjouwerij publisearre foarhinne njonken boeken ek ferskate kranten, lykas B.Z. en de Berliner Morgenpost, mar de krante-útjouwerijpoat waard yn 1956 oernommen troch Axel Springer A.G. Hjoed de dei is Ullstein Verlag ien fan 'e grutste en meast foaroansteande útjouwerijen fan Dútslân, dy't eigendom is fan it Sweedske Bonnier AB.

Ullstein Verlag
algemien
nasjonaliteit Dútsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Berlyn (Dútslân)
oprjochte 1877
oprjochter Leopold Ullstein
mem Bonnier AB
offisjele webside
www.ullstein-buchverlage.de

Ullstein Verlag ûntstie doe't de Dútske útjouwer Leopold Ullstein op 14 july 1877 it liberale Berliner Tageblatt kocht fan Rudolf Mosse, en dy krante per 1 jannewaris 1878 omneamde ta de Berliner Zeitung (letter ôfkoarte ta B.Z.). Yn 1894 krige hy ek de Berliner Illustrirte Zeitung yn 'e hannen, in wykblêd dat him mei de foarútgong fan 'e technology ûntjoech ta it populêrste fototydskrift fan Dútslân. De linkse Berliner Morgenpost, dy't yn 1898 troch Ullstein oprjochte waard, wie in oare tige populêre publikaasje. De B.Z. am Mittag, dy't Ullstein yn 1904 op 'e nij yn 'e merk sette, waard it earste Dútske rabbersblêd. Yn 1914 namen de soannen fan Ullstein fierders de renommearre Vossische Zeitung oer, in liberaal deiblêd mei in skiednis dy't tebekgie oant 1617. Fan 1927 ôf publisearre Ullstein Verlag ek Die Grüne Post, in wykblêd fan haadredakteur Ehm Welk.

Yn 1919 waard de ymprint Propyläen Verlag oprjochte foar de útjefte fan non-fiksjeboeken, benammen op it mêd fan skiednis, keunsthistoarje en de klassiken út 'e Aldheid. Under deselde ymprint waarde lykwols ek in stikmannich romans publisearre, wêrfan't Im Westen nichts Neues, út 1929, fan Erich Maria Remarque, fierwei de bekendste wie. Oare fiksjeskriuwers dy't harren wurk fia Propyläen publisearren, wiene û.m. Vicki Baum en Franz Blei. Tusken 1925 en 1927 liet Ullstein Verlag in nij drukkerijgebou mei in hichte fan 76 m sette yn Berlin-Tempelhof, dat it Ullsteinhaus kaam te hjitten.

 
It Ullsteinhaus yn Berlin-Tempelhof.

Under it nazyrezjym waard de Joadske Ullstein-famylje yn 1934 ûnteigene troch de autoriteiten, en harren bedriuw 'arisearre'. Yn 1937 krige de útjouwerij de nije namme Deutscher Verlag en rekke it assosjearre mei it bedriuw fan Franz Eher Nachfolger, dat de ynformele útjouwerij fan 'e NSDAP wie. By de Deutscher Verlag waard neitiid de Deutsche Allgemeine Zeitung útjûn, en fan 1940 oant de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch ek de krante Das Reich en it tydskrift Signal.

Nei ôfrin fan 'e oarloch waard de útjouwerij weromjûn oan 'e famylje Ullstein, mar al rillegau kaam it doe yn finansjele swierrichheden. Dêrom waard yn 1956 de útjouwerij fan kranten en tydskriften oerdien oan Alex Springer A.G., dêr't B.Z. en de Berliner Morgenpost har ûntwikkelen ta rjochtse útjeften mei in hurde anty-kommunistyske toan. De eigner fan Alex Springer A.G., Alex Springer, krige tagelyk mei de oername fan 'e krantepoat in belang fan 26% yn it oerbliuwende Ullstein Verlag. Tsjin 1960 hied er de mearderheid fan 'e oandielen yn 'e hannen krigen, en wie Ullstein in dochterûndernimming fan Alex Springer A.G. wurden. Yn 2003 soe Ullstein Verlag ferkocht wurde oan Random House, mar dêr stiek it Bundeskartellamt, it Dútske federale anty-kartelburo, in stokje foar. Random House mocht inkeld de ymprints Heyne, Südwest en Diana oernimme. De rest fan Ullstein, ynkl. Ullstein Buchverlage, Propyläen, Claassen, Econ, List en Marion von Schröder, waard doe oankocht troch it Sweedske Bonnier AB.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.