Diogenes Verlag
Diogenes Verlag (de namme wurdt gauris ferkoarte ta Diogenes) is in Switserske útjouwerij, fêstige yn Zürich, dy't him yn haadsaak taleit op 'e Dútsktalige merk. It bedriuw waard yn 1952 oprjochte troch Daniel Keel, en publisearret benammen literêre fiksje, toanielstikken en cartoons. Diogenes stiet sûnt 2012 ûnder lieding fan Philipp Keel, de soan fan 'e oprjochter.
Diogenes Verlag | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Switsersk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
fêstige yn | Zürich | |
oprjochte | 1952 | |
oprjochter | Daniel Keel | |
offisjele webside | ||
www.diogenes.ch |
Skiednis
bewurkje seksjeDiogenes Verlag waard yn 1952 oprjochte troch útjouwer Daniel Keel, dy't syn bedriuw ferneamde nei de filosoof Diogenes om't dy it opnaam tsjin alderhanne ynsliten gebrûken en gewoanten. Boppedat died er dat net inkeld yn teory, mar libbe er dêr ek nei. Ek it feit dat Diogenes hielendal gjin eigen geskriften neiliet mar dochs net fergetten rekke is, spriek Keel tige oan. It earste boek fan 'e nije útjouwerij wie in Dútsktalige oersetting fan Hurrah for St. Trinian's!, fan Ronald Searle. Tsjin 1962 hie Keel al tolve minsken yn 't wurk. Yn 1966 waard Rudolf Bettschart, dy't al fan bern ôf oan mei Keel befreone wie, mei-eigner fan 'e útjouwerij; hy waard ferantwurdlik foar finânsjes en marketing.
Yn 2002, persiis fyftich jier nei de oprjochting, hie Diogenes 60 wurknimmers en wie it ien fan 'e grutste Jeropeeske útjouwerijen foar fiksje wurden, mei in fûnskatalogus fan mear as 3.400 boeken fan 700 auteurs, dêr't mear as 150 miljoen eksimplaren fan ferkocht wiene. Op dat stuit wiene 1.744 titels fan 350 skriuwers noch leverber, mei dêrûnder benammen literêre fiksje, toanielstikken en cartoons. Oare sjenres dy't Diogenes yn mindere mjitte ek útjout, binne non-fiksje oer keunst, berneboeken, detektiveromans en audioboeken. Daniel Keel kaam op 13 septimber 2011 te ferstjerren; syn soan Philipp Keel naam de útjouwerij formeel oer yn april 2012. Datselde jiers wûn Diogenes de titel 'Utjouwer fan it Jier', takend troch it fakblêd Buchmarkt, foar de alfde kear sûnt 1982.
Skriuwers
bewurkje seksjeGuon bekende skriuwers fan wa't wurk by Diogenes ferskynt is, binne: Jakob Arjouni, Honoré de Balzac, Albert Camus, Paulo Coelho, Charles Dickens, Jessica Durlacher, Albert Einstein, William Faulkner, Federico Fellini, F. Scott Fitzgerald, Gustave Flaubert, Sigmund Freud, Nikolaj Gogol, René Goscinny, Arnon Grünberg, John Irving, D.H. Lawrence, Ian McEwan, Molière, Friedrich Nietzsche, George Orwell, Bernhard Schlink, Georges Simenon, Robert Louis Stevenson, Patrick Süskind, Leo Tolstoj, Anton Tsjechov, Mark Twain, Jules Verne, Barbara Vine, Oscar Wilde en Leon de Winter.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literature en References, op dizze side. |