Dirty Harry (filmsearje)
Dirty Harry is in Amerikaanske filmsearje besteande út fiif plysjefilms út 'e 1970-er en 1980-er jierren, dy't tsjintwurdich allegear beskôge wurde as klassikers. De films geane oer de bikkelhurde plysjeman Dirty Harry Callahan út San Francisco, dy't der net foar tebekskrillet om oer te gean ta figilantisme as de regeltsjes him de útoefening fan syn berop ûnmooglik meitsje. Akteur Clint Eastwood spile Dirty Harry yn alle fiif films en regissearre sels ek ien film út 'e rige.
Dirty Harry | ||
betinker | Harry Julian Fink en R.M. Fink | |
eigner | Malpaso Productions Warner Bros. | |
lân | Feriene Steaten | |
begjinjier | 1971 | |
einjier | 1988 | |
films | ||
langspylfilms | ● Dirty Harry ● Magnum Force ● The Enforcer ● Sudden Impact ● The Dead Pool | |
spultsjes | ||
fideospultsjes | ● Dirty Harry: The War Against Drugs ● Dirty Harry (fideospultsje) | |
literatuer | ||
romans | Dirty Harry (romansearje) |
Films
bewurkje seksjeDirty Harry
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Dirty Harry (film).
De earste film fan 'e searje, Dirty Harry, yntrodusearret Dirty Harry Callahan, in bikkelhurde resjersjeur by it San Francisco Police Department, dy't de searjemoardner Scorpio op it spoar komt. Hy is wisberet om 'e befolking fan San Francisco fan it gefaar dat de man ynhâldt te frijwarjen, ek as er dêr sels de wet foar oertrêdzje moat. As de moardner in famke ûntfiert en nei eigen sizzen libben begraaft en har lokaasje ruilje wol foar losjild, is Callahan dejinge dy't it jild besoarget. Hy wit de moardner te ferwûnjen, wat him en syn kollega's letter by steat steld om 'e man op te spoaren. Callahan mishannelet de moardner oant dy de lokaasje fan it famke priisjout, dat lykwols al dea blykt te wêzen. Neitiid moat Scorpio frijlitten wurde om't syn bekentenis troch Callahan syn optreden ûnbrûkber is foar strafferfolging. As Scorpio op 'e nij in gizeling begjint, is Callahan dêr klear foar. Hy jaget de moardner op en sjit him dea as er him úteinlik te pakken kriget.
Dirty Harry waard regissearre troch Don Siegel nei in senario fan Harry Julian Fink, R.M. Fink, Dean Riesner en John Milius. De film gie op 22 desimber 1971 yn premiêre en brocht yn 'e Feriene Steaten allinne al $36 miljoen op tsjin in budget fan $4 miljoen. Tsjintwurdich wurdt Dirty Harry sjoen as in wiere filmklassiker en it personaazje fan Dirty Harry hat sûnt de 1970-er jierren in ûnbidich grutte ynfloed hân op 'e Westerske filmyndustry. Syn reuseftige Smith & Wesson Model 29 .44 Magnum-revolver is ikoanysk wurden, en itselde jildt foar útspraken dêr't er mei op 'e lapen komt yn it gefal fan in wapene ympasse, lykas "Go ahead, make my day," ("Toe mar, meitsje myn dei mar goed") en "[…] you've got to ask yourself one question: 'Do I feel lucky?' Well, do ya, punk?" ("[…] moatst dysels ien fraach stelle: 'Is dit myn geloksdei?' No, wat tinkst, ellindeling?").
Magnum Force
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Magnum Force.
As der yn Magnum Force ûnder mear as gewoan fertochte omstannichheden ferskate kriminelen fermoarde wurde, begjint Callahan op in stuit te fermoedzjen dat der in deadseskader binnen it San Francisco Police Department bestiet, dat de wet yn eigen hân nommen hat om misdiedigers út 'e wei te romjen dy't om 'e iene of oare reden oan rjochtsferfoling ûntkommen binne. Hoewol't Callahan sels net fiis is fan brute metoaden en boppedat geregeldwei in loopke nimt mei de regels, giet it op-en-út fermoardzjen fan minsken him te fier. Hy is wisberet om in ein oan 'e praktiken fan it deadseskader te meitsjen, en de foute plysjes binne teloarsteld as se him in plak yn harren rangen oanbiede en hy it oanbod ôfslacht. Om't Callahan no tefolle wit, sille se him ek út 'e wei romje moatte, mar dat falt harren noch net ta.
Magnum Force waard regissearre troch Ted Post nei in senario fan John Milius en Michael Cimino. De film gie op 25 desimber 1973 yn premiêre, en brocht $44,7 miljoen op tsjin in budget fan ûnbekende grutte. In bekend sitaat fan Dirty Harry út dizze film is: "a man's got to know his limitations" ("in man moat syn beheinings kenne").
The Enforcer
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side The Enforcer (film út 1976).
Yn The Enforcer wurdt Callahan troch syn baas, by wize fan bestraffing foar syn rûchhouwerige fanwegen kommen by in gizeling, oantangele mei in jonge ûnûnderfûne froulike plysjepartner, Kate Moore (Tyne Daly). As syn âlde partner Frank DiGiorgio (John Mitchum) by tafal op it ferkearde stuit op it ferkearde plak is, en fermoarde wurdt troch leden fan 'e ekstremistyske politike beweging People's Revolutionary Strike Force (PRSF) wurdt it ûndersyk nei de moard oan Callahan en Moore taskood. Dy pakke nei in bomoanslach de dieder op, in PRSF-lid dat earder belutsen west hat by in militante Afro-Amerikaanske aksjegroep. Callahan syn baas Jerome McKay (Bradford Dillman) besiket goede sier te meitsjen troch de leden fan 'e aksjegroep op te pakken en alle misdriuwen fan 'e PRSF foar oplost te ferklearjen. Callahan wegeret dêr oan mei te dwaan en wurdt op non-aktyf steld. As de PRSF letter de boargemaster ûntfiert, wurdt dy befrijd troch Callahan en Moore. By dy aksje komt Moore om, mar Callahan wreket har troch de moardner mei grou geweld te deadzjen.
The Enforcer waard regissearre troch James Fargo nei in senario fan Stirling Silliphant en Dean Riesner. De film gie op 22 desimber 1976 yn premiêre, en brocht $46,2 miljoen op tsjin in budget fan $9 miljoen.
Sudden Impact
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Sudden Impact (film).
Yn Sudden Impact set Jennifer Spencer (Sondra Locke), in jonge frou dy't it slachtoffer wurden is fan in groepsferkrêfting, tsien jier letter útein mei it opspoaren en fermoardzjen fan 'e dieders. Callahan wurdt op 'e saak fan 'e nije searjemoardner set en reizget ôf nei it lytse stedsje dêr't de moarden plakfine. Dêr komt er yn 'e kunde mei in frou mei wa't er in romantyske relaasje begjint, net wittende dat sy de dieder is. As de oerbleaune ferkrêfters ûntdekke dat se ien foar ien ôfmakke wurde, sette se de jacht op Spencer yn. Se ûntfiere har en fermoardzje de pleatslike plysjekommissaris. Callahan grypt yn en makket regaad.
Sudden Impact waard regissearre troch haadrolspiler Clint Eastwood sels, nei in senario fan Joseph Stinson. De film gie op 9 desimber 1983 yn premiêre, en brocht $67,6 miljoen op tsjin in budget fan $22 miljoen.
The Dead Pool
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side The Dead Pool.
Yn The Dead Pool ûndersykje Callahan en syn nije partner Al Quan (Evan Kim) de moard op rocksjonger Johnny Squares (Jim Carrey). It docht al rillegau bliken dat der in list yn omrin is fan bekende persoanen dy't grutte kâns rinne mei koarten dea te gean (in "deadepoel"), opsteld troch regisseur Peter Swan (Liam Neeson). Dy hie dêrmei as doel om mei syn maten op basis fan 'e list weddenskippen ôf te sluten. No begjinne de persoanen op 'e list it yn fluch tempo ôf te lizzen, mar net troch natuerlike oarsaken. Saillant detail is dat Callahan syn eigen namme ek op 'e list stiet. Uteinlik komme hy en Quan in geastlik steurde fan fan Swan op it spoar dy't foar de moarden feranwurdlik liket te wêzen. Dan moat Callahan him noch te pakken sjen te krijen foar't er Callahan te pakken kriget.
The Dead Pool waard regissearre troch Buddy Van Horn nei in senario fan Steve Sharon. De film gie op 13 july 1988 yn premiêre, en brocht $37,9 miljoen op tsjin in budget fan $31 miljoen. Nei it meitsjen fan The Dead Pool besleat Clint Eastwood net wer yn 'e hûd fan Dirty Harry te krûpen, mei't er fûn dat syn leeftyd (hy wie 58 yn 1988) fierdere films ta in parody meitsje soe.
Romans
bewurkje seksjeYn 'e 1980-er jierren brocht útjouwerij Warner Books de Dirty Harry-romansearje út. Dat is in rige fan tolve romans oer de aventoeren fan Dirty Harry, dy't ferskynden fan 'e hân fan in skriuwer dy't it pseudonym Dane Hartman brûkte. Yn 'e 1990-er jierren waarden de boeken ek oerset yn it Frânsk.
Fideospultsjes
bewurkje seksjeFierders waarden der twa fideospultsjes basearre op 'e Dirty Harry-filmsearje. Dirty Harry: The War Against Drugs kaam út yn 1990 en ynkorporearre ferskate ferwizings nei de filmsearje. Dirty Harry wie basearre op 'e film mei deselde namme út 1971. It spulsje soe yn 2007 útkomme, mar waard op it lêste momint ynlutsen troch de produsint, The Collective, Inc.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Dirty Harry (filmsearje) | |
---|---|
Dirty Harry (1971) • Magnum Force (1973) • The Enforcer (1976) • Sudden Impact (1983) • The Dead Pool (1988) |