Magnum Force

film út 1973 fan Ted Post

Magnum Force is in Amerikaanske plysjefilm út 1973 ûnder rezjy fan Ted Post, mei yn 'e haadrollen Clint Eastwood en Hal Holbrook. De titel betsjut "Magnumkrêft", en ferwiist nei it favorite fjoerwapen fan 'e haadpersoan: de reuseftige Smith & Wesson Model 29 .44 Magnum-revolver. Magnum Force is de twadde fan fiif films wêryn't Eastwood de rol spile fan 'e bikkelhurde plysje-ynspekteur "Dirty Harry" Callahan. De film folget as sadanich op Dirty Harry, út 1971. It ferhaal folget Dirty Harry as der in rige bekende kriminelen fermoarde wurdt en hy begjint te fermoedzjen dat dêr in plysjeman efter sit. Fan 'e filmkritisy krige Magnum Force oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film ek in grut kommersjeel súkses. De folgjende film yn 'e rige, The Enforcer, kaam út yn 1976.

Magnum Force
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Ted Post
produsint Robert Daley
útfierend
   produsint
Clint Eastwood
senario John Milius
Michael Cimino
kamerarezjy Frank Stanley
muzyk Lalo Schifrin
filmstudio The Malpaso Company
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Clint Eastwood
Hal Holbrook
byrollen David Soul
Felton Perry
Tim Matheson
Kip Niven
Robert Urich
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 25 desimber 1973
foarm langspylfilm
sjenre plysjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 124 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $44,7 miljoen (Feriene Steaten)
filmsearje
filmsearje Dirty Harry (filmsearje)
● foarich diel Dirty Harry (film)
● folgjend diel The Enforcer

As maffiabaas Carmine Ricca nei syn frijspraak fan moard omreden fan gebrek oan bewiis yn syn limûsine nei hûs riidt, wurdt er op in stille strjitte yn San Francisco steande holden troch in motorplysje, dy't him, syn beide liifwachten en syn abbekaat Nat Weinstein deasjit. Ynspekteur "Dirty Harry" Callahan besiket it plak delikt mei syn nije partner, de swarte resjersjeur Earlington "Early" Smith, ek al hearre sy beiden undercover yn in winkel te wurkjen dêr't in oerfal ferwachte wurdt. Callahan kriget dêroer wurden mei syn superieur, haadynspekteur Neil Briggs, dy't him net lije mei om't er him net altyd oan 'e regels hâldt, en him dêrom fan 'e ôfdieling Moardsaken ôfhelle hat. Underweis werom nei harren surveillânsepost geane Callahan en Early by in fastfoodrestaurant op 'e lofthaven oan, dat eksploitearre wurdt troch in âld-plysjeman. As der op 'e lâningsbaan in ferkearsfleantúch kaapt blykt te wêzen troch twa kriminelen, lost Callahan de sitewaasje op foar him typearjende wize op ear't Briggs en de FBI arrivearje kinne.

Dy jûns giet Callahan nei de sjitbaan fan 'e plysje, om te trainen foar it jierlikse kampioenskip sportsjitten fan it San Francisco Police Department, dat der mei koarten wer oan komt. Dêr moetet er de ferkearsplysjes Phil Sweet, John Davis, Red Astrachan en Mike Grimes, dy't noch mar krekt fan 'e plysjeskoalle kommen binne. Sweet en fral Davis binne ek geduchte skerpskutters. Dyselde jûns moetet Callahan ek Charlie McCoy, in oan legerwâl rekke motorplysjeman mei wa't er befreone is. McCoy is by de frou wei rekke om't er troch syn wurk geastlik labyl wurden is. Hy is lykwols noch wol yn aktive tsjinst. De útspraken dy't McCoy docht, bare Callahan soargen. De oare deis slachtet in motorplysje mei in mitrailleur yn in bûtenwyk fan San Francisco in stikmannich manlju en jonge froulju ôf dy't in feestje fiere yn en om it swimbad hinne by de filla fan in maffiabaas. Jûns giet Callahan op besite by McCoy syn eks-frou Carol en har trije bern. Hja fertelt him dat McCoy de lêste kear dat er har en de bern opsocht, sittend op 'e bank Russyske rûlette mei syn plysjerevolver begûn te spyljen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Callahan wurdt by Carol, dy't besiket him mei op bêd te krijen, weiroppen troch in tillefoantsje fan Early, dy't him warskôget dat it no heve sil mei de oerfal op 'e winkel. Callahan hastiget him dêrhinne en giet fia de efterdoar nei binnen ta. As de winkel yndie troch trije man oerfallen wurdt, sjit Callahan twa fan harren dea en Early ien. Dyselde jûns wurdt in swarte prostituee yn in taksy foar it efterhâlden fan jild troch har poaier fermoarde troch har ûntstoppingsmiddel troch de kiel te jitten. Deselde poaier wurdt de oare deis oanholden troch in motorplysje en deasketten. Under druk fan syn bazen set Briggs mei tsjinnichheid Callahan en Early op 'e saak. By it ûndersykjen fan it lêste plak delikt riddenearret Callahan út wat der bard wêze moat en dat de dieder in plysjeman is. Hy nimt oan dat it Charlie McCoy wêze moat. Dy deis moetet Callahan yn 'e hal fan syn appartemintekompleks de jonge Aziatyske frou Sunny, dy't dêr ek wennet. Se freget him wat se dwaan moat om mei him op bêd te kinnen; hy seit dat it ornaris wol ta kin mei by syn appartemint oan te klopjen. Dy jûns kloppet se by him oan en reitsje se mei-inoar op bêd.

Letter wurde drugsbaron Lou Guzman en de beide jonge manlike en froulike prostituees dy't by him binne, yn syn appartemint deasketten troch in motorplysje. Op syn flecht komt de motorplysje yn 'e parkearkelder ûnder it appartemintekompleks, dêr't er syn motorfyts stald hat, Charlie McCoy tsjin, dy't him krekt eefkes opfrist hat nei't er fuortby it gebou in lytse oanriding mei in auto hân hie. De oare motorplysje sjit McCoy dea om gjin tsjûgen te hawwen. It appartemint fan Guzman waard lykwols út it foaroerlizzende gebou yn 'e gaten holden troch Callahan syn âlde partner Frank DiGiorgio en in oare plysjeman. Dy beiden hawwe sjoen hoe't McCoy fuort foar de moarden oanriden is. Callahan giet nei Briggs ta mei syn teory dat McCoy de moardner is, mar Briggs helpt him fluch út 'e dream, om't McCoy krekt ien fan 'e slachtoffers is: syn stoflik omskot is yn 'e parkearkelder fûn troch syn kollega John Davis. Neitiid begjint Callahan Davis en dy syn trije maten te fertinken, mei't er net goedkrije kin hoe't Davis flugger yn it appartemintekompleks fan Guzman wêze koe as DiGiorgio.

Op it sportsjitkampioenskip fan 'e plysje ferliest Callahan yn 'e finale fan Davis, om't er by in neibearde sjitpartij by fersin in doelwyt yn plysjeklean delsjit. Neitiid lient er Davis syn Colt Python by wize fan bewûndering fan it fjoerwapen en sjit der in pear kûgels mei ôf. Mei ien dêrfan rekket er by ûngelok mei sin in doarstile op 'e sjitbaan. Nei tsjuster, as de sjitbaan folslein ferlitten is, komt er werom en peuteret de kûgel út it hout om him mei ballistysk ûndersyk te ferlykjen mei in kûgel dy't yn 'e auto fan 'e poaier oantroffen is. As de markearrings op 'e kûgel oerienkomme, befêstiget dat syn fermoeden dat Davis en syn maten in geheim deadseskader binnen it San Francisco Police Department foarmje, dat ferantwurdlik is foar alle moarden. Briggs liket soks wol nei fleanen; hy negearret Callahan syn bewearing dat de dieder of dieders ien of mear plysjes binne en hâldt fol dat Frank Palancio, in hiermoardner fan 'e maffia, efter de moarden sitte moat.

Callahan twingt Briggs om him Davis en Sweet te lienen foar de arrestaasje fan Palancio. Dyselde wurdt lykwols foarôf tillefoanysk warskôge dat men fan doel is him te fermoardzjen en dat de dieders ferklaaid wêze sille as plysjes. Sadwaande begjinne hy en syn trewanten fuortendaliks te sjitten as Davis en Sweet by him oanklopje. Dêrby komt Sweet om it libben. Davis sjit Palancio syn trewanten dea, wylst Palancio himsels deariidt as er yn 'e auto besiket te ûntkommen. As it kantoar fan Palancio trochsocht wurdt, smyt dat hielendal gjin bewiismateriaal op dat him mei de oare moarden yn ferbân bringe kin. Dat befêstiget Callahan nochris yn syn fermoeden. Hy riddenearret dat Sweet opoffere is om him (Callahan) fan it spoar ôf te lieden.

As er letter dy deis thúskomt, wurdt er yn 'e parkearkelder fan syn flatgebou opwachte troch Davis, Astrachan en Grimes, dy't him foar de kar stelle om him by harren te jaan; oars sille se him as harren fijân beskôgje. Callahan stegeret har ôf. Hy ûntdekt in bom yn syn brievebus yn 'e hal fan it flatgebou, en is krekt op 'e tiid om it libben fan Sunny te rêden, dy't syn kaai hat en him syn post bringe soe. Hy wit de bom te ûnmanteljen troch de hiele brievebus los te skroeven (ynstee fan mei de kaai iepen te meitsjen). It is in bom dêr't in timer op sit en dy't dus ek as tiidbom brûkt wurde kin. Callahan besiket Early te warskôgjen, mar kin him net op 'e tiid berikke foar't er syn brievebus iepenet. In twadde bom giet ôf, en Early is op slach dea.

Callahan skillet Briggs op, dy't sels delkomt om 'e bom op te heljen. As se ienris tegearre yn 'e auto sitte, lûkt Briggs lykwols syn pistoal. It docht bliken dat hy de lieder fan it deadseskader is. Hy twingt Callahan om himsels te ûntwapenjen, wylst er it figilantisme fan himsels en de oaren besiket te behimmeljen mei arguminten oer it net-funksjonearjende rjochtsstysteem yn 'e Feriene Steaten. It is dúdlik dat Briggs Callahan earne mei hinne nimme wol om him te fermoardzjen, dat Callahan, dy't efter it stjoer sit, riidt in bus oan om Briggs ôf te lieden, smyt syn pistoal ta it rút út en raamt him dan mei de holle tsjin it dashboard oant er bewusteleas rekket. Grimes, dy't harren op 'e motor folge, set de efterfolging yn as Callahan besiket út te naaien, mar Callahan swaait de auto nei't er in bline bocht nommen hat en riidt Grimes dea as dy om 'e hoeke komt.

Underwilens komme de troch Grimes oer de portofoan warskôge Davis en Astrachan opdaagjen, dy't Callahan efterfolgje nei it terrein fan in skipssloperij. Dêr siket Callahan beskûl yn in âld fleandekskip. Wylst de beide korrupte motorplysjes him troch it tsjustere binnenste fan it skip efterfolgje, ferspilet Astrachan syn munysje troch op syn eigen wjerbyld yn in spegel te sjitten, wêrnei't Callahan him deaslacht. Hy stelt de motorfyts fan Astrachan en springt dêrmei ferskate kearen nei oanbuorjende skippen, efterfolge troch Davis op syn eigen motorfyts. As der gjin dekromte mear oer is, wit Callahan syn motor op 'e tiid te remjen, mar Davis is dêr te let mei riidt de Baai fan San Francisco yn, dêr't er troch de klap bewusteleas rekket en ferdrinkt.

As Callahan wer nei de auto fan Briggs ta mankepoatet, blykt dat dy wer by bewustwêzen kommen is. Hy hat ûnderwilens Callahan syn revolver en kûgels fan 'e efterbank opsocht en bedriget him dêr no mei. Callahan seit dat er Briggs syn deadseskader útrûge hat, mar Briggs antwurdet dat der fan Davis-en-dy ienentweintich yn in snies geane en dat er samar ferfangers foar harren fine sil. Hy kiest derfoar om Callahan net dea te sjitten, mei't er fan doel is om him foar alle moarden opdraaie te litten. Want wa tinkt Callahan no eins dat harren superieuren leauwe sille: immen mei in ûnberisplike steat fan tsjinst, of in ûnstjoerd projektyl as Callahan, dy't krekt trije jonge plysjes deamakke hat? Wylst Callahan, dy't al heal yn 'e auto klommen wie, wer útstapt, aktivearret er ûngemurken de timer fan 'e bom en smyt it ding op 'e efterbank. Briggs stapt yn en riidt fuort. Callahan sjocht him nei oant de bom ûntploft en de auto mei Briggs deryn ferneatiget.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Clint Eastwood yn 'e rol fan Dirty Harry.
 
Hal Holbrook.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
ynspekteur "Dirty Harry" Callahan Clint Eastwood
haadynspekteur Neil Briggs Hal Holbrook


byrollen
personaazje akteur/aktrise
plysje John Davis David Soul
ynspekteur Earlington "Early" Smith Felton Perry
plysje Phil Sweet Tim Matheson
plysje Red Astrachan Kip Niven
plysje Mike Grimes Robert Urich
ynspekteur Frank DiGiorgio John Mitchum
plysje Charlie McCoy Mitchell Ryan
Carol McCoy Christine White
Sunny Adele Yoshioka
J.J. Wilson (de poaier) Albert Popwell
Carmine Ricca Richard Devon
Frank Palancio Tony Giorgio
Lou Guzman Clifford A. Pellow
Nat Weinstein Maurice Argent
Walter Jack Kosslyn
Estabrook Bob March
prostituee Margaret Avery
taksysjauffeur Bob McClurg
topless frou yn swimbad Suzanne Somers

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Senarioskriuwer John Milius betocht yn 1970 in plot oer in groep korrupte jonge plysjes dy't yn San Francisco systematysk kriminelen begjinne te eliminearjen. Dêrmei woed er sizze dat der noch mindere plysjes bestiene as Dirty Harry, dy't it rjocht soms ek suver yn eigen hân naam. Terrence Malick yntrodusearre dat idee yn in kladferzje fan it senario fan 'e earste Dirty Harry-film, mar regisseur Don Siegel fûn it mar neat en ferwiisde it nei de foddekoer. Haadrolspiler Clint Eastwood ûnthold it lykwols en letter liek it him in goed útgongspunt ta foar in ferfolchfilm.

De wurktitel fan 'e ferfolchfilm wie Vigilance ("Wachens", mar ek in ferwizing nei figilantisme), mar dat waard al rillegau feroare yn Magnum Force, by wize fan ferwizing nei de Smith & Wesson Model 29 .44 Magnum-revolver fan Dirty Harry. Om't Milius himsels ferplichte hie ta it meitsjen fan 'e film Dillinger, waard Michael Cimino ynhierd om it kladskript fan Milius te bewurkjen, ûnder tafersjoch fan Ted Post, dy't de film regissearje soe. De tafoeging fan it personaazje Sunny, mei wa't Dirty Harry in seksuele relaasje kriget, wie in idee fan Eastwood, dy't nei't it skynt fanmail krigen hie fan froulju dy't woene dat Dirty Harry fersierd waard troch in frou (en net oarsom). Milius wie net bliid mei de feroarings oan syn skript, en dat is noch sêft útdrukt. Hy sei letter yn in fraachpetear dat er fan alle films dêr't er by belutsen wie, it minst hold fan Magnum Force.

As produsint wie Robert Daley yn it projekt behelle, dy't wurke yn opdracht fan The Malpaso Company, de filmstudio fan Clint Eastwood. Dyselde wie sadwaande behalven haadrolspiler ek útfierend produsint. De funksje fan regisseur wie earst ek oan Eastwood sels oanbean, mar dat oanbod hied er ôfslein. Foar him yn 't plak waard doe Ted Post oannommen, ûnder waans rezjy Eastwood earder aktearre hie yn 'e tillefyzjesearje Rawhide en de westernfilm Hang 'Em High. Assistint-regisseur wie Buddy Van Horn, dy't letter de lêste Dirty Harry-film, The Dead Pool, regissearje soe. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Frank Stanley, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Argentynske komponist Lalo Schifrin.

De opnamen fan Magnum Force setten ein april 1973 útein. Op 'e filmset rekken Eastwood en Post geregeldwei deilis. Eastwood, dy't as útfierend produsint sizzenskip oer de finansiering hie, wegere omreden fan tiid en kosten tastimming te jaan foar twa wichtige sênes dy't Post yn 'e film hawwe woe. Krekt as mei al syn films besocht Eastwood de opnamen sa koart en glêd mooglik ferrinne te litten, en sadwaande wegere er gauris om in retake fan in sêne te dwaan as er sels fûn dat it der al goed op stie.

Post sei dêroer letter yn in fraachpetear lykwols: "In protte fan 'e dingen dy't [Eastwood] sei, wiene basearre op folsleine, egoïstyske ûnwittendheid, en lieten sjen dat hy de man mei de macht wie. Tsjin 'e tiid dat er Magnum Force makke, wie Clint syn ego hast in lân op himsels." Post bleau jierrenlang tige bitter oer syn gearwurking mei Eastwood oan Magnum Force, en bewearde dat de film folle minder wie as er hoegde te wêzen en ek dat dat in negative ynfloed op syn eigen lettere karriêre hân hie. Assistint-kameraregisseur Rexford Metz sei oer de rûzjes op 'e set: "Eastwood ferrekte it om tiid út te lûken om in sitewaasje te perfeksjonearjen. As it foar santich persint goed is, fynt hy it bêst genôch, want hy wit dat syn publyk soks akseptearje sil."

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Magnum Force waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 25 desimber 1973 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige Magnum Force oer it algemien positive resinsjes, hoewol't der ek ôfwikende lûden wiene. Sa hie Nora Sayre fan The New York Times krityk op 'e neffens har tsjinstridige morele tema's fan 'e film. Frank Rich ornearre dat de film "itselde âlde spul" wie. En Pauline Kael, dy't al jierrenlang sûnder ophâlden hurde kritiyk op Eastwood spuide, skreau: "Hy is gjin akteur, dus je kinne him eins gjin minne akteur neame. Hy soe ris aktearje moatte foar't wy bepale kinne oft er dat goed of min docht. And aktearjen hoecht er net te dwaan yn Magnum Force." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Magnum Force in frij heech goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 20 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 7 resinsjes.

Magnum Force brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten $44,7 miljoen op, wat in hegere opbringst is as de foargeande film, Dirty Harry, behelle. Feitliks wie Magnum Force yn 'e Feriene Steaten de op fiif nei meast opbringende film fan 1973. It is net bekend wat de film om utens opbrocht en ek it budget is ûnbekend, mar Magnum Force wie yn elts gefal kommersjeel súksesfol.

Foar ferskate akteurs wie Magnum Force it begjin fan harren karriêre. Dêrûnder wiene David Soul, dy't letter wrâldferneamd waard as ien fan 'e haadrolspilers yn 'e plysjesearje Starsky & Hutch; Robert Urich, dy't letter spile yn S.W.A.T., Vega$ en Spenser for Hire; en Tim Matheson, dy't neitiid te sjen wie yn Animal House en Fletch. Tillefyzje-aktrise Suzanne Somers út searjes as Three's Company en Step by Step wie yn Magnum Force te sjen as de topless blondine by it swimbadfeest fan 'e maffiabaas.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Dirty Harry (filmsearje)
Dirty Harry (1971) • Magnum Force (1973) • The Enforcer (1976) • Sudden Impact (1983) • The Dead Pool (1988)