Djin

(Trochferwiisd fan Djinn)

In djin (Arabysk: جن‎, jinn; útspr.: [ʤin:], likernôch: "dzjyn") is in mytysk wêzen út 'e folkloare fan 'e pre-islamityske kultuer fan 'e Arabieren, dy't letter opnommen is yn 'e mytology en teology fan 'e islaam. It fertsjintwurdiget dêrmei in heidensk konsept dat trochkrongen is yn 'e islamityske lear. Etymologysk komt it wurd 'djin' fan 'e Semityske woartel JNN (Arabysk: جَنّ / جُنّ, jann), wêrfan't de primêre betsjutting "ferbergje" is. Djins binne sadwaande wêzens dy't (ornaris) foar de minsklike sintugen ferburgen binne.

Al-Maliik al-Aswad, de 'swarte kening' fan 'e djins, op in yllustraasje út it 14e-iuwske Boek fan 'e Wûnders.

Troch de útwreiding fan 'e islamityske godstsjinst it ek it leauwe yn djins yn 'e Midsiuwen oer in grutter diel fan 'e wrâld ferspraat rekke, wêrûnder Yndia, Pakistan, Turkije, Albaanje en Maleizje. Se binne it bekendst út it mearke Aladdin en de Wûnderlampe, oer in jonge dy't in oaljelampe fynt wêryn't in djin húsmannet dy't trije winsken ferfollet. In bekende, Ingelske, ferbastering fan it wurd 'djin' is genie (útspr.: ['ʤi:ni], likernôch: "dzjii-ny"), dat fia it Frânske génie en it Latynske genius op it oarspronklik Arabyske wurd weromgiet.

Djins wurde ornaris foarsteld as geasten of demoanen. Neffens de islamityske lear wurde se lykwols net berne as leauwich of ûnleauwich, mar hinget harren goedens of kweadaardigens ôf fan 'e fraach oft se de geboaden fan God akseptearje. Yn 'e islamityske kontekst wurdt de term 'djin' brûkt as sawol in oerkoepeljende beneaming foar alle mytyske wêzens, as om te ferwizen nei in spesifyk type fan sokke wêzens. Sadwaande wurde se faak op ien sike neamd mei duvels (shayāṭīn).

Yn it pre-islamityske tiidrek waarden djins troch in protte Arabieren fereare, mar oars as goaden waarden se nea beskôge as ûnstjerlik. Yn 'e Koraan wurde djins likernôch 29 kear neamd. Neffens de islamityske tradysje waard de profeet Mohammed net inkeld stjoerd om it wiere leauwe (de islaam) oan 'e minsken te ferkundigjen, mar ek oan 'e djins. Soera 72 fan 'e Koraan, dy't bekend stiet as de Soera fan 'e Djins, wurdt beskôge as in ferslach fan 'e fersprieding troch Mohammed fan 'e islaam mank de djins. Neffens ferskate ferhalen soene selskipslju fan Mohammed tsjûge fan dy ferkundiging west hawwe.

It leauwen yn it bestean fan djins heart net ta de leauwensartikels fan 'e islaam, sa't mei it leauwen yn it bestean fan ingels wol it gefal is. Nettsjinsteande dat beskôget alteast in diel fan 'e moslims it leauwen yn djins as in essinsjeel part fan harren religy. Mei't de islaam in strang monoteïsme oanhinget, wurdt lykwols eltse bân tusken djins en it godlike ûntstriden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.