Dream Walkin' (album)

Dream Walkin’ is it fjirde studio-album fan 'e Amerikaanske countrysjonger Toby Keith, dat op 24 juny 1997 útbrocht waard by platemaatskippij Mercury Records. It wie it lêste album fan Keith dat by Mercury ferskynde foar syn oerstap nei konkurrint DreamWorks Records. Produsinten wiene Keith sels en James Stroud. Dream Walkin’ omfettet alve lieten en hat in doer fan 40:18 minuten. It berikte it twadde plak yn 'e Amerikaanske Billboard Top Country Albums, en it 107e plak yn de (algemiene) Billboard 200-albumlist. Fan it album waarden mear as 500.000 eksimplaren ferkocht, en it waard as gouden plaat sertifisearre troch de Recording Industry Association of America (RIAA).

Dream Walkin’
algemiene ynformaasje
artyst Toby Keith
taal Ingelsk
sjenre countrymuzyk
útbrocht 24 juny 1997
doer 40:18 min.
label Mercury Records
produsint James Stroud, Toby Keith
resultaten
ferkocht > 500.000
albumlisten nû. 2 yn de Feriene Steaten
sertifisearre (goud)
albumgronology fan Toby Keith
Blue Moon
(1996)
  Dream Walkin’
(1997)
  Greatest Hits Volume One
(1998)
nû. titel skriuwers doer opmerkings
1. We Were in Love Chuck Cannon, Allen Shamblin 4:20 single, 1997
2. Dream Walkin' Toby Keith, Chuck Cannon 3:56 single, 1998
3. You Don't Anymore Toby Keith, Eric Silver 3:28
4. Jacky Don Tucker (Play by the Rules Miss All the Fun) Toby Keith, Chuck Cannon 2:58
5. Tired Toby Keith, Chuck Cannon 4:42
6. Double Wide Paradise Paul Thorn, Billy Maddox 3:43 single, 1998
7. Yet Toby Keith, Chuck Cannon 4:18
8. She Ran Away with a Rodeo Clown Toby Keith 2:56
9. Strangers Again Toby Keith 3:25
10. I'm So Happy I Can't Stop Crying Sting 3:59 duët mei Sting; single, 1997
11. I Don't Understand My Girlfriend Toby Keith, Jim Femino 2:33

Singles en oare bysûnderheden

bewurkje seksje

De lieten We Were in Love, Dream Walkin', Double Wide Paradise en I'm So Happy I Can't Stop Crying waarden ek útbrocht as singles, We Were in Love en I'm So Happy I Can't Stop Crying yn 1997 en Dream Walkin’ en Double Wide Paradise yn 1998. We Were In Love en I'm So Happy I Can't Stop Crying berikten beide it twadde plak yn 'e Amerikaanske countryhitlisten; Dream Walkin’ helle it fyfde plak en Double Wide Paradise bleau stykjen op plak 40. Dêrmei wie it album Dream Walkin’ de earste cd fan Toby Keith dy't gjin nûmer 1-hits befette.

I'm So Happy I Can't Stop Crying waard oarspronklik opnommen troch de Britske rocksjonger Sting foar syn album Mercury Falling, dat ek yn 1997 útkaam. Sting brocht it nûmer ek as single út. Foar Dream Walkin’ waard in duët fan Sting mei Toby Keith opnommen. De resultearjende ferzje fan I'm So Happy I Can't Stop Crying is Sting syn iennichste liet mei in notearring yn de countryhitlisten.

It nûmer Jacky Don Tucker (Play by the Rules, Miss All the Fun) waard letter brûkt foar de soundtrack fan 'e film Broken Bridges, út 2006, dy't ek Toby Keith syn debút as akteur foarme. It wie ek te hearren op 'e soundtrack fan 'e film The Dukes of Hazzard: Hazzard in Hollywood!, út 2000. Fierders waard foar it nûmer Tired wol in fideoklip opnommen, hoewol't it net as single útbrocht waard.

Meiwurkjende muzikanten

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.