Earehôf Ypekolsgea
It Earehôf Ypekolsgea leit op it algemiene begraafplak fan it buorskip Ypekolsgea by Wâldsein yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Oant 2011 lei Ypecolsga yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It algemiene begraafplak leit oan de wei fan Snits nei De Lemmer. It earehôf bestiet út 10 stienen mei de nammen:
Namme | Funksje | Underdiel | Sq | Ferstoarn | Aldens |
---|---|---|---|---|---|
Edward Croal | Sturtskutter | R.A.A.F. | 44 Sq | 17-12-1942 | 27 |
Walter Edwin Davey | Piloat | R.A.F. | 149 Sq | 05-05-1943 | 21 |
Edward Henry Finch | Loftmachtsersjant | R.A.A.F. | 05-05-1943 | 23 | |
George John Charles Hall | Boardskutter | R.A.F. | 149 Sq | 05-05-1943 | |
Donald Richard Higgs | Radio-telegrafist/boardskutter | R.A.F. | 149 Sq | 05-05-1943 | 20 |
Charles Willis Eric Leach | Boardwurktúchkundige | R.A.F. | 149 Sq | 05-05-1943 | |
James Joseph O'Niell | Radio-operator/boardskutter | R.A.F. | 149 Sq | 05-05-1943 | 31 |
Thomas Cuthberth Timney | Navigator/bommerjochter | R.A.F. | 149 Sq | 05-05-1943 | 28 |
Richard Frederick Whitaker | Navigator/bommerjochter | R.A.F. | 149 Sq | 05-05-1943 | 35 |
Gordon Bowden Wilkinson | Waarnimmer/bommerjochter | R.A.F. | 44 Sq | 17-12-1942 |
Op 17 desimber 1942 waard in Lancaster bommesmiter, de ED 355 fan it 44 Squadron, yn de buert fan Ypecolsga (Waterloo) troch in Dútske nachtjager delsketten. Twa bemanningsleden waarden fûn en beïerdige op it tichbylizzende begraafplak fan Ypekolsgea. De resten fan de bommesmiter waarden yn 1951 by graafwurk fûn en ek de stoflike omskotten fan de rest fan de bemanning. Dy waarden dêrnei begroeven op it begraafplak yn de Jonkerbosk yn Gelderlân.
Op 5 maaie 1943 waard in Stirling Mk I, fan it 149e squadron, oanfallen en delsketten troch in nachtjager. It fleantúch stoarte twa kilometer besuden Hommerts del yn de buorskip Lippenwâlde. Alle acht bemanningsleden kamen dêrby om en waarden te hôf brocht yn Ypekolsgea.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Earehof Ypekolsgea fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|