Eastlike fjildmûs

De eastlike fjildmûs of eastlike lânmûs (wittenskiplike namme: Microtus mystacinus, syn. Microtus levis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e echte fjildmûzen (Microtus). Dizze soarte komt foar yn in grut diel fan East- en Noard-Jeropa. De eastlike fjildmûs liket sterk op 'e (gewoane) fjildmûs (Microtus arvalis), en waard foarhinne ta deselde soarte rekkene. Oare wittenskiplike nammen foar de eastlike fjildmûs binne Microtus rossiaemeridionalis en Microtus subarvalis. "Microtus mystacinus De Filippi, 1865" is mooglik in âlder synonym.

eastlike fjildmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai fjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus mystacinus
Miller, 1908
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     lânseigen ferspriedingsgebiet
     yntrodusearre troch de minske as eksoat

Fersprieding

bewurkje seksje

De eastlike fjildmûs komt op 'e Balkan foar yn Albaanje, Grikelân, Masedoanje, Kosovo, Servje, Bulgarije, Turkije en Roemeenje. Yn East-Jeropa hearre fierders Moldaavje, de Oekraïne, Wyt-Ruslân, it Baltikum en Ruslân ta syn ferspriedingsgebiet, wylst er yn Noard-Jeropa foarkomt yn súdlik Finlân. Bûten Jeropa libbet er ek yn Lyts-Aazje, westlik Transkaukaazje en noardwestlik Iraan. Op 'e Noarske eilannegroep Spitsbergen, yn it Noardpoalgebiet, is er oanwêzich as in fan 1920 ôf by fersin troch de minske yntrodusearre eksoat. De oanwêzigens fan it bistke dêre waard yn 1960 foar it earst opmurken. Yn Sibearje libje twa isolearre populaasjes: ien oan 'e bopperin fan 'e rivier de Jenisej en ien oan 'e súdwestlike igge fan 'e Baikalmar. It is ûndúdlik oft dat natuerlik foarkommende populaasjes binne, of oft dy ek troch de minske yntrodusearre binne.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De eastlike fjildmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 10½ -12¾ sm, mei in sturtlingte fan 3⅓-5¼ sm en in gewicht fan 25-46 g. Hy is dreech te ûnderskieden fan gewoane fjildmûs (Microtus arvalis). It ferskil sit him yn 'e geslachtsdielen, de siedsellen en it tal gromosomen. Teffens is de eastlike fjildmûs wat grutter as de measte ûndersoarten fan 'e fjildmûs.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Eastlike fjildmûzen binne benammen yn 'e skimerperioaden aktyf. It binne herbivoaren, dy't simmerdeis almeast blêden en stâlen frette, en by 't winter woartels. De peartiid duorret fan maart oant oktober. De wyfkes kinne jiers trije kear in nêst jongen krije.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.