Edgar Heap of Birds
Edgar Heap of Birds (Yndiaanske namme: Hachivi of Hock E Aye Vi; Wichita (Kansas), 22 novimber 1954) is in Amerikaansk tekener, keunstskilder, grafikus, byldhouwer, byldzjend keunstner en publisist fan Yndiaansk komôf. Syn bydragen oan 'e Amerikaanske keunst besteane út û.m. publike-boadskipkeunst, grutskalige tekenings, akrylskilderijen, grafyske printen en monumintale bûtendoarbyldhouwurken.
Edgar Heap of Birds | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Edgar Heap of Birds | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 22 novimber 1954 | |
berteplak | Wichita (Kansas) | |
etnisiteit | Súdlik Sjajinsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | tekener, keunstskilder, grafikus, byldhouwer, byldzjend keunstner | |
jierren aktyf | 1976 – no | |
offisjele webside | ||
heapofbirds.ou.edu |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeHeap of Birds waard yn 1954 berne yn Wichita, yn 'e Amerikaanske steat Kansas, dêr't syn heit yn 'e loftfeartyndustry wurke. Hy is in Súdlike Sjajinne en in lid fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma. Hy trochrûn de middelbere skoalle oan 'e East High School yn Wichita, dêr't er yn 1972 syn diploma helle. Neitiid learde er fierder oan 'e Haskell Indian School yn Lawrence en yn 1976 helle er in bachelorstitel yn 'e skiene keunsten oan 'e Universiteit fan Kansas, ek yn Lawrence, yn 1979 folge troch in masterstitel yn 'e skiene keunsten oan 'e Tyler School of Art fan 'e Temple Universiteit yn Philadelphia. Tuskentroch folge Heap of Birds yn 1976 en 1977 ek kolleezjes oan it Royal College of Art, yn 'e Britske haadstêd Londen.
Keunstnerskarriêre
bewurkje seksjeHeap of Bird syn keunst bestiet benammen út publike-boadskipkeunst, grutskalige tekenings, akrylskilderijen, grafyske printen en monumintale bûtendoarbyldhouwurken. Hy is it bekendst wurde troch syn mânske, polityk tinte en plakspesifike buorden (dy't lykje op oanplak- of oankundigingsbuorden).
Ien fan syn bekendste wurken is Building Minnesota, dat er yn 1990 oan 'e igge fan 'e rivier de Mississippy yn Minneapolis makke yn opdracht fan it Walker Art Center. It bestiet út fjirtich grutte, metalene buorden mei dêrop de nammen fan 'e foaroanmannen fan 'e Dakota-Yndianen dy't op 26 desimber 1862 yn Mankato tagelyk ophongen waarden yn 'e grutste massa-eksekúsje út 'e Amerikaanske skiednis. Dat barde as straf foar harren oandiel yn 'e saneamde Dakota-Oarloch fan 1862, dat eins mear in wanhopige rebûlje berne út hongersneed wie.
Yn Denver hat Heap of Birds fierders in 6,2 m grut bûtendoarbyldhouwurk makke by it Gio Ponti Gebou fan it Denver Art Museum. Dat bestiet út porsleinemalje op in konstruksje fan stiel, en is ynspirearre troch it tradisjonele Medisyntsjil fan it Bighornberchtme fan Wyoming.
Heap of Birds hat ek lesjûn as gastheechlearaar oan 'e Universiteit fan Yale, de Rhode Island School of Design en de Michaelis School of Fine Art fan 'e Universiteit fan Kaapstêd, yn Súd-Afrika. Oan 'e Universiteit fan Oklahoma, yn Norman, jout Heap of Birds les yn Yndiaanske stúdzjes en foarhinne ek yn 'e skiene keunsten. Hy hat troch de jierren ferskate prizen wûn en talages krigen, û.m. fan 'e National Endowment for the Arts, de Rockefeller Foundation, de Louis Comfort Tiffany Foundation, de Wallace Foundation, de Bonfil Stanton Foundation en de Pew Charitable Trusts. Yn 2008 waard him in earedoktoraat yn 'e skiene keunsten takend troch it Massachusetts College of Art and Design, yn Boston.
Publikaasjes en bydragen oan publikaasjes
bewurkje seksje- 1987 – Blasted Allegories, an Anthology of Artists Writings (blomlêzing)
- 1988 – Makers
- 1991 – The Myth of the Primitive (red. Susan Hiller)
- 1992 – Completing The Circle: Artists’ Books On The Environment
- 1999 – Visit Teepee Town, Native Writing After the Detours (red. Dianne Glancy en Mark Nowak)
- 2008 – Most Serene Republics: Edgar Heap of Birds (in útjefte fan it Nasjonaal Museum fan de Amerikaanske Yndiaan, red. Kathleen E. Ash-Milby, Truman Lowe en Edgar Heap of Birds)
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |