Edward (Eddie) F. Cline (Kenosha (Wiskonsin), 7 novimber 1892Hollywood, 22 maaie 1961) wie in Amerikaansk filmregisseur en akteur.

Edward F. Cline
Cline, maaie 1920
Cline, maaie 1920
persoanlike bysûnderheden
echte namme Edward Francis Cline
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 7 novimber 1892
berteplak Kenosha
stoarn 22 maaie 1961 (69 jier)
stjerplak Hollywood
wurkpaad
aktyf as filmregisseur, senarioskriuwer
offisjele webside
(in) Cline syn profyl yn de IMDb
Buster Keaton mei syn senarioskriuwers. Fierst rjochts Eddie Cline
Buster Keaton en Eddie Cline yn in advertinsje, 1920

Edward F. Cline wie ynearste toanielakteur. Yn 1914 hie er syn filmdebút mei de rol fan plysje yn The Knockout. Fan dat jier ôf oan wurke er ek as senarioskriuwer foar filmprodusint Mack Sennett (Keystone Studios). Yn dy syn studio assistearre er Charlie Chaplin by guon koarte films dy't dy dêr makke. Yn 1916 draaide er syn earste spylfilm. Hy regissearre yn totaal 167 films. Hy is fral bekend fan syn komeedzjes mei Buster Keaton en W.C. Fields. Yn 1951 makke er de telefyzjerige Life with Buster Keaton.

Filmografy (in kar)

bewurkje seksje