Edwert II fan Ingelân

(Trochferwiisd fan Edward II fan Ingelân)

Edwert II (Ingelsk: Edward II; Kastiel fan Caernarfon (Wales), 25 april 1284Kastiel fan Berkeley (Ingelân), 21 septimber 1327) wie kening fan Ingelân fan 1307 oant 1327. Hy wie in swakke bestjoerder, dy't in protte fan it keninklik gesach wer ferspile dat syn heit Edwert I ûnder syn eigen regear wûn hie. Edwert II urf in lân dat ekonomysk djip yn 'e ûnderwâl brocht wie troch syn heite militêre aventoeren, yn it bysûnder troch de slepende oarloch mei de Skotten. Mar ynstee dat er besocht regaad te meitsjen, wie Edwert II it grutste part fan syn regear dwaande mei binnenlânske yntriizjes en skelen mei de Ingelske adel. Uteinlik waard er yn 1327 finzen nommen en ôfset, en letter dat jiers nei alle gedachten út 'e wei romme. Der bestiet in oangeand debat ûnder histoarisy oer de fraach oft Edwert II no in loai en ynkompetint kening wie, of dat er in fierders tige talintfol man wie dy't lykwols foar it bestjoeren fan in lân no krekt folslein ûngeskikt wie.

Edwert II fan Ingelân
aadlik persoan en/of hearsker
Ofbylding fan Edwert II op syn eigen segel.
Ofbylding fan Edwert II op syn eigen segel.
nasjonaliteit Ingelsk
bertedatum 25 april 1284
berteplak Kastiel fan Caernarfon (Wales)
stjerdatum 21 septimber 1327
stjerplak Kastiel fan Berkeley (Ingelân)
dynasty Hûs Plantagenêt
etnisiteit Ingelsk
Aragoneesk
Flaamsk
Frânsk
Leöneesk
Normandysk
Oksitaansk
Portegeesk
Savoaisk
Skotsk
Spaansk
kening fan Ingelân
hartoch fan Akwitaanje
hear fan Ierlân
regear 13071327
foargonger Edwert I
opfolger Edwert III
greve fan Pontelân (Ponthieu)
regear 12901327
foargonger Eleönoara en Edwert I
opfolger Edwert III
prins fan Wales
regear 13011307
foargonger Llywelyn ap Gruffudd
opfolger Edwert (de Swarte Prins)

Edwert II waard yn 1284 berne op it Kastiel fan Caernarfon, yn noardlik Wales, as de soan fan kening Edwert I fan Ingelân en dy syn earste frou Eleönoara fan Kastylje. Syn berteplak wie nei alle gedachten mei soarch útsocht troch syn heit, dy't yn 1282-1283 Wales ferovere en foargoed by Ingelân foege hie. Dat er syn soan dêr berne wurde liet, wie om symboalysk dúdlik te meitsjen dat Wales no Ingelsk grûngebiet wie. Edwert II wie de fjirde soan fan syn âlden, nei twa jonkjes dy't mar fjouwer of fiif jier libben hiene en syn broer Alfûns, greve fan Chester, dy't yn 1284 mei alve jier stoar.

 
De kroaning fan Edwert II.

Fan 1300 ôf, doe't Edwert II sechstjin jier wie, beselskippe er syn heit op dy syn fjildtochten yn Skotlân, dêr't Ingelân fan 1296 ôf mei yn oarloch wie. Edwert I wie nammentlik wisberet om nei Wales ek Skotlân by Ingelân te foegjen, mar de Skotten wiene like wisberet om dat foar te kommen. Yn 1305 lieken de Ingelsen yn dizze Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch de oerwinning behelle te hawwen, doe't alle Skotske opstannelingen har oerjûn hiene en de ûnbûchsume frijheidsstrider William Wallace yn Londen terjochtsteld wie, mar yn 1306 lôge de opstân op 'e nij op, diskear ûnder lieding fan 'e ealman Robert fan Bruce, greve fan Carrick, dy't him dat jiers kroane liet ta kening Robert I fan Skotlân.

Begjin 1307 waard Edwert II by in swide seremoanje yn 'e Londenske Westminster Abbey riddere troch syn heit. Neitiid waard him it oerbefel oer de Ingelske troepen yn Skotlân jûn, mei't syn heit yn 'e minnichte rekke wie. Doe't troch de Ingelske nederlaach yn 'e Slach by Loudoun Hill dúdlik waard dat der ferlet wie syn eigen oanwêzigens, reizge Edwert I oan it begjin fan 'e simmer sels nei it noarden, mar beswiek op 7 july te Burgh by Sands, yn Kumberlân, in lyts eintsje besuden de Skotske grins, oan dysentery. Edwert II folge syn heit doe op as kening fan Ingelân, hartoch fan Akwitaanje en hear fan Ierlân, hoewol't de eigentlike kroaningsseremoanje pas op 25 febrewaris 1308 plakfûn.

Datselde jiers (1308) troude Edwert II mei Isabella fan Frankryk, de dochter fan 'e machtige Frânske kening Filips IV, as ûnderdiel fan in oanhâldend besykjen om 'e stadich oprinnende spannings tusken it Keninkryk Frankryk en it Keninkryk Ingelân te beswarren (dy't úteinlik yn 1337 liede soene ta it útbrekken fan 'e Hûndertjierrige Oarloch). Mei Isabella krige Edwert twa soannen, Edwert III en Jan fan Eltham, greve fan Cornwall, en twa dochters, Eleönoara fan Woodstock en Jehanna fan de Toer.

 
Edwert II (3e f. lofts) op jacht mei syn skoanheit Filips IV fan Frankryk.

Edwert ûnderhold in nauwe en kontroversjele relaasje mei de ealman Piers Gaveston, dy't him yn 1300 by de hofhâlding fan 'e doetiidske kroanprins jûn hie. Wat no krekt it aard fan harren bân wie, is ûnwis; se kinne inkeld goed befreone west hawwe, of bloedbruorren, mar it hat ek wol kâns dat se in homoseksuële ferhâlding hiene. Yn elts gefal makke Gaveston syn arrogânsje en de macht dy't er hie as de favoryt fan 'e kroanprins, him ta in geduerige stikel yn 'e foet foar de Ingelske adel, dy't druk útoefene op 'e kening om Gaveston fan it hof te ferwiderjen. Uteinlik joech Edwert I dêr yn 1307 oan ta en waard Gaveston ferballe. De direkte reden dêrfoar is ûnbekend, mar ien kronykskriuwer woe hawwe dat Edwert II der by syn heit op oanstien hie om Gaveston it greefskip Pontelân (Ponthieu) te jaan (yn noardlik Frankryk, dat fia Edwert II syn mem Eleönoara fan Kastylje yn 'e hannen fan it Ingelske keningshûs kommen wie), en dat de kening dêrop yn sa'n grutte grime ûntstutsen wie dat er syn soan grutte plôken hier út 'e holle skuord hie. Fan sa'n konfrontaasje is lykwols yn 'e offisjele hofannalen neat werom te finen.

 
Isabella fan Frankryk nimt har man Edwert II finzen.

Nei syn heite dea wie ien fan 'e earste dieden fan Edwert II as kening om Gaveston út ballingskip werom te roppen. Dêrnei ferhefte er him ta greve fan Cornwall en beävensearre er in foardielich houlik foar him mei Margareta fan Clare. Neitiid ûntstiene der al rillegau spannings mei de Ingelske adel oer de ynfloed dy't Gaveston op 'e kening hie. Yn 1308 liek it konflikt oplost te wêzen doe't Gaveston ûnder aadlike druk fuortpromovearre waard ta gûverneur fan Ierlân, mar yn 1309 rôp Edwert II him werom nei Ingelân.

Dêrop twong it Ingelske parlemint yn 1311 ûnder lieding fan Tomas fan Lancaster, greve fan Lancaster, Edwert om yn te stimmen mei de saneamde Ordinânsjes fan 1311, dy't grutte macht oan 'e adel joegen. De eallju brûkten dy nije macht om Gaveston út Ingelân te ferbaljen. Dêrop reägearre Edwert troch de Ordinânsjes yn te lûken en Gaveston op 'e nij werom te roppen. De eallju wiene dêr poerrazen oer en de kwestje rûn doe alhiel út 'e hân. Yn 1312 waard Gaveston troch de greven fan Arundel, Gloucester, Hereford en Warwick finzen nommen en ûnder de autoriteit fan Tomas fan Lancaster terjochtsteld.

 
In oerdutsen rinbrêge dy't yn it Kastiel fan Berkeley nei in sel ta liedt dêr't Edwert II finzen holden wêze soe.

Edwert II wie woest oer wat er as de moard op syn favoryt beskôge, en ferskate jierren lang balansearre Ingelân op 'e râne fan in boargeroarloch, mar Aymer fan Valence, greve fan Pembroke wist in fermoedsoening tewei te bringen, wêrby't er benammen de wyn yn 'e seilen krige troch de (foar de Ingelsen) oanboazjende sitewaasje yn Skotlân. Dêr waarden de Ingelske troepen nammentlik hieltyd fierder weromdreaun troch kening Robert I. Yn 1314 joech Edwert II yn eigen persoan lieding oan in troepemacht dy't it troch de Skotten belegere Kastiel fan Stirling ûntsette moast, mar yn 'e Slach by Bannockburn waard er troch Robert ferpletterjend ferslein. Hoewol't de oarloch mei de Skotten noch fjirtjin jier oanhâlde soe, wie de Slach by Bannockburn beslissend foar de útkomst. Doe't der nei dy nederlaach yn Ingelân rûnom hongersneed útbriek, ûntstie der almar mear krityk op it regear fan Edwert II.

Geandewei de jierren 1310 ûntjoegen de leden fan it Despenser-laach, en yn 't bysûnder Hugo Despenser de Jongere, har ta goede freonen en ynfloedrike riedslju fan 'e kening. Foar Lancaster en de oare eallju wie it in werhelling fan 'e foarfallen mei Piers Gaveston. Yn 1321 leine hja op eigen manneboet beslach op 'e lânerijen fan 'e Despensers en twongen se Edwert om dy famylje te ferbaljen. Fan gefolgen briek doe de Despenser-oarloch út, in koarte militêre kampanje wêrby't Edwert Lancaster fersloech, finzen naam eksekutearje liet. As gefolch fan dy oerwinning koene Edwert en de Despensers harren gryp op 'e macht konsolidearje, wêrby't se har fijannen terjochtstelle lieten en beslach leine op harren lânerijen. Om't er yn eigen lân te drok wie, tekene Edwert II yn dy snuorje in bestân foar ferskate jierren mei Robert I fan Skotlân, wat der eins op delkaam dat er de striid tsjin 'e Skotten oerjoech.

 
It grêf fan Edwert II yn 'e Katedraal fan Gloucester.

Lêste jierren en dea

bewurkje seksje

De opposysje tsjin it skrikbewâld fan 'e Despensers woeks lykwols oan, en doe't Edwert syn frou Isabella yn 1325 nei Frankryk ta stjoerde om te ûnderhanneljen oer in fredesferdrach nei de Oarloch fan Saint-Sardos, yn Akwitaanje, wegere se om noch werom te kommen. Ynstee sleat se in ferbûn mei Roger fan Mortimer, 1e greve fan March, in ealman dy't troch Edwert en de Despensers finzen nommen, mar letter út 'e Toer fan Londen ûntsnapt wie. Yn 1326 foelen Mortimer en Isabella tegearre Ingelân binnen oan it haad fan in lyts legerke dat nei de lâning al rillegau oanwoeks trochdat alderhanne malkontinten har derby oansleaten.

It rezjym fan Edwert II stoarte yn, en hy flechte nei Wales, dêr't er yn novimber 1326 finzen nommen waard. Yn jannewaris 1327 waard er twongen om ôfstân te dwaan fan 'e troan yn it foardiel fan syn fyftjinjierrige soan Edwert III. Dêrnei waard er finzen set op it Kastiel fan Berkeley, yn Ingelân, dêr't er acht moanne letter, op 21 septimber, kaam te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 43 jier. Histoarisy fermoedzje frij algemien dat Edwert II út 'e wei romme is, en binne yn mearderheid fan betinken dat Mortimer dêr de hân yn hie.

Foarâlden fan Edwert II fan Ingelân

bewurkje seksje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Hindrik II, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
8. Jan sûnder Lân, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Eleönoara, hartoginne fan Akwitaanje
 
 
 
 
 
 
 
4. Hindrik III, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. Aymer Taillefer, greve fan Angoulême
 
 
 
 
 
 
 
9. Isabella, grevinne fan Angoulême
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Alice, grevinne fan Courtenay
 
 
 
 
 
 
 
2. Edwert I, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Alfûns II, greve fan de Provâns
 
 
 
 
 
 
 
10. Ramon Berenguer IV, greve fan de Provâns
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. Garsenda, grevinne fan Sabran
 
 
 
 
 
 
 
5. Eleönoara, grevinne fan de Provâns
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Tomas I, greve fan Savoaye
 
 
 
 
 
 
 
11. Beätriks, grevinne fan Savoaye
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Margareta, grevinne fan Sjenêve
 
 
 
 
 
 
 
1. Edwert II, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Ferdinand II, kening fan Leön
 
 
 
 
 
 
 
12. Alfûns IX, kening fan Leön
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Urraka, prinsesse fan Portegal
 
 
 
 
 
 
 
6. Ferdinand III, kening fan Kastylje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. Alfûns VIII, kening fan Kastylje
 
 
 
 
 
 
 
13. Berengaria, prinsesse fan Kastylje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Eleönoara, prinsesse fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
3. Eleönoara, prinsesse fan Kastylje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Alberik II, greve fan Dammartin
 
 
 
 
 
 
 
14. Simon fan Dammartin, greve fan Aumale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Matilde, grevinne fan Clermont
 
 
 
 
 
 
 
7. Jehanna fan Dammartin, grevinne fan Pontelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Willem IV, greve fan Pontelân
 
 
 
 
 
 
 
15. Marije, grevinne fan Pontelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Adelheid, grevinne fan Vexin
 
 
 
 
 
 

Neiteam fan Edwert II fan Ingelân

bewurkje seksje
bern by Isabella fan Frankryk
namme berte ferstjerren opmerkings
Edwert III fan Ingelân 1312 1377 troude yn 1328 mei Filippa fan Henegouwen, mei wa't er 12 bern krige; folge syn heit yn 1327 op as kening fan Ingelân
Jan fan Eltham, greve fan Cornwall 1316 1336 troude nea en hie gjin bern
Eleönoara fan Woodstock 1318 1355 troude yn 1332 mei Reinoud II, greve (fanôf 1339 hartoch) fan Gelre, hie 2 soannen
Jehanna fan de Toer 1321 1362 troude yn 1328 mei David II, kening fan Skotlân; hie gjin bern
bern by in ûnbekende mêtresse
namme berte ferstjerren opmerkings
Adam FitzRoy ±1307 1322 beselskippe syn heit op dy syn Skotske kampanje fan 1322 en kaam koart tiid letter te ferstjerren

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side.