Elymas
Elymas, ek wol bekend as Bar-Jezus (Arameesk: Bar-Yeshua, soan fan Jezus, Latyn: Bariesu), wie in joadske tsjoender yn it gefolch fan 'e troch de Romeinske senaat beneamde steedhâlder fan Syprus, dy't yn it Nije Testamint yn 'e Hannelingen fan de Apostels 13:6-12 neamd wurdt.
De namme Elymas wurdt yn Hannelingen 13:8 de oersetting fan 'e namme Bar-Jezus neamd, alhoewol't de Grykske tekst ek sa begrepen wurde kin dat tsjoender de oersetting is fan 'e namme Elymas. Nei alle gedachten slacht de namme op in Semityske woartel, nammentlik of it Arabyske alim (wize) of it Arameeske haloma (útlizzer fan dreamen).
De apostelskiednis fan Lukas neamt him in Magos, d.w.s. tsjoender (oarspronklik in lienwurd út it Perzysk, dêr't Mager wize of leden fan in preesterstân betsjut, lykas bygelyks ek Mattéus 2:1).
Neffens it bibelske ferslach besocht Elymas de Romeinske prokonsul Sergius Paulus tsjin it boadskip dat Paulus fan Tarsus en Barnabas ferkundige te beynfloedzjen. De twa apostels wiene troch de steedhâlder nei Pafos roppen om him oer Jezus te fertellen. De apostel Paulus wurdt dêr foar it earst mei syn Romeinske namme neamd; it wie doe gewoan dat joaden ek in Grykske of Romeinske hiene en sûnt dy tiid joech Saulus of Paulus him hieltyd faker op mei net-joaden.
Fanwegen it wjerakseljen fan Elymas drige Paulus him mei in tydlike blinens as straffe fan God en fuortendaliks foel tsjusternis op him, sadat er oan 'e hân nommen wurde moast om him it paad te wizen. Iere fertolkers lykas Beda Venerabilis ferwiisden nei Paulus syn eigen ûnderfining mei blinens: it fertsjusterjen fan 'e eagen koe in ferljochting fan 'e geast befoarderje. Ek is in ferwizing nei de astrologyske praktiken fan 'e tsjoender Bar-Jezus mooglik.
Nei dat wûnder bekearde Sergius Paulus him ta it kristlik leauwe. Neitiid naam Jehannes Markus ôfskie fan Paulus en Barnabas om werom te gean nei Jeruzalem. Paulus en Barnabas reizgen dêrfoaroer fierder nei it plak, dêr't de famylje fan Sergius Paulus wenne, Antiochje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|