Føroyar
Færøer
Flagge fan Fêreu-eilannen Wapen fan Fêreu-eilannen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Fêreu-eilannen
Offisjele taal Fêreusk en Deensk
Haadstêd Tórshavn (Deensk: Thorshavn)
Steatsfoarm autonoom lân binnen it Deenske Keninkryk
Gebiet
% wetter
1.399 km²
0,5­%
Ynwenners (2013) 49.709
Munt Fêreuske kroan (DKK)
Tiidsône UTC +0
Lânkoade FO
Ynternet .fo
Tillefoan +298

De Fêreu-eilannen (Fêreusk: Føroyar [ˈfœɹjaɹ]?; Deensk: Færøer [ˈfɛːʀøʔəʀ]?) binne in eilannegroep yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan, tusken Skotlân, Noarwegen en Yslân yn. De eilannen foarmje in autonoom lân ûnder de Deenske Kroan, wat sizze wol dat se folslein selsbestjoerend binne, útsein op 'e mêden fan definsje en bûtenlânske saken, dy't noch altiten ûnder it foech fan it regear fan it memmelân Denemark falle. (It is in identike relaasje as dy't Nederlân hat mei Arûba, Kurasao en Sint-Marten.) Der wenje krapoan 50.000 minsken (2013) op 'e Fêreu-eilannen, en de haadstêd is Tórshavn (Deensk: Thorshavn). It Fêreusk, de nasjonale taal, is nauwer besibbe oan it Yslânsk en de Westnoarske dialekten as oan it Deensk.

It Tinganes, yn Tórshavn, de sit fan it Fêreuske regear.

De Fêreu-eilannen waarden fan de njoggende iuw ôf fal út Noarwegen wei kolonisearre. Yn de alfde iuw kamen de eilannen oan 'e Noarske kening. Doe't Noarwegen letter sels yn Deenske hannen foel, kamen de Fêreu-eilannen ek ûnder Deensk bestjoer. Dat is sa bleaun, ek nei't Noarwegen yn 1815 by Sweden kaam te hearren en yn 1905 selsstannich waard. Yn 1948 krigen de Fêreu-eilannen selsbestjoer. Hja hawwe der foar keazen om bûten de Jeropeeske Uny te bliuwen.

Der binne seekaarten út de sechstjinde en santjinde iuw mei de Fêreu-eilannen as ien grut eilân mei de namme Frislân, men hat noch gjin ferbân lizze kind mei de namme "Fryslân".

De heechste berch fan de eilannegroep is Slættaratindur mei 882 meter. Der binne 18 eilannen dêr't 17 fan bewenne binne. It grutste eilân, Streymoy, is mei in brêge ferbûn mei it op ien nei grutste eilân, Eysturoy.

 
Kaart fan 'e Fêreu-eilannen.

De 17 bewenne eilannen binne:

It achttjinde, ûnbewenne eilân is Lítla Dímun.

Der wenje likernôch 48.000 minsken op 'e ûnderskate eilannen. De measte minsken, sa'n 92%, komme fan 'e Fêreu-eilannen sels. Oare groepen binne Denen, Yslanners en Grienlanners. Noaren en Poalen binne der ek op 'e eilannen. Sa'n 44.000 minsken op de eilannen prate it Fêreusk, en de op ien nei grutste taal is it Deensk.

Fêreu-eilannen
 
 

BorðoyEysturoyFugloyHesturKalsoyKolturKunoyLítla DímunMykinesNólsoySandoySkúvoyStóra DímunStreymoySuðuroySvínoyVágarViðoy

  ·   ·  
Noardske Ried  
Lannen:
  Denemark  Finlân  Yslân  Noarwegen  Sweden
Autonome gebieten:
  Ålâneilannen  Fêreu-eilannen  Grienlân
  ·   ·